maandag 27 juli 2009

Ate doad.

Nou lees ik krekt dat Ate Atema overleden is...autohannelaar en autospuiter, ik konnem wel...fanút ut Oranje Bierhús fannen jaar of fieftien leden...daar sattie wel gau es op maandagavond...ik fon dattie as tweu druppels water op André Breton leek...de sellefbenoëmde kopman fannet Surrealisme...grapke fan mij tussendeur....Nederlan het maar één echte Suur realist had en dat wadde Paul Citroën...mar goëd...oppen stuit sag ik Ate nooit meer...bleek dattie kanker hadde...dat sal 1998...1999 weest hewwe. Ik saggem nogges inne LIDL en bije ALDI...niks meer over fan sien machteg bos golvend swart haar...miskien idder nog un kreaze foato fanne goeie man...kenne jimme de geliekenis nogges kieke. Nou goeie Ate!

Ut is wat allemaal.


A goeie meensen, eventsjes fut weest...oprúme...oprêde...wat un soad stof, ik wurd der gek fan...en al dat snot...waar komt ut fut...én niese...hahahahatsjoe.........splash...der leit oek nog heultied troep fanne kienders, jimme kanne dat wel....se súden ut ophale...mar ut blieft mar lêgen...mar nou hew ik der genoeg fan...alles gaat fut...grieze bakkens fol met soai. Feddes hew ik best un goëd humeur hoor en sal jimme niet tefeul lasteg falle met allerhanne klachtens en gebrekjes...hahahahatsjoe......Langsamerhan komme we der wel. Fannemorren al seuven doazens scoard bije Super de Boer, waarfan fier benanedoas..die binne ut sterkste. Nou ik hou jimme oppe hoogte fan alles en nog wat. Fan'e wike moat ik nei Grins optrede by ' Dichters in de Prinsentuin', www.dichtersindeprinsentuin.nl..dêr stiet alles op...sit der twa dagen...woansdei en tongersdei..se hawwe in hoteltsje regele...foar it earst fan myn libben yn in hotel yn Grins...oars wie myn hotel Van der Wal of it parkearplak by him foar. Ik hâld jimme op'e hichte...meensen totte kiekes! Hjir noch in foto fan in byld fan'e dichter Heinrich Heine yn Hamburg...dêr't je gek genôch net sa maklik Döner Kebaptinten fine kinne as yn oare Dútske plakken...en se binne lekker dy broadsjes...hmmm.

dinsdag 21 juli 2009

Hurde wyn yn Novgorod.

Hjir in russysk mantsje dat syn petsje fêsthâldt...it waaide in stoarm dy dei yn en om Novgorod. De ferneamde Ikoanestêd...dit is rjochting it âlde sintrum...mei de stêdsmuorren. It measte is troch de Dútsers yn pún sketten...mar de reade Ikoane skoalle fan Novgorod is der noch hieltyd. Ik hâld fan dit soart non foto's. It is samar in momint...och heden no begjin ik it praat fan Omrop Fryslân oer te nimmen. Dit is it momint fansels...samar mominten binn' der al genôch.

vrijdag 17 juli 2009

Mear affysjes.


Ik hâld fan reklame affysjes yn stêden...dit binne affysjes earne op in wand yn St.Petersburch rjochting fleanfjild. Se binne fan in boumerkt...Ribinskaja...links stiet Mogranyt Plitka en op'e middelste Plitonyt...in soart fan semint lyk as Knauff Gielbân ensafh. En ja ik kin it in bytsje lêze dat Syrillysk wat dus net sizze wol dat ik altyd wit wat it betsjut. Mar dêr ha je dan wer in wurdboek foar fansels.

donderdag 16 juli 2009

Mark Rothko.


In foto fan it affysje fan'e oersjochstentoanstelling fan Mark Rothko, ferline jier yn'e Hamburger Kunsthalle. Ik fyn dat wol moai...sa'n oranje baan yn sterk swart wyt. En dan te betinken dat de skilderijen himelske kleuren hawwe as oft je opnommen wurde yn it hielal. No ja soksawat.

Madonna

Yn Catalunya ha de Madonna's fan dy moaie kopkes...yn'e selde tiid...rûn 1400-1500 binne de Madonna's yn it Noarden in bytsje stivich...no is dat miskien net it goede wurd...mar har útstrieling is wol oars...de Madonna's fan Catalunya binne folkser...der sitte kopkes op...dyt'st ek tsjinkomme kinst yn'e bus of metro. Ach, dy oaren fyn ik ek wol moai hear...mar dan moatte je yn in oare stimming wêze en mear Noardliker...Tilman Riemenschneider ( 1460-1531) dat soart wurk.

woensdag 15 juli 2009

Kuifje yn Amearika. Tûfke op Skylge?

No ek noch ferslachjouwer...foar de Omrop ha ik in pear kear de mikrefoan yn hannen hân...ik fûn it mear as aardich. It leit my wol dy live reportaazjes. Nei it Oerol kaam ik wol wer wat yn in gat te sitten.
Sitst ynienen wer op dyn atteljee...dêr komme net faak fan dy koyboyfankes.

Russyske fersen en de dea.

Ha juster in nij fers skreaun...it giet oer de dea...it grutste part fan myn bondel...Eilân op ramkoers...giet oer de dea. Guon fersen ha faaks in komyske ûndertoan...mar geane wol oer de dea. Miskien wurd ik wol in krusing tusken Piet Paaltjes en Rainer Maria Rilke...Paul Celan en Drs. P...hoe krij je dat foar elkoar? Op dizze foto's it stjerbêd fan Tsjaikovski...jimme kinne de foto grutter krije troch der op te klikken. Tsjaikovski is ferstoarn nei dat hy wetter dronken hie dat besmet wie mei de Cholera...hat hy himsels te koart dien? Men seit dat hy homoseksueel wie en dêr net langer mei libje koe...wa wit it?
De earme man hat himelsk moaie muzyk makke. De opera Yevgeni Onegin...nei Poesjkin ja....is fan in ûnbedoarne skientme dy't net fan dizze ierde is.

maandag 13 juli 2009

Gjin byld mar in bêd of what ever.

De toffeltsjes steane noch foar it bêd...sa heart it in sjeny draacht toffels...de keunsthistorikus R. Hodel ( 19?-20? )
sinjalearre dit fenomeen al ris. Dit is it bêd fan in oar sjeny...Tsjaikovsky ( 1840-1893 )...yn dit hûs wenne hy it lêste jier fan syn libben, it leit yn it plak Klin, 85 km fan Moskou...hy skreau hjir û.o. de Nutekreaker. Sjoch ek de kessentsjes...is it net in leaf steapeltsje?

Poesjkin of Pushkin, that's the question.

Hjir hawwe we dan de meast ferneamde Russyske dichter. ( 1799-1837 ). Aleksandr Poesjkin ferstoarn nei dat hy slim ferwûn rekke wie yn in duel mei de Frânske diplomaat Georges d'Anthès. It duel gyng om...fansels...in frou...de frou fan Poesjkin. Yevgeni Onegin...in roman yn fersen...is miskien wol it meast bekend...ek dêr in duel...de haadpersoan fermoardet syn bêste freon en is fierders ek net echt gelokkich...sa giet dat yn Ruslân...ik soe sizze...alle reden en gryp nei de vodka...it sterke wetterke. Dit stânbyld stiet yn in parkje yn Moskou...de foto is naam ein april 2008...we kinne sels wat tulpkes ûntdekke.

zondag 12 juli 2009

Repin.

Hjir noch in foto fan it stânbyld fan Ilja Repin ( 1844-1930 ). Ien fan'e Ikoanen...ja...fan'e Russyske skilderkeunst...tegearre mei Isaak Levitan en fan wat eardere datum, de Ikoaneskilder Andrej Rublev.

De dea is rûnombywêzich.


Juster is Simon Vinkenoog ferstoarn. De dea hâldt stil foar elkenien..dat is wol wer dúdlik, ik hoopje dat ik hjoed noch efkes mei kin..hwent myn bondel is sawat klear. Noch in pear dinkjes op'e nij skriuwe en dan fan'e wike fuoart mei de hannel. Hjir it grêf fan in held fan'e revolúsje...de Russyske fansels.

donderdag 9 juli 2009

Lekker teedrinke út'e Samovar.


Ik hâld fan dit soarte plaatsjes...in skaadplaatsje...knipprint of wit ik it. Mar it is sa dudlik as wat. Twa popen drinke tee...út'e Samovar...en ien drinkt sa as it heart...fan it pântsje...ut skutteltsje dus.

Dostojevski.

Hjir noch in foto fan it grêf fan Dostojevski...hy leit dus yn St.Petersburch op it hôf fan de Alexander Nevski katedraal...hy net allinnich nammers...hy is in goed selskip. Tsjaikovsky...Borodin...Rubinstein...Rimsky-Korsakov neam se mar op...hiel wat grutte Russyske komponistens.

Sergej Eisenstein.

Noch in tige wichtige Russyske filmer hat Sergej Eisenstein west. U.o. de Pânserkruser Potjemkin...dy fan'e Aurora en de Revelúsje ja. Ek hat hy in film makke dy't Alexander Nevski hjit. Dizze stive ruter is dus Alexander Nevski, it stânbyld stiet oan'e kop fan de ferneamde Nevski prospekt of oan'e ein...dat wit ik nea sa krekt.

Andrej Rublev.


Dit tsjerkje stiet yn...ja minsken Ruslân...ferline jier ha wy in grutte reis makke dy kanten op. Dizze tsjerke komt ek foar yn'e film Andrej Rublev fan de ferneamde filmmakker Tarkovski.
Myn bondel ha ik hjoed gearstald no noch yn ien map sette en dan opstjoere nei Louw D. en spivs.
It is yn'e buert fan it Soezdal. Ik sil ek noch útein sette mei in hiel nusje Russyske fersen mar dat is foar...meikoarten...foar Ensafh. ensafh. Meensen totte kiekes. Noch efkes oer de stegers...in soad Russyske tsjerken en kleasters wurde opknappe om't de nije riken jild jouwe foar de needsaaklike ferbouwings. Dat sil no, yn tiiden fan kredytkrisis grif wer ophâlde.

woensdag 8 juli 2009

Gister is niet fandaag.

Feul sakens op sun blog mut ik nog lere, bef. ut feranneren fanne tied bovene stukjes...ik krij ut niet foormekaar...dat stukje nameleks fan Miró is op wúnsdag skreven...fandaag dus...mar op één of annere menier is ut bij gisteren beland. Ut sal mij benije of dat nou weer gebeurt met dit kleine stukje...dat ik eileks eventsjes ter proef skrief. Wat niet belet om te fertellen dat ik su krekt bije bakker weest hew. Lekker fers broad is toch wel heul lekker mut ik sêge..mar niet te betalen...gemiddeld tweu euro foor un broad...Hollaans geld su as mien skoanfader dat nog sei in 2002 en 2003 wel fl. 4,40. Ach inflasie alles is duurder...dat is wel su mar as ik wat meer frage sú foor mien skilderijens ferkoop ik niks meer...an annere kan...ut maakt niks út op dit stuit...want ik ferkoop nou oek niks dus. Tweu keer niks blieft...júst. Mar ut plesier wat je der fan hewwe...fannet maken is gelukkeg niet ferannerd. Ik fraag un werkbeurs an bij ut Fôns fanne Letterens én oek nog één bij ut Fôns fore Beeldende Kûnstens in Amsterdam...beide dus in Amsterdam...daar mutte je weze fore sentens en metten taksi derhene om se op te halen, as se dan un stukje omriede bist se geliek weer kwiet. Nou meensen totte kiekes.

dinsdag 7 juli 2009

Nuvere Miró.



Juster hie ik it oer Gaudi, hjoed oer Miró, net oer de Miro want dy hawwe wy hjirre, dat is in soart fan giga Albert Heijn. Ik ha in foto makke yn it Museu Nacional Arte Catalunya, dêr steane plankjes op, heraldyske plaatsjes, soksawat en de linker boppeste hat tekentsjes dy't sa fuortrûn lykje út in skilderij fan Miró. Tafal? Sjoch de bloch...sjoch de bloch fan juster. Oant asens minsken dan komt der mear. Earst ta myn dichtwurk.

Nuvere Gaudi.

Skulpen, rêchbonkjes, stientsjes fan alles brûkte de Catalaanske arsjitekt Gaudi as boarne fan ynspiraasje foar syn gebouwen... der binne plakken wêr't alles gearfalt en dat je tinke:' Dat hie allinne hjir mar kind'. It brûken fan in net oan te ûntkommen foarmetaal om't de omjouwing der sa fan trochkrongen is. Moarn wat oer midsieuwske plankjes....wapenskildsjes of sa en it wurk fan Miro.
No de boel opromje. En mei myn dichtbondel oan'e gong. Totte kiekes.

maandag 6 juli 2009

Oerol jild.


Efkes oer dat jild fan juster. No krij ik earst de helte...gfd...en dan as de VAR der is de rêst...sa wurket dat dus minsken...want ja se krije altyd kontrôle...jajaja...krekt by my fansels. No goed ik lis my der mar by del...gjin kâlde drokt oan'e holle. Nou totte kiekes meensen. Noch mar in rosbyffoto om sjen te litten wat ik der allegear fan fyn. De hoeke is in bytsje Munch wurden, alteast der is in skilderij fan him wêr't ien sa op stiet. Sûnder de rosbyf dus.
Dat wol.

Nuvere Wolk.

It liket wol de namme fan in yndiaan. ' Nuvere Wolk ', dizze seach ik dus ek yn Catalunya...dit soart wolkens komt ek foar op de iere skilderijen fan Goya, benammen op de ûntwerpen dy't er makke foar gobelins, better bekind as wandtapyt. Ik bin ek gek op wolkens. Wa is net gek op wolkens? Dy etearyske doarmjende sielen.

zondag 5 juli 2009

Trije skaadfoto's út it lân fan Luis Buñel en Salvador Dali.



Altyd wer dat gedoch!


Ja en dan komme jo thús nei in prachtige geweldige dei by Piter en Jeltsje yn Wiuwert en ja hear dan fine jo in mislikmeitsjende brief fan'e Omrop...freonlik groetsjend dat wol...oer in VAR ferklearring...in Variabele Arbeids Relatie..sa as dat sa moai hjit. It betsjut dus gewoan dat je bûten je by de Belêstingtsjinst bekende aktiviteiten noch oare nevenaktiviteiten hawwe...yn gewoane taal...ik bin keunstner of ZZP'er mar ik wurkje ek noch as gek op'e radio en dêr moat dus dan wer autorisearre tastimming foar komme. No kinne je dy formulierens downloade en ynfolje mar dan duorret it lykwols noch wol in wike of seis foar je dy dan wer yn hûs hawwe en foar je dan je sinten hawwe no sa. Ik sil se moarn belje...de Omrop.. en as it dan perfoarst moat dan stjoer ik dat formulier wol yn mar lit se dan earst myn jild stoarte...ik kin it wis wier net misse op it stuit en ik ha der myn abslute stjonkende bêst foar dien, dy wike op Oerol. Mar dit wurdt gjin lyksang hear...sa as ik krekt sei it wie juster in ' Giornata Particulara ', mar 18 km bûten de stêd, dy my sa no en dan oanfleant, yn it Paradys. Ik moat faker fuort, en dan net nei de kroech of sa, nee nei bûten, it lânlibben ropt. We ha lekker iten by Piter en Jeltsje...en we hawwe ek noch in blomkoal en ierappels fan eigen tún meikrigen...sille we moarn lekker opite. Op'e reis werom ha we noch efkes stoppe by Tsjerkebuorren, in grutte skande wat se dêr útfrette, se bouwe in urn-muorre op it hôf...in ferskrikking...sa'n tsjerkerie is it gewoanwei yn'e plasse slein. As befolking soe ik it net pikke en by need mei geweld, dat moat dan mar, de muorre ôfbrekke. It is skande. Nou meensen totte kiekes. Dochs noch mar in moaie foto earne yn'e Catalaanske bosk.

zaterdag 4 juli 2009

Ferhuzerij


Gisteren un enorreme ferhuzing had fan Cor Knilles van der Wal...su klinkt ut asof ie fan adel is en dat skeelt oek niet feul mut ik sêge want hij sitter koneklek su mooi hettie nog nooit woand en ik kennet weute want ik woande oek altieten bijem nou ja su nou en dan. Mar wat hewwe we switten om niet te sêgen bealegd...ik must al mien toch niet geringe krachtens bijsette...mar ik hew asma en de fochteghied inne lucht is foor un normaal meens al niet te harden laat staan foor mien arme longkjes...Longkjes Ajam liekt wel un Indisch gerecht...mar ik bedoël fansellefs gewoan kiepebusje.
Asens salle we eventsjes...nou eventsjes...naar Wiuwert...daar wurd ik bijsetten fannemiddag...oppet fietske derhene en terug dus niet...neu we gane naar Piter B en sien frou Jeltsje..wurdt fast leuk...efkes byprate ja dat wurdt dan yn it Frysk...Piter kin gjin Ljouwertsk...hy wurdearret it wol hear! no dan samar op it fytske en mar hoopje dat ik...en Inge en Nynke...ús bernehûntsje gjin dikke bui op'e bealch krije sille. Mar dat it waar in bytsje is as hjir op dizze foto dy't ik makke ha yn Spanje, no ja Catalunya dan...wêr? oan'e Costa Brava fansels...dit is tusken Blanes en it Sodom en Gonorroe...Lloret de Mar wêr't je hiele iensume strântsjes fine kinne. Nou meensen totte kiekes.