woensdag 21 oktober 2009

Dream ensafh.


Fannacht hie ik in nuvere, ja ik ek al, dream. Foar my wie der ekstra nuver, want hy gong oer kompjûters en ik seach dúdlik in byldskerm mei fan dy wite rûs of hoe neamst dat? Wyt gerûs? It skynt dat dat noch oerbliuwsels binne fan'e ferneamde Oerknal...the Big Bang...de stjerre Gangbang...ek wer in moaie titel foar in bondel...Stjerre Gang Bang...fierders komt my neat yn't sin, moat ik earlik sizze...as je no ek al yn je dreamen gjin byld hawwe, no hâld der dan mar mei op...ik sil sa wer te skilderjen...ús fanke leit neist my...it is wer rêstich yn hûs...gjin fotografen ensafh. om my en Nynke op'e foto te sjitten...stadich komme der allegearre nije wylde plannen yn my op...nije fersen...ferhalen...ik hâld jimm' op'e hichte...miskien wol in pear kear op in dei...no noch in fotootsje derby...en dat rymt! De foto is makke yn'e metro fan Moskou...de stasjons steane bekend om harren Stalinistyske byldegroepen en rykdom oan marmer...it moasten de paleizen fan it folk wêze. De reade tsaar...lês it boek fan Montefiore.

dinsdag 20 oktober 2009

Ik sil it nea leare.


Krekt by in boekeferkeap west yn'e MIKMAK of soksawat...in soart fan needferkeap...NEEDSLACHTING FAN BOEKEN....moaie titel foar in fers...fyftich eurosint...mar ik moat gjin boekensssssssss derby...se moatte júst fuort...de boeken komme út Schoorl....SKOORL dus foar de West-friezen....Skoorl...wie dêr net dy dúnbrân...moasten dêr net al dy minsken evakuearre wurde...ja dus...de boeken hawwe frijwat reekskade oprûn...but who cares...hookers...nee hear...ik kocht it boek..Een vriend voor de schemering...in roman fan Warren dy't net útjûn is yn'e fyftiger.. jierren, 1952 sels...koartsein in HOMOboek...no sa...en ek noch in boek mei de titel...Geograf globus propil...fan'e skriuwer Aleksej Ivanov...oersetting...de man die zijn wereld opdronk...ik bin benijd...en dan noch twa boeken, keunstboeken...in boek oer fotografy...mondaine foto's út Cannes en Biarritz ensafh. en ien oer de byldhouwer Henry Moore...dat sei syn frou ek altyd..dus ik sis it ek mar. Twa euro wie ik kwyt...it is fergees menear.
Juster wie ik by de iepening fan'e tentoanstelling fan myn ferstoarne freon Harmen Abma...einlings krijt de goeie man dan syn wolfertsjinne erkenning...mar wol dea dus...it klisjee fan in keunstnerslibben..godferdomme! Bin ek efkes oan it netwurkjen west...en ja dat wurket dochs...we sille wol sjen...no sil ik fierder te skilderjen..ik sit op it stuit beneden yn'e keamer oan'e kokenstafel...lekker waarm...ik meitsje dêr wol lytse wurkjes hear...op bierfiltsjes ensafh. No...meensen totte kiekes...myn dochter Femke komt sa foar in bakje tee...ik bin in hiel boargerlik mantsje...in biedermeier aapke...komt noch in foto.
De foto is makke yn Novgorod...de nijstêd...nije stêd dus...begjin maaie 2008...de temperatuer wie fan tweintich graden...sawat Stalingraden wurden...mei wiete snie...wat bin ik dochs in kreas keardeltsje fine jimm' ek net berntsjes?

maandag 19 oktober 2009

Krasnaja Plosjtsjad


Noch in foto fan it reade plein...de oare kant...neffens my de noardkant...mar ik kin mis wêze.

Goem.


Myn lêste fers op ensafh. einiget mei it warehûs Goem...dit is dat warehûs dus...op it reade plein...tsjinoer it Kremlin.

Hatsekidee.


Efkes koart freonen. Hjir bin ik wer. Ik bin wer in bytsje op ierde hear...mar it wie al wat. No gean ik mei de bealch derfoar...hurd...hurd wurkje...nije fersen meitsje, nije skilderijens ensafh. en muzyk...Corknorr ik kom der oan. Wat binn' my in soad fearren yn'e kont treaun...ik wie krekt in revue dûnseres. Skitterjende dei hân yn Gysbertplak Boalsert...ik seach eins allinne mar fleurige kopkes en gjin lilke hasses der tusken...moai sa. Ik sil noch in foto útsykje foar jim en dan lul ik dêr noch wat by...mar ik beloovje jimm' dat ik de boel byhâlde sil. Dit is dus in foto út Moskou...en dit is sa'n nijen rikenien...dy't in giga wein hierd hat...it wie sawat ien maaie en der wienen allegearre soldaten yn'e buert oan it oefenjen foar de parade op it reade plein. Ik hearde harren reaksjes...sy seagen dit keardeltsje ek fansels...se woene him wol dea skoppe of ophingje...skoppe hie dan better west...want der binne net in soad beammen te finen yn dy buert. No totte kiekes meensen.