vrijdag 12 februari 2010

Wat my dwers sit. It libben in hiel(e) aven(toer).


Ja minsken, meensen, mênsen...der sit my fan alles dwers. Saak is om net alles yn ien kear op'e merkt te goaien. De júste wurden hawwe gewicht en je moatte se laserje...bondelljocht...je filosofyske pylken goed rjochtsje en dan sjitte....sssssssssssssssss....toinkkkkkkkk... Ik ha no al in pear kear dreamd fan it barren yn'e Harmonie fan in pear wike lyn..Pieter de Groat syn feest en de hieltyd komt de lilke hasses fan Tryater akteur J.A....der wer yn foar....foar it programma begûn...rûn hy by my lâns...en hy seach ferskiklike lilk nei my....dat wie dus net yn'e dream....mar echt...real time...ik siet al op myn plak....mar it gekke wie...it hie der efkes fan dat ik dreamde yn it echte libben...ik tocht noch...wêrom sjocht dy kearel my sa fûl oan...je witte it mar nea...ik ha leau ik noch nea ien wurd mei de man wiksele...ergo???????As of de dea fan Pierlala út in ets fan Dürer kaam wie om my op te heljen...ik hie noch gjin potsje bier hân, en ik wie ek net yn in LSD trip...ik fielde it wis wier sa. Soks hâldt my yn elts gefal dwaande....en paranoia bin ik net...dat is neat foar my. Hy soe oars in hiele goeie steltrinner west hawwe en dan yn sa'n pakje fan uncle Sam en dan werom sjitte yn'e tiid fan it reizgjend toanielselskip fan Wilhelm Meister...en no we dan dochs by in toanielselskip binne...werom freget dat Tryater nea Fryske dichters of skriuwers om ris in orizjineel toanielstik te skriuwen.. ja dat sil jild kostje ja...dan mar net yn fan dy grouwe weinen fan toaniel nei toaniel ride...altyd mar dat ynsest bernich gedoch...
we helje it ferhaal fuort by it folk...jaja...jat mar in ein fuort...en dan sjoche se net lilk fansels...as se wat fan je moatte dan binne se sa leaf...al dy netwurkers dy ompankoekten nei ôfrin by de neisit yn'e Harmonie...ik ek dus...mar net foar iderien. Nou totte kiekes meensen. Foto...ynterieur fan in tsjerkje yn Wales.

woensdag 10 februari 2010

Hurd oan it wurk. Hard annet werk.


Ik bin wer los en ik siet net iens fêst...yn it ferline, doe't ik tahold op Ateliers '63....wat iddat? yn Haarlim, sei ik dat wolris...ik ha twa jier yn Haarlim sitten....de ferneamde Koepel...ik wenne der wol tichtby...ach myn hert...Haarlim, it is allegear al mear as, Pake fertelt, tweintich jier ferlyn...kin der net by...doch noch hieltyd hurd oan it wurk mei de byldzjende keunst...it moat dochs wol wat betsjutte tinkt my...ha in pear dagen net skreaun om't ik..jaja...nije fersen makke ha en al opstjoerd nei Ensafh. meikoarten sil ik ek noch fersen opstjoere nei Trotwaer...de Moanne dus....yn it Hollânsk...dat heart sa leau ik...of ha ik der neat fan begrepen? of sil ik it yn it Aramees dwaan, ek gjin deade taal, hwent Mel Gibson...hiel âld kattelyk en Jezus prate it ek dus... Ik ha fraaie dingen makke...fyn ik sels fansels...en sa heart it ek...oars kin je like goed ophâlde...takommende wike komt Bert Rinner op myn atteljee, we sille it ha oer syn selsportret...ooh nee...myn selsportret...ja minsken...as GJpriis winner..mei ik myn portret sels meitsje...sjedêr in selsportret...der hingje yn dy seal fan Tresoar in oantal skilderijens...dy bin net echt goed....ja dy fan Sjoerd al...dy binne sa eigen as it mar kin....mar dy oaren....it hâldt net oer....in skilderij moat gewoan in goed skilderij wêze...dan komt it goede lykjende portret fansels wol. Eefkes wat oars....ik sil fan'e wike ek ris meispylje yn'e lotto....18 miljoen eury...je sil it dochs mar winne...ik ferdwyn fuort nei Berlin...no ek al de 24e om dêro wat te finen...mar dan hoecht men net op in dûbeltsje te sjen. Moarn bin ik der wer...praat ik wol fierder. Foto...de grutte tinker wit it ek net altyd. Mear hier op'e Popeye earmkes as op'e skedel...!

vrijdag 5 februari 2010

Eefkes fluch.


Juster yn'e trein, fan it Fean nei Ljouwert kaam ik Sjoerd de Vries tsjin...ik moat sizze ik ha wolris minder mei him kind...we hienen it oer de skilder Avercamp, waans tentoanstelling ( ik sjoen haw yn it tydelik ûnderkommen fan it Ryks ) grutte oantallen besikers lûkt. En oer, sa as altyd by Sj. de V. , syn wurk, benammen syn wurk...ik sei dat it lêste dat ik fan him sjoen haw by gal. Steven Sterk , in barfrou, my tinken die oan in goatysk skilderij...sa'n opstanning fan Kristus út it grêf fan Dierc Bouts of sa...dat fûn der moai...hy sei...dat sjocht gjin ien mear...mar ik wol Sjoerd. Ik wie op it Fean ek by boekhannel Binnert Overdiep west...dêr haw ik de Fryske Bibel kocht....wis wier ik sis it jimme....dy is dochs wol oars as de âlde Wumkes fersy, ik bedoel allinne de stavering al fansels...mar ek hiele sinnen en opsetten...Jezus giet hjir gewoan dea...net in goed ein...sa as Hollywood betocht hat....dy malle Mel Gibson ek dy wit der neat fan. No moat ik wer fuort...totte kiekes meensen...kom letter op'e dei noch werom op wat sakens....moat noch skelle op guon minsken...ha wol in nij fers skreaun...nee...set ik hjir net del...moat der faaks noch wol wat sintsjes foar beure as it heal kin...hahaha...it is wol âld en nij testamentysk tagelyk. Fluch in fotoke. Mei krús. Ingel op pylder by it Hermitage yn St. Petersburch.

donderdag 4 februari 2010

Blogger com e home.


No werom út it Fean...krige allegearre ideeëns foar fersen...hie it lytse Fryske wurdboekje by my..fan van Goor...ja...nee....in smoarch boekje...fieze boekjes leze? ja...must un Doanald Duckje deure stront hale...dat seine wy eartiids altyten yn LjouwertLeewadden. Kom moarn wol my de ferhalen...sil ik myn gefoelens fierders fentilearje of luchtsje...snúf no fêst...it sil oer taal gean en pratende harsessens. Se komme allegearre oan bar...wa't fuort wol kin no noch in plakje sykje. O ja..jimme Ferlosser hat ûnderweis noch in bline man better makke...hy hie de gryp...! Noch in foto fan in flinterke..net sa skerp...mar dat makket dy bline man net út. Ik fûn it wol wat in nouoooooooooeuheuh....psychedelysk byld.

Fan alles en noch wat.


Bin wer fersen oan it skriuwen, dy binne dus al foar de fjirde bondel...ja minsken it giet hurd, foar dat jo it witte bin ik aanst 85 en is myn samle wurk al útkaam. Se wurde, fansels, apart..mar boppe al sille se hiel muzikaal wurde...dêr sil ik persoanlik foar soargje...jim mantsje mei gâns kanten...ik lul mar wat hear...Ik dream sa nuver de lêste tiid...no wit ik al...dreamen fan in oar binne de measte tiid net nijsgjirrich...as je it talint net hawwe om it kreas foar it fuotljocht te bringen en sa is it mei alles úteins...fan iten siede oant bern nei skoalle bringe...eefkes wat oars...reaksjes op myn blochs krij ik dus nea...hoe soe dat no komme? wa moat ik earst misledigje...hokker stienkrobben moat ik kidelje? sis it mar...jimme rabouni wit it wol. Aanst moat ik nei it Fean foar in evaluaasje, sa as dat hjit, net foar my...dat docht it kwasikutkeunstwrâldsje wol, mar foar in projekt dat ik dien haw foar Lânskipsbehear Fryslân en de ien of oare lanlike organisaasje en VMBO learlingen, je binne der mar moai klear mei as jo dêro alle dagen mei te krijen hawwe...wis wier ik sis it jimme. Respekt man! Respekt foar de dosinten. Miskien kom ik hjoed noch eefkes werom as ik der de tiid foar haw...o ja...juster broccoli iten mei ierappels...bakt en sean....en un nat wusje....wat? farske woarst...o...sis dat dan!
Fotoke...skriuw juster Trinus R. te F. dat is dochs Japânsk? Fotootsje fyn ik moaier of fotooke...bliuwt te ticht by Shiitake...no ja eins is it prachtich...hoe mear postmoderne crossover...krúsbestowing?de better. Totte kiekes meensen...oant sjen...letter....hasta luego. Foto is septimberljocht op it wetter earne yn Fryslân...rjochting Wergea tocht ik.

woensdag 3 februari 2010

De dea is wer yn it lân.


De minsken stjerre wer by boskes...boekeman van der Velde...de âld eigener fan de Werkman...in kleanwinkel op'e Foarstreek en gean sa mar troch...alle dagen kinne jo je lol wer op...ik ha mei Knilless foar Duo von Däniken....wat?! ja...Duo von Däniken alris in kear in harkspultsje betocht foar Omrop Fryslân...WA IS DER NO WER DEA YN FRYSLÂN? briljant fansels...mar ja we krije hast gjin besikers...gjin harkers...mar minsken dy dea binne krije...as se lok hawwe wol besikers...op'e begraffenis of kremaasje...as it mar heal kin ( ik moat de minsken wol kend hawwe fansels...je hearre wolris dat der fan dy figueren binne dy foar in bakje kofje mei cake alles ôfrinne)gean ik nei kremaasje of wit ik it. Of ik stjoer in brief of kaartsje...lêst by de dea fan Hendrik ten Hoeven...is der in advertinsje setten...ek út namme fan...en dan myn namme fansels...ik hâld dêr net fan...moat ik sizze...bin der net gek op...ha jo je de namme der ek by...as it swarte rantsje der omhinne net foar josels is...dan libje jo. Dan soene jo...as je wat kinne...fan alles kinne en sterker noch ek dwaan moatte...en dêr sit it him no yn...dan dogge jo it faak net...en dat neam ik de grutte skande fan mysels...om wat te dwaan moat ik op gong komme...dat fyn ik de lêste tiid hieltyd dreger...sit tusken de earen...mar hat ek mei de omjouwing te krijen...ik gean dus fuort...ik hoopje dat mei net te lange tiid ek blochs ferskine sille...skreaun yn of fanút Berlin...Hauptstadt des deu....o nee dat is it fansels net mear...Hauptstadt Deutschlands...Berlin...Berlin die ewig junge Stadt...Berlin...Berlin...die meine Liebe hat...genau im Mittelpunkt der Welt...hat sie der Herrgotte hingestelt...doch ik út myn ûnthâld..dus...mar ik bedoel mar te sizzen...dat wol ik graach...mar ik kin dus moarn...asens noch sels samar dea delfalle...en dan is it klear. Nou meensen totte kiekes...hopelek...da's weer Leewaddes dan...ja Leewaddes...of ik mag doadfalle.

dinsdag 2 februari 2010

Ik kin der net mei ophâlde!


No minsken, it wurdt tiid om der NET mei op te hâlden...ik kin it gewoanwei net...sa'n belesting sit te eameljen...jo binne gjin ûndernimmer...nee, no wat bin ik dan? no, jo binne immen fan oare ynkomsten, sy neame dat dus, Overige Inkomsten...mar ik lit it der net bysitte...ik gean ûnferoare fierders mei wat ik doch...bin aanst wol in hiel soad jild kwyt....aanst 28 jier dwaande en dit ûnhuerige Slúvesmurfefollekje sil my wat leare. WATTE!!!!!!! FUCK THEM ALL!!!!!!! Moaie tentoanstelling sit der oan te kommen...ik bin der mar wat wiis mei dat ik wer ris wat sjen litte kin, nei twa jier op myn atteljee wurke te hawwen.ûndertusken haw ik dus ek in wurkbeurs oanfrege by it fûns foar de letteren, sit yn Amsterdam. Grappich ferhaal, dêr sit dus yn dy't myn fers...De buorman rint graach op nullehakken, tige wurdearret...apart no...hy begûn der oer yn in offisjeel skriuwen...Ik wil wel graag een exemplaar van de bundel Slapstickiepenbierings voor het archief,al was het alleen maar om mijn persoonlijk favoriet gedicht...sjoch hjirboppe...in de buurt te hebben...dêr fine se it moai...no fiel ik al wer oankommen....aanst moat alles foar de Frysk fijannige lêskommisje...en dy seit AF. GJP priis wûn...it seit ús allegearre neat...GJIN SUBSYDZJE FOAR FEDDEMA...de wenst oeral oan...no minsken moarn sil ik besykje der wer te wêzen...no dat slagget noch wol tink ik...mar om te skriuwen...it is dochs hiel wichtich en je fiele je gek genoch ek noch wer better nei dat je wat skreaun hawwe. Ik sjoch noch wol foar in fotootsje. Totte kiekes meensen. O ja, myn wurk is dus nearne te krijen....Reidhintsje dus net...ik soe lilk wurde moatte...mar wat bin der met fan noaden...nij wurk is folle positiver. It hoantsje op'e toer fan Tsjerkebuorren...mei in hôf wêr jo dea noch net lizze wolle of better sein net mear!

maandag 1 februari 2010

It is ek mar wat nuver allegearre.



It wie mar in nuvere wike...in folslein apart optreden op it feestje fan Pieter de Groat...ik woe wat nijs bringe en dat ha ik ek dien, mar minsken betelje je net foar jo, se krije je der by, en wat you hear is what you get...oarsom ek dus...hiel gek om sa no en dan in isolearre laits gjalp te fernimmen...no ja..de man dêr it om gong hie him wol fermakke...ik fertel dit benammen ek om't it feit dat ik fan'e moarn frege bin foar in optreden by in jierferslach fan it FNV leau ik as komyk, moat je soks no fertrouwe? ik wit it net....fierders de iene blauwe slúf nei de oare yn'e bus fan'e belesting, de postboade hie syn spultsje ek mar yn'e bus stoppe...ik bin de "aftrekpost", ja minsken, in grapke heart der by moatte we mar tinke...Knilless hie ek sein op syn bloch, dat hy it mar gek fûn dat der hieltyd minder Fryske bloggers fan har hearre litte...hy hat gelyk...fan my foarop..it is skande en dat moat ek feroarje...no hjir is wer in stikje...it is fansels wol sa, dat der mear, folle mear stikjes fan myn hân ferskynden, as ik der foar beure soe. Totte kiekes...ik sil noch wol eefkes in moai kreas fotootsje útsykje. In foto, makke op Skylge, ferline jier juny...jawis by it Oerol. En noch in foto earne by Wergea yn noch hiel moai ein septimber waar.