donderdag 19 november 2009

Utstalling...lit it dan mar!




Goeie minsken, dat is al wer fiersten te lang lyn...jimme hawwe gelyk...ik twitter dan wol mar ik soe likegoed in bloch skriuwe kinne yn dy tiid, dan mar wat koarter en in soad foto's en filmkes mei muzyk derby...ja dan komt it wol goed. Mar o..o..o...ooh...ooooooh...Much ado about nothing....sa soene je de útstalling oer myn persoantsje yn Tresoar wol it bêst omskriuwe kinne...mar bêst is it perfoarst net. Wat ik sjoen ha...is folslein amateurisme...sa meitsje je dochs gjin tentoanstelling...trije steande fitrine taffels, dy't, doe't ik der wie ek noch net yn'e Gysbert seal sels stienen, mar earne oars...der wie in lunsj oerlis...dan moat de seal leech. Lit my earst wat foarop stelle...ik bin net in solipsist...ik bin net it mulpunt fan it Universum...hoewol hear ik Knilless no sizzen...bin wurklik net sa gek op my sels...mar dit is net profy. Ach en ik wit wol, no kin je de bek wol wer stilhâlde en tinke...foar dy pear wiken..lit mar...mar dit docht my en myn wurk gjin rjocht...ik ha it se krekt ek al witte litten yn in mailtsje..se sjoche dus mar wat se der mei dogge...werom ha se my net by de opbou belutsen...der sit gjin inkeld systeem yn...wa't der yn'e buert is moat foar de aardichhyd mar efkes sjen...de ynfo dy't gewoan op Tresoar te finen is, is wol tûzen kear helderder en nijsgjirriger...miste kâns...fierders hâld ik der mar oer op oars wurd ik ek noch lilk en ik bin sa lekker oan it skilderjen...ik krij miskien wol in keunstagint...dy't saken foar my regelje sil, útstallings ensafh. al wer útstallings ja...mar dit giet dan benammen oer de kontakten tusken galery en keunstner...wil sille wol sjen wat dat allegearre opsmite sil. No minsken witte jimme ek wer hoe let is by my....Sito W. is krekt by my west mei in kamera om in nijjierswinsk fan ús ....de hûn en my fêst te lizzen....spontaan sei Sito noch en krige in koeke mei...in rôze koeke fan'e ALDI...nou totte kiekes meensen...en nei Tresoar...noch in moaie foto komt deroan hear. Wapperjende Katalaanske flagge...it is der mar ien dus..soe Sito W. sizze.

woensdag 21 oktober 2009

Dream ensafh.


Fannacht hie ik in nuvere, ja ik ek al, dream. Foar my wie der ekstra nuver, want hy gong oer kompjûters en ik seach dúdlik in byldskerm mei fan dy wite rûs of hoe neamst dat? Wyt gerûs? It skynt dat dat noch oerbliuwsels binne fan'e ferneamde Oerknal...the Big Bang...de stjerre Gangbang...ek wer in moaie titel foar in bondel...Stjerre Gang Bang...fierders komt my neat yn't sin, moat ik earlik sizze...as je no ek al yn je dreamen gjin byld hawwe, no hâld der dan mar mei op...ik sil sa wer te skilderjen...ús fanke leit neist my...it is wer rêstich yn hûs...gjin fotografen ensafh. om my en Nynke op'e foto te sjitten...stadich komme der allegearre nije wylde plannen yn my op...nije fersen...ferhalen...ik hâld jimm' op'e hichte...miskien wol in pear kear op in dei...no noch in fotootsje derby...en dat rymt! De foto is makke yn'e metro fan Moskou...de stasjons steane bekend om harren Stalinistyske byldegroepen en rykdom oan marmer...it moasten de paleizen fan it folk wêze. De reade tsaar...lês it boek fan Montefiore.

dinsdag 20 oktober 2009

Ik sil it nea leare.


Krekt by in boekeferkeap west yn'e MIKMAK of soksawat...in soart fan needferkeap...NEEDSLACHTING FAN BOEKEN....moaie titel foar in fers...fyftich eurosint...mar ik moat gjin boekensssssssss derby...se moatte júst fuort...de boeken komme út Schoorl....SKOORL dus foar de West-friezen....Skoorl...wie dêr net dy dúnbrân...moasten dêr net al dy minsken evakuearre wurde...ja dus...de boeken hawwe frijwat reekskade oprûn...but who cares...hookers...nee hear...ik kocht it boek..Een vriend voor de schemering...in roman fan Warren dy't net útjûn is yn'e fyftiger.. jierren, 1952 sels...koartsein in HOMOboek...no sa...en ek noch in boek mei de titel...Geograf globus propil...fan'e skriuwer Aleksej Ivanov...oersetting...de man die zijn wereld opdronk...ik bin benijd...en dan noch twa boeken, keunstboeken...in boek oer fotografy...mondaine foto's út Cannes en Biarritz ensafh. en ien oer de byldhouwer Henry Moore...dat sei syn frou ek altyd..dus ik sis it ek mar. Twa euro wie ik kwyt...it is fergees menear.
Juster wie ik by de iepening fan'e tentoanstelling fan myn ferstoarne freon Harmen Abma...einlings krijt de goeie man dan syn wolfertsjinne erkenning...mar wol dea dus...it klisjee fan in keunstnerslibben..godferdomme! Bin ek efkes oan it netwurkjen west...en ja dat wurket dochs...we sille wol sjen...no sil ik fierder te skilderjen..ik sit op it stuit beneden yn'e keamer oan'e kokenstafel...lekker waarm...ik meitsje dêr wol lytse wurkjes hear...op bierfiltsjes ensafh. No...meensen totte kiekes...myn dochter Femke komt sa foar in bakje tee...ik bin in hiel boargerlik mantsje...in biedermeier aapke...komt noch in foto.
De foto is makke yn Novgorod...de nijstêd...nije stêd dus...begjin maaie 2008...de temperatuer wie fan tweintich graden...sawat Stalingraden wurden...mei wiete snie...wat bin ik dochs in kreas keardeltsje fine jimm' ek net berntsjes?

maandag 19 oktober 2009

Krasnaja Plosjtsjad


Noch in foto fan it reade plein...de oare kant...neffens my de noardkant...mar ik kin mis wêze.

Goem.


Myn lêste fers op ensafh. einiget mei it warehûs Goem...dit is dat warehûs dus...op it reade plein...tsjinoer it Kremlin.

Hatsekidee.


Efkes koart freonen. Hjir bin ik wer. Ik bin wer in bytsje op ierde hear...mar it wie al wat. No gean ik mei de bealch derfoar...hurd...hurd wurkje...nije fersen meitsje, nije skilderijens ensafh. en muzyk...Corknorr ik kom der oan. Wat binn' my in soad fearren yn'e kont treaun...ik wie krekt in revue dûnseres. Skitterjende dei hân yn Gysbertplak Boalsert...ik seach eins allinne mar fleurige kopkes en gjin lilke hasses der tusken...moai sa. Ik sil noch in foto útsykje foar jim en dan lul ik dêr noch wat by...mar ik beloovje jimm' dat ik de boel byhâlde sil. Dit is dus in foto út Moskou...en dit is sa'n nijen rikenien...dy't in giga wein hierd hat...it wie sawat ien maaie en der wienen allegearre soldaten yn'e buert oan it oefenjen foar de parade op it reade plein. Ik hearde harren reaksjes...sy seagen dit keardeltsje ek fansels...se woene him wol dea skoppe of ophingje...skoppe hie dan better west...want der binne net in soad beammen te finen yn dy buert. No totte kiekes meensen.

zaterdag 12 september 2009

Fan alles en noch wat.


No dat is alwer in toarn lyn, fiersten te lang...ik wit it...mar ik moast fan alles en noch wat...dakkapel fervje...is dien...al myn muzyk en keunstboeken op folchoarder is allegearre klear...tredde dichtbondel nei de útjouwer stjoerd..Bornmeer...klear...nije skilderijen makke nei Corknilles west foar nije opnamen...ja ek yn it sikehûs...meikoarten te beharkjen...it dôve popke...is it net geweldich en doe fan'e wike...Jo ha de Gysbert JapikNeepikcxpriis wûn...waaaaaaaaat? wolle jo dat nochris sizze Jannewietske...of binn' jo in oar in imitator...Imitatione Christi...mei Thomas à Kempis yn in hoekske...no it die bliken dat it wis wis wier wie om mar ris yn bibeltaal te bleauwen en it is dus net te leauwen...noch hieltyd eins net...no gean ik nei de Champions League en skreau ik tenei mei Händel yn'e holle. Dy't no hiel tafallich op'e radio is...mar ja it is dan ek de BBC...en Händel hat...sa jimme net of wol witte yn Ingelân wurke foar de Kening George de twadde tocht ik...de tredde wie fierders gek en dus in stik nijsgjirriger...George the thurd hie de keutel by it skjinne ein...mar goed that's another story. It is prachtich fansels...wat in erkenning en wurdearring en ik kin dan ek net goed ûnder wurden bringe hoe wiis ik der mei bin...sil aanst noch in goed tankwurd skriuwe moatte...ik meitsje der mar wat stand up comedy fan dat binn' se dêr yn Boalsert net wend tinkt my. Mar minsken, efkes sûnder gekhyd...ik sil myn bêst dwaan om in koherint ferhaal ôf te stekken oer taal en minskelike tekoarten en de ynfloed fan Darwin op myn fersen en Laurel & Hardy net te ferjitten. No minsken...meensen ik sal eventsjes feddes met alles wat ik nog doën mut...totte kiekes. En noch in foto...voor Drs. P....Zachtjes snort de Samovar.

woensdag 26 augustus 2009

Daar bin ik weer. Dêr bin ik wer. Daar ben ik weer...sprak Lazarus opgewekt.


Gister in Sneek weest...bij Knilless is more...hewwer noggen un hiete kont fan...niet fan Cor mar fannet Indies eten dat we naar binnen werkt hewwe bij Villa Vila...Ouwe Koemerkt...één gerecht wadde écht skerp...Pedis salle we mar sêge...Daging Rendang...mar goëd...we hewwe gister mooie dingen deen foor oppet internet...mar fral de mesiek is goëd slaagd...Ut idee dat wij hewwe over mesiek komt wel aardeg overeen...daar komme we al út...we salle niet...krekt as innen bandsje mekaar de hasses inslaan...deuret dubbelen op ferskillende gelúdssporens kest echt fan alles...un bitsje musikaal weze is overegens nooit fut...de bases fan oans Moarnsliet...Sinne....Swit is boud op groate tertsen en kleine sexten en gromatiek op un strakke drumbasis...nou dan weute jimme ut wel...dit mooi is binnenkort wel te belústeren...for free...ya motherfuckers...ut is echt un mooie angeving fanne kant die we opgane wille...komt allemaal goëd...Sneek is okee...se hewwe der lekkere appeltaart en soft ies...los skreven fansels...en annere freterij....ut liekt mie meer lúkse oppe fierkante sentimeter as in Leewadden. Fandaag gane we ut dak weer op...de kapel mut skilderd wudde...nee ik bin niet katteliek...dakkapel miskien wat foor Sunteklaas foor onnerweg om te bidden. Ik hew eventsjes un tiedsje gien blog skreven...je mutte oek wat te skrieven hewwe...ôhniettan? mar ik hew wel fan alles deen hoor...mien heule bieb kattelogiseerd...alles op stroming en thema's en mien literatuur...mutte heul feul boekens fut hoor....alle poëzie bijmekaar en su meer...en dan bist toch un behoorleke tied bezeg en ut is nog niet klaar. Én hoe sú ik dat nou fergete kenne..bij mien mesiek hew ik ut selde deen...alles op groanelogiese folgorde...niet groanings...mar op tied dus... gewoan fan....Van Von Bingen...naar meerstemmig poalifoan...Minnesänger...Rinnesaanse...Barok...1e Weense Skoal...Romantiek...Neo en laat R. en 20e eeuw met fan alle ismen bijmekaar krekt as inne B.K. Nou meensen ik sal jimme niet su lang inne steek late hoor dis keer. Totte kiekes...prettege stofwisseling wênst allemaal fan jim Anne Feddema. Derbij nog un mooi fotootsje fannen éénsaam berkeboomke, nou fruit...tweu dan... anne Wolga...foto út Ruslan dus...oek inne buurt waar Tsjaikovsky sien kuiertochtens maakte...binnenkort oek te bekieken op mien skilderijens...as se weer tentoansteld wudde...mar ik fien ut heulemaal niet belangriek meer...ut sal mie wurst weze...oek al ferkoop ik nooit weer wat...meensen denke dat miskien wel...mar in ferhouding hew ik nooit feul ferkocht in krap 27 jaar...mar wat hadde ik graag al dat werk nogges de revue passere laten...wat hadde ik un soad fernietegd...over hoe en waarom...later inne memwares meer...Goeie.

vrijdag 7 augustus 2009

Wat hew ik útspookt allemaal?


Nou, jimme hewwe we mie un tiedsje misse mutten...su gaat dat nou ene keer...ik hew op ut dak sitten en daar hew ik behoorlek piene bealeg fan kregen..su hew ik mie ferhouden en su meer.
Ik must de boël skildere, ut houtwerk onner ut dak en ansiën wij tweu húzens naast mekaar hewwe iddat nog un behoorlek opperflak...gelukkeg isset wel één dak...ik bedoël recht optrokken anne achterkan...de rest inne buurt hetten un Sunterklaas dak, su as wij oek nog anne foorkan hewwe. Eerst mette ladder oppet lage dakje...daar de ladder optille en dan feddes ut hoge dak op...ik hadde mien dochter der mar eventsje bijfraagd...as je omflikkere dan idder in elks gefal één bij die 112 of su belle ken. De wúnsdags waddenet hatstikkene hiet en bin fergeemie toch ferbran op mien rug en behoorlek meensen...mar gistermorren bin ik froeg gaan...om hallef acht sat ik der al op...oppet dak! Mar ja je draaie en kere en ondanks de sportskoal...die ik overegens de laaste wekens niet feul besocht hew...fanwege mien atteljee ferhuzing en su meer...enner mut oek nog freten oppe tafel ôhniettan! Der wadde gien spier die niet stief wadde...behalleve de goeie dan fansellefs....mar goëd ut is nou klaar...nou de rest nog...ik hew mien blogje wel mist hoor...mar je mutte oek wat te fertellen hewwe fien ik. Ferline wike nei Grins west...dichters in de Prinsentuin...jimme witte faaks noch wol...optrede as...dichter...ik moat sizze, dat ik altyd de grutste bewûndering ha foar minsken fan de organisaasje...der ferskynt in kreas boekje mei gedichtens...dichters komme yn in hotel....Hotel Friesland...jawol hear...sil ik in fers oer skriuwe...en yn'e kunde kaam mei tige aardige minsken út binnen én bûtenlân. Fierders noch yn it nijs...de ôffaloven fan Harns...dêr't allegear keunstners foar frege binne om protest kenber te meitsjen op in eigen wize...útsein...ja...jimme riede it al...mar ik fertik it...ik sil der net sels efteroan...ek al fyn ik dat hiele gedoch mei de oven en ek oare projekten dy't je sa mar optwongen wurde, om't it goed wêze soe foar jo...alteast net ferkeard....mislik meitsjend.Juster in fraaie doku sjoen oer boer Kok, dy't mar warber is yn syn striid tsjin de oerheid en benammen in soart fan NSB plysje dêr't je fan tochten dat dy net mear bestiet. Ik setter noch efkes in foto by...en dan mar weer totte kiekes...mar no duorret it net sa lang....ik sal jim niet meer su lange wachte late...p.s sundag optrede in Appelska met Sido Martens en Melvin van Eldik...in ut open luchttheater...nou ja asset dan mar droog is nou?De foto is makke yn Moskou...in trolleybus....trolleytroika hier trolleytroika daar...ja je ziet ze veel dit jaar!

maandag 27 juli 2009

Ate doad.

Nou lees ik krekt dat Ate Atema overleden is...autohannelaar en autospuiter, ik konnem wel...fanút ut Oranje Bierhús fannen jaar of fieftien leden...daar sattie wel gau es op maandagavond...ik fon dattie as tweu druppels water op André Breton leek...de sellefbenoëmde kopman fannet Surrealisme...grapke fan mij tussendeur....Nederlan het maar één echte Suur realist had en dat wadde Paul Citroën...mar goëd...oppen stuit sag ik Ate nooit meer...bleek dattie kanker hadde...dat sal 1998...1999 weest hewwe. Ik saggem nogges inne LIDL en bije ALDI...niks meer over fan sien machteg bos golvend swart haar...miskien idder nog un kreaze foato fanne goeie man...kenne jimme de geliekenis nogges kieke. Nou goeie Ate!

Ut is wat allemaal.


A goeie meensen, eventsjes fut weest...oprúme...oprêde...wat un soad stof, ik wurd der gek fan...en al dat snot...waar komt ut fut...én niese...hahahahatsjoe.........splash...der leit oek nog heultied troep fanne kienders, jimme kanne dat wel....se súden ut ophale...mar ut blieft mar lêgen...mar nou hew ik der genoeg fan...alles gaat fut...grieze bakkens fol met soai. Feddes hew ik best un goëd humeur hoor en sal jimme niet tefeul lasteg falle met allerhanne klachtens en gebrekjes...hahahahatsjoe......Langsamerhan komme we der wel. Fannemorren al seuven doazens scoard bije Super de Boer, waarfan fier benanedoas..die binne ut sterkste. Nou ik hou jimme oppe hoogte fan alles en nog wat. Fan'e wike moat ik nei Grins optrede by ' Dichters in de Prinsentuin', www.dichtersindeprinsentuin.nl..dêr stiet alles op...sit der twa dagen...woansdei en tongersdei..se hawwe in hoteltsje regele...foar it earst fan myn libben yn in hotel yn Grins...oars wie myn hotel Van der Wal of it parkearplak by him foar. Ik hâld jimme op'e hichte...meensen totte kiekes! Hjir noch in foto fan in byld fan'e dichter Heinrich Heine yn Hamburg...dêr't je gek genôch net sa maklik Döner Kebaptinten fine kinne as yn oare Dútske plakken...en se binne lekker dy broadsjes...hmmm.

dinsdag 21 juli 2009

Hurde wyn yn Novgorod.

Hjir in russysk mantsje dat syn petsje fêsthâldt...it waaide in stoarm dy dei yn en om Novgorod. De ferneamde Ikoanestêd...dit is rjochting it âlde sintrum...mei de stêdsmuorren. It measte is troch de Dútsers yn pún sketten...mar de reade Ikoane skoalle fan Novgorod is der noch hieltyd. Ik hâld fan dit soart non foto's. It is samar in momint...och heden no begjin ik it praat fan Omrop Fryslân oer te nimmen. Dit is it momint fansels...samar mominten binn' der al genôch.

vrijdag 17 juli 2009

Mear affysjes.


Ik hâld fan reklame affysjes yn stêden...dit binne affysjes earne op in wand yn St.Petersburch rjochting fleanfjild. Se binne fan in boumerkt...Ribinskaja...links stiet Mogranyt Plitka en op'e middelste Plitonyt...in soart fan semint lyk as Knauff Gielbân ensafh. En ja ik kin it in bytsje lêze dat Syrillysk wat dus net sizze wol dat ik altyd wit wat it betsjut. Mar dêr ha je dan wer in wurdboek foar fansels.

donderdag 16 juli 2009

Mark Rothko.


In foto fan it affysje fan'e oersjochstentoanstelling fan Mark Rothko, ferline jier yn'e Hamburger Kunsthalle. Ik fyn dat wol moai...sa'n oranje baan yn sterk swart wyt. En dan te betinken dat de skilderijen himelske kleuren hawwe as oft je opnommen wurde yn it hielal. No ja soksawat.

Madonna

Yn Catalunya ha de Madonna's fan dy moaie kopkes...yn'e selde tiid...rûn 1400-1500 binne de Madonna's yn it Noarden in bytsje stivich...no is dat miskien net it goede wurd...mar har útstrieling is wol oars...de Madonna's fan Catalunya binne folkser...der sitte kopkes op...dyt'st ek tsjinkomme kinst yn'e bus of metro. Ach, dy oaren fyn ik ek wol moai hear...mar dan moatte je yn in oare stimming wêze en mear Noardliker...Tilman Riemenschneider ( 1460-1531) dat soart wurk.

woensdag 15 juli 2009

Kuifje yn Amearika. Tûfke op Skylge?

No ek noch ferslachjouwer...foar de Omrop ha ik in pear kear de mikrefoan yn hannen hân...ik fûn it mear as aardich. It leit my wol dy live reportaazjes. Nei it Oerol kaam ik wol wer wat yn in gat te sitten.
Sitst ynienen wer op dyn atteljee...dêr komme net faak fan dy koyboyfankes.

Russyske fersen en de dea.

Ha juster in nij fers skreaun...it giet oer de dea...it grutste part fan myn bondel...Eilân op ramkoers...giet oer de dea. Guon fersen ha faaks in komyske ûndertoan...mar geane wol oer de dea. Miskien wurd ik wol in krusing tusken Piet Paaltjes en Rainer Maria Rilke...Paul Celan en Drs. P...hoe krij je dat foar elkoar? Op dizze foto's it stjerbêd fan Tsjaikovski...jimme kinne de foto grutter krije troch der op te klikken. Tsjaikovski is ferstoarn nei dat hy wetter dronken hie dat besmet wie mei de Cholera...hat hy himsels te koart dien? Men seit dat hy homoseksueel wie en dêr net langer mei libje koe...wa wit it?
De earme man hat himelsk moaie muzyk makke. De opera Yevgeni Onegin...nei Poesjkin ja....is fan in ûnbedoarne skientme dy't net fan dizze ierde is.

maandag 13 juli 2009

Gjin byld mar in bêd of what ever.

De toffeltsjes steane noch foar it bêd...sa heart it in sjeny draacht toffels...de keunsthistorikus R. Hodel ( 19?-20? )
sinjalearre dit fenomeen al ris. Dit is it bêd fan in oar sjeny...Tsjaikovsky ( 1840-1893 )...yn dit hûs wenne hy it lêste jier fan syn libben, it leit yn it plak Klin, 85 km fan Moskou...hy skreau hjir û.o. de Nutekreaker. Sjoch ek de kessentsjes...is it net in leaf steapeltsje?

Poesjkin of Pushkin, that's the question.

Hjir hawwe we dan de meast ferneamde Russyske dichter. ( 1799-1837 ). Aleksandr Poesjkin ferstoarn nei dat hy slim ferwûn rekke wie yn in duel mei de Frânske diplomaat Georges d'Anthès. It duel gyng om...fansels...in frou...de frou fan Poesjkin. Yevgeni Onegin...in roman yn fersen...is miskien wol it meast bekend...ek dêr in duel...de haadpersoan fermoardet syn bêste freon en is fierders ek net echt gelokkich...sa giet dat yn Ruslân...ik soe sizze...alle reden en gryp nei de vodka...it sterke wetterke. Dit stânbyld stiet yn in parkje yn Moskou...de foto is naam ein april 2008...we kinne sels wat tulpkes ûntdekke.

zondag 12 juli 2009

Repin.

Hjir noch in foto fan it stânbyld fan Ilja Repin ( 1844-1930 ). Ien fan'e Ikoanen...ja...fan'e Russyske skilderkeunst...tegearre mei Isaak Levitan en fan wat eardere datum, de Ikoaneskilder Andrej Rublev.

De dea is rûnombywêzich.


Juster is Simon Vinkenoog ferstoarn. De dea hâldt stil foar elkenien..dat is wol wer dúdlik, ik hoopje dat ik hjoed noch efkes mei kin..hwent myn bondel is sawat klear. Noch in pear dinkjes op'e nij skriuwe en dan fan'e wike fuoart mei de hannel. Hjir it grêf fan in held fan'e revolúsje...de Russyske fansels.

donderdag 9 juli 2009

Lekker teedrinke út'e Samovar.


Ik hâld fan dit soarte plaatsjes...in skaadplaatsje...knipprint of wit ik it. Mar it is sa dudlik as wat. Twa popen drinke tee...út'e Samovar...en ien drinkt sa as it heart...fan it pântsje...ut skutteltsje dus.

Dostojevski.

Hjir noch in foto fan it grêf fan Dostojevski...hy leit dus yn St.Petersburch op it hôf fan de Alexander Nevski katedraal...hy net allinnich nammers...hy is in goed selskip. Tsjaikovsky...Borodin...Rubinstein...Rimsky-Korsakov neam se mar op...hiel wat grutte Russyske komponistens.

Sergej Eisenstein.

Noch in tige wichtige Russyske filmer hat Sergej Eisenstein west. U.o. de Pânserkruser Potjemkin...dy fan'e Aurora en de Revelúsje ja. Ek hat hy in film makke dy't Alexander Nevski hjit. Dizze stive ruter is dus Alexander Nevski, it stânbyld stiet oan'e kop fan de ferneamde Nevski prospekt of oan'e ein...dat wit ik nea sa krekt.

Andrej Rublev.


Dit tsjerkje stiet yn...ja minsken Ruslân...ferline jier ha wy in grutte reis makke dy kanten op. Dizze tsjerke komt ek foar yn'e film Andrej Rublev fan de ferneamde filmmakker Tarkovski.
Myn bondel ha ik hjoed gearstald no noch yn ien map sette en dan opstjoere nei Louw D. en spivs.
It is yn'e buert fan it Soezdal. Ik sil ek noch útein sette mei in hiel nusje Russyske fersen mar dat is foar...meikoarten...foar Ensafh. ensafh. Meensen totte kiekes. Noch efkes oer de stegers...in soad Russyske tsjerken en kleasters wurde opknappe om't de nije riken jild jouwe foar de needsaaklike ferbouwings. Dat sil no, yn tiiden fan kredytkrisis grif wer ophâlde.

woensdag 8 juli 2009

Gister is niet fandaag.

Feul sakens op sun blog mut ik nog lere, bef. ut feranneren fanne tied bovene stukjes...ik krij ut niet foormekaar...dat stukje nameleks fan Miró is op wúnsdag skreven...fandaag dus...mar op één of annere menier is ut bij gisteren beland. Ut sal mij benije of dat nou weer gebeurt met dit kleine stukje...dat ik eileks eventsjes ter proef skrief. Wat niet belet om te fertellen dat ik su krekt bije bakker weest hew. Lekker fers broad is toch wel heul lekker mut ik sêge..mar niet te betalen...gemiddeld tweu euro foor un broad...Hollaans geld su as mien skoanfader dat nog sei in 2002 en 2003 wel fl. 4,40. Ach inflasie alles is duurder...dat is wel su mar as ik wat meer frage sú foor mien skilderijens ferkoop ik niks meer...an annere kan...ut maakt niks út op dit stuit...want ik ferkoop nou oek niks dus. Tweu keer niks blieft...júst. Mar ut plesier wat je der fan hewwe...fannet maken is gelukkeg niet ferannerd. Ik fraag un werkbeurs an bij ut Fôns fanne Letterens én oek nog één bij ut Fôns fore Beeldende Kûnstens in Amsterdam...beide dus in Amsterdam...daar mutte je weze fore sentens en metten taksi derhene om se op te halen, as se dan un stukje omriede bist se geliek weer kwiet. Nou meensen totte kiekes.

dinsdag 7 juli 2009

Nuvere Miró.



Juster hie ik it oer Gaudi, hjoed oer Miró, net oer de Miro want dy hawwe wy hjirre, dat is in soart fan giga Albert Heijn. Ik ha in foto makke yn it Museu Nacional Arte Catalunya, dêr steane plankjes op, heraldyske plaatsjes, soksawat en de linker boppeste hat tekentsjes dy't sa fuortrûn lykje út in skilderij fan Miró. Tafal? Sjoch de bloch...sjoch de bloch fan juster. Oant asens minsken dan komt der mear. Earst ta myn dichtwurk.

Nuvere Gaudi.

Skulpen, rêchbonkjes, stientsjes fan alles brûkte de Catalaanske arsjitekt Gaudi as boarne fan ynspiraasje foar syn gebouwen... der binne plakken wêr't alles gearfalt en dat je tinke:' Dat hie allinne hjir mar kind'. It brûken fan in net oan te ûntkommen foarmetaal om't de omjouwing der sa fan trochkrongen is. Moarn wat oer midsieuwske plankjes....wapenskildsjes of sa en it wurk fan Miro.
No de boel opromje. En mei myn dichtbondel oan'e gong. Totte kiekes.

maandag 6 juli 2009

Oerol jild.


Efkes oer dat jild fan juster. No krij ik earst de helte...gfd...en dan as de VAR der is de rêst...sa wurket dat dus minsken...want ja se krije altyd kontrôle...jajaja...krekt by my fansels. No goed ik lis my der mar by del...gjin kâlde drokt oan'e holle. Nou totte kiekes meensen. Noch mar in rosbyffoto om sjen te litten wat ik der allegear fan fyn. De hoeke is in bytsje Munch wurden, alteast der is in skilderij fan him wêr't ien sa op stiet. Sûnder de rosbyf dus.
Dat wol.

Nuvere Wolk.

It liket wol de namme fan in yndiaan. ' Nuvere Wolk ', dizze seach ik dus ek yn Catalunya...dit soart wolkens komt ek foar op de iere skilderijen fan Goya, benammen op de ûntwerpen dy't er makke foar gobelins, better bekind as wandtapyt. Ik bin ek gek op wolkens. Wa is net gek op wolkens? Dy etearyske doarmjende sielen.

zondag 5 juli 2009

Trije skaadfoto's út it lân fan Luis Buñel en Salvador Dali.



Altyd wer dat gedoch!


Ja en dan komme jo thús nei in prachtige geweldige dei by Piter en Jeltsje yn Wiuwert en ja hear dan fine jo in mislikmeitsjende brief fan'e Omrop...freonlik groetsjend dat wol...oer in VAR ferklearring...in Variabele Arbeids Relatie..sa as dat sa moai hjit. It betsjut dus gewoan dat je bûten je by de Belêstingtsjinst bekende aktiviteiten noch oare nevenaktiviteiten hawwe...yn gewoane taal...ik bin keunstner of ZZP'er mar ik wurkje ek noch as gek op'e radio en dêr moat dus dan wer autorisearre tastimming foar komme. No kinne je dy formulierens downloade en ynfolje mar dan duorret it lykwols noch wol in wike of seis foar je dy dan wer yn hûs hawwe en foar je dan je sinten hawwe no sa. Ik sil se moarn belje...de Omrop.. en as it dan perfoarst moat dan stjoer ik dat formulier wol yn mar lit se dan earst myn jild stoarte...ik kin it wis wier net misse op it stuit en ik ha der myn abslute stjonkende bêst foar dien, dy wike op Oerol. Mar dit wurdt gjin lyksang hear...sa as ik krekt sei it wie juster in ' Giornata Particulara ', mar 18 km bûten de stêd, dy my sa no en dan oanfleant, yn it Paradys. Ik moat faker fuort, en dan net nei de kroech of sa, nee nei bûten, it lânlibben ropt. We ha lekker iten by Piter en Jeltsje...en we hawwe ek noch in blomkoal en ierappels fan eigen tún meikrigen...sille we moarn lekker opite. Op'e reis werom ha we noch efkes stoppe by Tsjerkebuorren, in grutte skande wat se dêr útfrette, se bouwe in urn-muorre op it hôf...in ferskrikking...sa'n tsjerkerie is it gewoanwei yn'e plasse slein. As befolking soe ik it net pikke en by need mei geweld, dat moat dan mar, de muorre ôfbrekke. It is skande. Nou meensen totte kiekes. Dochs noch mar in moaie foto earne yn'e Catalaanske bosk.

zaterdag 4 juli 2009

Ferhuzerij


Gisteren un enorreme ferhuzing had fan Cor Knilles van der Wal...su klinkt ut asof ie fan adel is en dat skeelt oek niet feul mut ik sêge want hij sitter koneklek su mooi hettie nog nooit woand en ik kennet weute want ik woande oek altieten bijem nou ja su nou en dan. Mar wat hewwe we switten om niet te sêgen bealegd...ik must al mien toch niet geringe krachtens bijsette...mar ik hew asma en de fochteghied inne lucht is foor un normaal meens al niet te harden laat staan foor mien arme longkjes...Longkjes Ajam liekt wel un Indisch gerecht...mar ik bedoël fansellefs gewoan kiepebusje.
Asens salle we eventsjes...nou eventsjes...naar Wiuwert...daar wurd ik bijsetten fannemiddag...oppet fietske derhene en terug dus niet...neu we gane naar Piter B en sien frou Jeltsje..wurdt fast leuk...efkes byprate ja dat wurdt dan yn it Frysk...Piter kin gjin Ljouwertsk...hy wurdearret it wol hear! no dan samar op it fytske en mar hoopje dat ik...en Inge en Nynke...ús bernehûntsje gjin dikke bui op'e bealch krije sille. Mar dat it waar in bytsje is as hjir op dizze foto dy't ik makke ha yn Spanje, no ja Catalunya dan...wêr? oan'e Costa Brava fansels...dit is tusken Blanes en it Sodom en Gonorroe...Lloret de Mar wêr't je hiele iensume strântsjes fine kinne. Nou meensen totte kiekes.

donderdag 25 juni 2009

Ontmoëting metten frou.


Kiek dit leuke Oerol wiefke kwam ik teugen inne dúnens...die lope daar innet wild ron...hewwer mar metnommen naar hús...goëd idee toch?

Iddit niet un Tsjechov Meeuw?


Un gekke foto...ferleden week frijdag nommen oppe boat fan Terskelling...na un week Omrop Fryslân en Oerol...feul licht en skittering...hou ik fan...is mien leven...nou ja...streef ik na dan.

Naar Velasquez.


Kiek hier un sellefportret maakt in Barcelona, oppet skiethús ja!
Mar deure lichtfal en deurpost en feguur...en wat foor feguur súden jimme denke kenne annet skilderij fan Velasquez...Las Meniñas deur Picasso oek heulemaal útwoand, inne ferrukkeleke serie skilderijens te bekieken innet Museu Picasso in...ja Barcelona en daar wadde ik krekt weest foore tiende keer en ut is alle kerens anners...nou oek weer...eindeleks oversichtelek...niet meer tefeul. Totte kiekes meensen.

woensdag 24 juni 2009

Anne Rosbief Junior

Wat mut je doën?

Ik hew leerd om niks meer te ferwachten...dan hewwe je alles. Ik gooi oek altieten fier, fijf hengelkes út...fang ik meestal wel wat. Mar waar fis ik dan op...komplimentens? eer?...ut sal mie allemaal wurst weze...dat looft gien één fansellefs..mar toch is ut su. Ut is de donkere kant fan mie sellef mar ik relateer bijna alles anne doad...toefalleg krekt wat innet nijs...ja de doad is om jou hene. Win ik gien pries...nou je hadden oek doad weze kennen....gien geld...nou júst...wat maakt ut allemaal út. Gelukkeg is ut oek weer niet sun spultjse dat ik angstfalleg oppe bank sitten blief...neu ik ram mie gek oppe sportskoal fannemorren oek weer...ik daag de doad dan út...de kest sumar un hartstilstan krije oppe lopende ban...fijn idee fien ik. Ik hew gisteren un gekke foto maakt..ut beeld het overeenkomsten metten werk fan Munch....de skreeuw?...niet echt...mar toch...binnenkort sal ik alle foto's die ik leuk fien derbij sette...mar ik muttat nog lere...ut kabeltsje hew ik al loof ik enne foto's oek nou de rest nog. Mar we werke deran...komt allemaal goëd.

maandag 22 juni 2009

Aksie en reaksie

Su meensen daar bin ik weer...ut heule weekend bijkommen...ja pake wurdt ek âlder hear!
Krekt un stuk instuurd nare L.C. en daarin mien kant es hore laten fan dat doadskiste gedoe op Terskelling...doadmoëd wudde je derfan. As se em plaatse leze jimme ut wel en anners plaats ik emsellef wel...as ik weut hoe dat mut...ja technies mut ik nog wel wat knopkes kennen lere. Ik hew oek nog wat skilderijkes make kennen en daar gaan ik nou gewoan met deur. Gisteren bin ik inne sportskoal weest en dat het mie best befallen...ut swit wadde weer ouwerwets sout en ik bin opsouten updated weer naar hús gaan. Wat un week...meensen en wat wadde ik moëd ut heule weekend ferdoofd mar nou bin ik der weer hoor. Kom asens nog wel eventsjes terug.

vrijdag 19 juni 2009

Nou foor ut laast op mien eigen Nova Zembla

Fandaag foor ut laast op Terskelling...ut weer liekt niet su mooi...dus we gane weer naar hús...anners hadde ik wel swommen mar helaas...ik hew nooit un diploma haald en ik kiek oek wel út om swemles te nimmen meensen...je weute mar nooit teugenwoordeg. Ik sal fanne middag nog eventsjes los...se mutte hurren mar klaar make hoor. Nou meensen totte kiekes.

donderdag 18 juni 2009

Ut sitter bijna op meensen.

Krekt un heerleke kollum de lucht inslingerd...ut mut oek mar lukke mettie tekstens fansellefs.
Gelukkeg sit ik niet gauw sunder inspiraasie. Mar toch mut ut grappeg weze en dat lukt niet altieten dat hest met live rippetaasjes. Folnde week is alles weer gewoan dan ken ik de weblog weer alle dagens bijhouwe en dan gaan ik oek weer op twitter. Heule ferhalens sal ik der dan weer opslingere. Kritiese annelieses geve en su meer wat jimme fan mie wend binne. Nou meensen totte kiekes.

dinsdag 16 juni 2009

Eventsjes flug.

Ik gaan su foor un tv opname fut...nou dan kieke, sjoche jimme it wol. De hiele dei op paad west mei de radio...ik fyn dat we moaie radio makke hawwe. Jimme Feddema is yn syn elemint

maandag 15 juni 2009

Eventsjes un blogje fan Oerol.

Nou beste meensen eventsjes un berichje fannet Oerol...mien eerste typkes bin al te horen weest en docht ik un redelek sukses...toch is ut hard bealege dat ken ik jimme wel fertelle..ut mut allemaal maar gebeure...en oek nog oppen annere kompjoeter werke...nou ut is wat...morren fertel ik wel meer en dan oek wat grappege sakens...liekt mie al leuk...we hewwe ut hier goed fan eten en drinken...ut ferfelende is dat ik op dit toetsebord gien aksent tekentsjes sette ken su as ik wil..alles sit weer annersom...mar we salle ut uutfiene. Nou totte kiekes meensen.

zondag 14 juni 2009

Oerol thús...Odol krús.

Jodeloerol...aanst gean ik fuort...wurd ophelle mei de wein...ik moat mar ris sjen oft ik it bloch wat byhâlde kin neist alle oare saken dy't ik dêr dwaan moat.It sil my benije. Under it twangjok fan prestaasje bin ik oer it generaal wol op myn bêst...nou nou nou Feddema...wat wol ik eins? Haw in soad opskreaun...typkes dy't deistich foarby komme ensafuorthinne. Petearkes mei fingearre persoanen...besprekken fan teater foarstellings dy't der net binne...No soks...it mut ek in wille wike wurde...trije W's...oft ik echte live foarstellings sjen sil hinget der noch fan ôf...altyd wol ien of sa...minsken fan'e Omrop kinne ek net sa mar in en útrinne ha ik begrepen...dy moatte ek betelje...en jild ha ik no júst net op it stuit...ja...28 jier keunster en noch net frij fan soargen. Wat in gelul no...mar it is wol wier...stoart no in bedrach fan...op giro rekken nûmer...meitsje myn ferbliuw op it eilân ta in hichtepunt yn myn libben...heger as in dún...no ik sil der wat fan meitsje freonen...nou meensen totte kiekes.

zaterdag 13 juni 2009

Wat ik allemaal doën mut...metnimme en su meer.

Wat mut ik allemaal metnimme...ut wudde un peer drukke dagens...ik bin meer motifeerd as anners...der wurdt mar weer fan alles inne wereld brocht...meestal laat ik ut mar blauw blauw...of wurdt ut sellef...ut smurfen hew ik útfonnen hoor!, mar as ik de gelegenhied krij om wat fan mie hore te laten...sal ik dat niet nalate. Waar hewwenet over...over de doadskist, enne reaksie fan Joop M.. mette kist sú ik over ut eilan fietse, en diepsinnege ripportaasjes make, as onnerdeel fan ut Omrop Fryslân gedeulte radio/tv...ik sú der overegens helemaal niet 'grappig' doën su as suggereerd...bin ik wel fansellefs...mar ut hoeft niet...mar gien grappens overe doad make magge op hemsellef is belachelek en daar is ut laatste woordsje oek nog niet over seid...want dat hette doad! Tot asens meensen...nou eerst tannebussel en su meer alfast klaarlêge...ik pak altieten un dag of su fan te foren in...op afsprakens bin ik welles un dag eerder..jimme begriepe mie wel...neu...ja...nou pech had dan.

vrijdag 12 juni 2009

Allemaal theater. Allegearre teater kluchten en merakels.

Ik sil flink los op Skylge...no wat is dêr dan...witte jimme dat noch net! It Oerol festival fansels...en ik sil dêr hinne...jimme Kuifje...Tûfke...op it eilân fanne teater kannibalens...ja hear dy s moat ek mar yn it Frysk wat mear yntrodusearre wurde. Ik kom foar de radio en sil ek filmkes meitsje...te besjen op it ynternet as it goed is. Ik ha de maskers dy't ik haw opsocht en ik sil it mom foardwaan en fan my ôfsmite...sa is dat...ik sil ek stikelich wurde en in soad typkes ynfiere. No jimme moatte de hiele takommende wike mar harkje nei Omrop Fryslân. Ik sil dan om healwei fjouweren live te hearren wêze en earder al tuskentroch mei Grouwe Douwe..it kin ek wêze dat hy net mear sa grou is...dat wit ik net...Dit is Douwe Heeringa dus. De útstjoering fan'e omrop begjint lykwols om healwei twaen. Ik sil noch mear fan my hearre litte.

donderdag 11 juni 2009

Krekt fanne sportskoal.

Su eerst eventsjes wat annet switten weest...ut is fochteg weer, foor mien longens niet su goëd, ik hew asma dus...bitsje rusteg an. Ferleden jaar desember en begin jannewarie dit jaar hew ik ut echt heul beroerd had. Fooral in desember docht ik...as dat su de rest fan mien leven blieft dan hoeft ut foor mij niet meer...serieus de doadsgedachte wadde heul dicht bij..ik wadder ferbaasd over. Gek genoeg werkte ik wel as un idioat an mien skilderijens...ik sat beneden anne keukentafel en feegde en feegde...en ontdekte...su as Picasso sei...en wat hettie niet seid allemaal....'Ik zoek niet...ik vind'.
Ut is un nuver proses dat skilderen...forrem en inhoud mutte syngroan lope...bij mij is dat gelaagdhied fanne gedachte en gefoël...fertaald in kleur...mar dat mut dan weer...fooral in groate skilderijens weer geliek lope mette moteriek en beweging...follege jimme mie nog. Lêg dat soart sakens nog welles wat beter út. Tiedens dat werken fergat ik mien benauwdhied un bitsje, dat kwam oek omdat ik gek genoeg rusteger ademen ging. De kest dus bealege...lichamelek en geestelek en toch rusteger wudde. Is ut niet geweldeg. Asens kom ik weer terug...eerst nog fan alles doën en mie fansellefs oek nog were op Twitter.

woensdag 10 juni 2009

Foto shoot.

Der kwam gister un enorreme leuke jonge foatograaf bij mie oppet atteljee...folns mij hetter nog nooit één sufeul foto's fan mie nommen en ik bin toch redelek faak oppe gefoëlege plaat gaan mut ik sêge. Hij hadde oek interesse in skilderijens en in kookkûnst mut wel goëd komme mettie boy.
Mar waar binne se eileks foor? foor de AFÛK hew ik begrepen en Sito Wijngaarden sal de tekst derbij skrieve komt mie fandaag of morren...is logieser wel onnere ogens.
Feddes wil ik heule deselate éénsame skilderijkes make...un heule serie...oooh...kon ik al mien werrek dat ik maakt hew en inne omloop is mar terugkrije...wat sú ik un soad fernietege...mar su gaat ut niet. Je make dingens en daar sit...as ut goëd is...un ontwikkeling in en su nou en dan wil één ut hewwe en daar was ik en bin ik dan oek heul blied met...daar niet fan...mar ut gaat om wat anners...as ik úteindeleks fut bin...doad ja...mutter niet tefeul werk fan mie overblieve fien ik...ut beste is bij wieze fan spreken nog niet goëd genoeg. Ooh ja...kom nog terug op alle musea en anferwante ellende.

Al dat gedoe.

Su... ik sallet inne loop fanne dag oek es hewwe over sakens die mie dwers sitte innet lief...bef. over ut Fries Museum en su meer...sun blog is oek un soart fan psiegieater fien ik...ut gekke is dat as je der wat over skreven hewwe, je ut kwiet binne en datte wrokkeghied die derbij hoort oek wel fut is...errens over prate is miskien beter...mar persoanens en instaansies die ut angaan...want ik bin niet te beroerd om één of meerderen direkt an te spreken...binne heul goëd innet omseilen en bedriegen...sêg mar annet lientsje houwen...oppen stuit is ut fansellefs gebeurd en dan krije je faak dikke ruzie...sal ut wel útlêge allemaal. Tot asens.

dinsdag 9 juni 2009

By de apel ûnderop...lekker swietie.

De Tarte Tatin is der redelek goëd útkommen hewwer nou poeiersúker over strooid...wurdt weer smikkele en smulle. Ik hoor de heule tied foegeltsjes...jonkies innen foegelhúske bij oans anne muur
de ouders fliege af en an met foedsel. Ik wú dat ik su bediënd wudde...allemaal besorreg brommerkes die mettet lekkerste fannet lekkerste naar mien warme nesje, út alle wienstrekens, komme.

Nog even lekker frete dan...filesofe skutteltsje.

Ik mutter overegens wel met oppasse dat nou niet alles innet Leewaddes skreven wurdt...hoewel Henk van der Veer mie der teoreties wel foor túte ken denk ik. Ik wil oek Frysk en Nederlaans skrieve. Der mutte gedichtens in, reseptens...fisie oppet één en tweu anner...jimme begriepe ut wel...De aventurens fanne kleine prîns Fourree enne Tractatus Logico-Philosophicus mongen met correspondênsie en senario's...ja ut is wat nou. Totte kiekes...hew un lekkere appeltaart bakken...meer un Tarte Tatin...omkeerde appels metten lekker beslag derover fan bloem...room...whiskey...eiers...súker en fenielje...gaater fast wel in asens...feddes ovenskuttel fan puree en gehak met broccoli met kees derover. Koalhydratus foreverus.

Un nije dag, seikie pseiko seikie.

Hallo beste meensen, hier dan un blog. Ut regent en ut is mar wàt gries. Hewwer nog al over nadocht in wat foor forrem ik die blog of dat ( die meisje hij is leuk ) giëte sal...miskien mut ik em mar un antal kerens per dag ferfesse. En wat mutter allemaal inkomme te staan. In prinsiepe alles en nog wat. Over ut leven enne doad...wat ik su al metmaakt hew en wat ik metmake sal? Fannemorren komt der un fotograaf? of grafe..as ut temînsten ut stemke wadde wat ik gister fore tillefoan hadde. Asens eerst mar es te boadskappen want jimme begriepe ut wel..der mut oek fandaag weer eten wudde. En eventsje un peer uurkes skildere. Ja de murens en plefon. Oek weer un sunaamd femieliedrama...ik wurd niet goëd fan die ( meestal ) kerels die su onfoorstelbaar egoisties binne dat se iedereen mar metnimme. Ik sal niet sêge dat dit nij is...miskien kwammet froeger niet inne kran...of anners...ik meen mie te herinneren dat se der eertieds in België anners oek wel wat met konnen...su fan Waalse mijnwerker moordt gezin uit...sal der es wat over leze...miskien hew ik der nog wat an oppet Oerol festival...dat toch één groate gesellege femielie is...ôhniettan.

maandag 8 juni 2009

Snijboantsjes

Nou dat hoort oek bij un blog...eventsjes kwiet wat we eten hewwe...de kleine meid wadde der oek te eten...snijboantsjes...draaid deuren moalentsje...fan mien ouwelui metkregen...je kenne se oek oppe han snije...mar ik hou er fan as se su fien binne...niet fannet geloof dan. Eerpeltsje derbij en un stukje kiepfilé...morren maak ik wat apats...kappesieners met Bulgaarse, Turkse of Griekse joggert...mut gehak in en korianner derover wat keneel, knoflook en pitabroadsjes derbij...en nog siepel en prei en pienboompittens..ken ik weer sketens late totte horison meensen. Totte etes.

Fan alles wat meensen.

Nou ken ik dus los...dit is un haastklus...mar ik kom weer en dan folge heule ferhalens...dat sfeer ik jimme...eerst nog eventsjes ut blog bij Bornmeer netsjes afhannele. Spannend allemaal...krekt oek wat erregs gebeurd...un werk fan Gerrit Benner in liest flikkert su fanne kast...krekt inliesten ferleden week frijdag...toedeledoki...ut is mar un ding sei de frou...nou ja sêg...al dat glas...watten lewaai...ongelooflek. Nou meensen..nogges totte kiekes. De eerlekhied gebiedt mie nog te fetellen dat ik fansellefs suwat deuret lint ging...ik floekte de boël behoorlek bijmekaar...mar der wudde oek wel heul lakkeniek op rejegeerd...ut binne wel altieten mien spullens die der angaan. Su is ut leven...mar weer rusteg feddes ademe. Onnertussen un antal uurkes later idde boashied alweer wat sakt...mut oek wel...sun blog is overegens heul goëd as direkte útlaatklep...kester mar teugenan ouwehoere.

En ik gaan mar deur ouwe seur.

Dit binne dus de eerste regels fan mien blog...we salle kieke hoe dit gaat...meensen totte kiekes.
En der is oek al un reaktie binnenkommen...we hewwe ùn beller! de kest overegens oek aardeg anti chronere addat bestaat...je foëge mar toe later of eerder. Ik foël wel dat dit mien wereldsje is. Ik wil oek persoanleke dingen kwiet...ut sú wat meer un dagboek wudde mutte...geheim is ut dan niet fansellefs...mar ja...ik ken meensen die der infoorkomme altieten nog pseudoniemens geve en su meer...of ik swets sellef de heule boël bijmekaar. We salle ut kieke...siën sellefs.
Feddes weer lezen innet boek over Stalin...de dichter..dit is un stukje fannen gedicht fannem.
Hij skreef se innet Georgies.

Door dit land zwierf hij,
als een geest van deur tot deur.
De hand geklemd om zijn luit
die hij zoet deed zingen.

In zijn dromende deuntjes
voelde je als stralen van de zon
onversneden waarheid
en hemelse liefde dringen.

En dat wurdt dan sun ongelooflek beest later. Hij hadde las ik, trouwens onnergúd dat heul moeilek skoan te krijen wadde...aldus un húshoudhullep fan meensen waarie tiedelek lesjeerde in Wenen in 1913 en daar liep Hitler oek altieten inne buurt innet park en...Wittgenstein...nou soek ut mar út.