dinsdag 11 mei 2010

Fan alles en noch wat. Jaaaaaaaaaaa.


Fan'e moarn yn'e sportskoalle west en lekker switten ja...it wie mar wer wat tafallich...myn klûske...de locker, sa as se dat sizze hie it nûmer 33 en op de rinnende bân seach ik op de digitale reade siferkes by...666 en lies ik op de grutte byldbuis foar my dat de ien of oare " ferneamde"?in har tocht ik, ta de Kabbala kommen is of hoe hjit soks?Ik ha 1305 kalorieëns ferbaarnd en sa binne der noch mear siferkes. Moarn sil de krant hjir komme...der wurdt wer in fotooke makke foar de L.C. ik kom yn de rubryk Keunst yn útfiering...no ja...se meitjse in foto op myn atteljee dan sit ik by de skildersezel en steane der wat wurkjes op. Ik bin no dwaande mei in nije rige...alle kommende skilderijen gean oer Kaspar Hauser de wol ferneamde fûnling dy samar ynienen, like it wol, yn maaie 1828 tefoarskyn kaam yn Neurenberg. De skilderijen sille folle abstrakter wurde en eins allinne...no allinne....mar oer kleur te fertellen hawwe. Fierders wie...ja wie...myn selsportret sawat klear..mar juster...sa giet dat minsken...wie my wat net nei it sin...en dan feroarje je wat en noch wat...en ja hear...op lêst wie myn heale harsens al wer fuort...no ja...mar gau wer oan'e slach. De reis nei Dútslân wurdt noch hieltyd ferwurke. Noch mar efkes in pear fotookes. Totte kiekes meensen. Foto is fan sa'n heakje dêr't je je jas oan ophingje kinne op in...en ik ha se wer in soad sjoen fan binnen minsken...skythús. Mar it is fansels krekt in mantsje mei in grouwe noas.

maandag 10 mei 2010

Dikke Döner mar dan net Deun.




It is wat dêr yn Dútslân...oeral Döner Kebap tintsjes...miskien binne der noch minsken dy't net witte wat dat is...Döner?????????? it binne ferskriklik lekkere broadsjes mei fleis...ja dat wol...en in soad griente...reade koal en sa...en saus...dy smoarge broadsjes Shoarma dy'tst hjir altyd krijst ha dêr dus neat mei te krijen. Wy wienen dus yn Worpswede...Keunstkoloanje bekend fan û.o. Paula Modersohn-Becker...Otto Modersohn en Fritz Overbeck en Rainer Maria Rilke...dêr oer letter mear...mar derneist siet dus in Döner tinte net te leauwen...neat is hillich mear...fanút it kreambêd fan frou Paula sa tusken it Fladenbrot....PietaPita....Mar wat hawwe dy minsken hurd wurke...hûnderten fan skilderijen...earst wienen wy al nei Fischershude west...dêr is it museum fan Otto Modersohn te finen...ek in geweldige skilder...hiel bysûnder...benammen ek it lettere wurk dat hy dêr makke yn Fischershude. Te folle om hjir allegearre kwyt te kinnen. Fotookes. It palet fan Otto Modersohn. De foarkant fan it hûs fan Paula yn Worpswede...de efterkant in oanboude ferskrikking...in soart fan galery...en it broadsje Döner fan in Dönerboer dy't yn Drachten wurke hie en in freondinne...Cornelia Shoarma yn Snits hie. Wis wier...ik sis it jimme.

Kurfürst und Currywurst..Knilless de Deen en de dea fansels.






No minsken, we binne wer werom út Noard-Fryslân ( Denemarken sels) en we hawwe in soad sjoen...ik sil der letter ferslach fan dwaan mar earst mar ris wat fotookes.
En it lêste jûnsmiel fan Currywurst...Ich hab es nicht Currygewürzt.