zaterdag 27 maart 2010

Efkes koart troch de bocht.




No dat wie al wat by de toskedokter...35 jier lyn ris in folling hân...dy't der fan'e wike ynienen útfoel...miskien ha ik him al útskiten...ik wie altiten al in kwik mantsje...mar ja....hurd oan it wurk mei myn selsportret foar Tresoar...it moat in goed skilderij wurde...sa'n skilderij dêr't je net om hinne kinne...it hinget dan ek oan'e muorre...dan moatte je earst troch in doar...sa'n skilderij dus...hjoed wer ris in feestje...fan Inge har famylje...dy komme fan'e jûn...ik ha no al pine holle....juster in optreden hân by de speultúnfereneging Inselinde...ik ha respekt man foar dy minsken dy't har noch sa ynsette tsjintwurdich...krige in lytse fergoeding...dêrfoar ha ik fan'e moarn bôle kocht by de bakker en lekker foar de fret guod derop...mar dat dan wer by de LIDL. Hjir in pear fotookes fan myn eksp by galerie de Vries yn Ljouwert. Takommende wike freed in besprek yn'e Ljouwerter...reaksjes binne allegearre tige priizgjend en dat is moai...mar der moat ek wat ferkocht wurde en dat mynhear yn dizze minne tiiden...no ja...ik ha al fan alles meimakke...we komme der wol....myn paspartouts en lysteboel ha ik der yn elts gefal al wer út. Totte kiekes.

dinsdag 23 maart 2010

Einlings moai waar....



No dêr bin ik dan wer ris...dat is alwer in moai skoft lyn...skandalich fansels...mar ja...wat blogge je der oan...haha...ja, in grapke heart derby minsken. Sneon wie de iepening fan myn útstalling by Galerie de Vries yn Ljouwert....All of my friends were there....dat is in moai âld Kinks nûmer fan'e lp...Face to face...tocht ik..mar wis bin ik net...mar goed...yn elts gefal binne der al in pear wurkjes ferkocht...de measte minsken ferjitte lykwols dat de helte der noch fan ôfgiet en dat ik oer myn helte ek nochris belesting...dêr hawwe je se wer...betelje moat....dêr haw ik oars noch wol wat oer te sizzen...de belesting dan...se woenen my net mear as ûndernimmer sjen...dat kin in soad jild skele...wol 9.000 euro...dat is de selstannige ôftrek of sokssawat...oer 2007 moast ik no yn ien kear sa'n 3.500 euro werom betelje en....en dat wie slimmer...foar de kommende jierren woenen se my net mear as ûndernimmer sjen....dêr hawwe wy...pluralis majestatis...de akkountant en ik beswier tsjin oantekene...en dan wurdt it in hiel ferhaal...mar it komt hjir op del...hja jouwe ús gelyk...dus alles wurdt wer werom draaid....god noch oan ta....fyf moannen stress hân...soks wurket troch...mar ik bin der fanôf en ik bin wer ûndernimmer...by de belesting wisten se ek net wat ik oars dan wie...mar it hat allegearre mei jild te krijen...dat wol! It wurk op'e tentoanstelling hinget prachtich....wis wier...ik sis it jimme...Kuitertochten(s) fan Tsjaikovsky. Yn'e New Wave tiid hienen je in sjonger fan in band en dy hjitte fan Bram Tcaikovsky....ik ha der gjin noat mear fan yn'e holle neffens my...efkes wat oars...juster jûn barde der wat nuvers en ferskrikliks...alteast foar my...in grut grou gat yn myn ferstânskies...oars net in goeie oersetting...ek net yn it wurdboek...yn it Hollânsk is it de Ver-stands-kies en dat hat neat my it ferstân te krijen mar alles mei it feit dat dizze kies it fierst wei yn'e mûle sit...eins soe it dus fierstânskies wêze moatte...mar goed...no moat ik tongersdei om acht oere moarns by de toskedokter sitte of lizze is it eins mear...of earst sitte en dan lizze. Op'e tentoanstelling wie ek Alex Kooistra...in noch jonge Fryske byldzjend keunstner...dy binne der dus ek noch...hé dat komt my bekend foar...no ja in Déja Vu sille we mar sizze foar it gemak... ha krekt ek noch efkes yn it sintsje sitte kinnen mei ús Nynke...it hûntsje ja....mar ik hie it der mei Alex K. oer dat in soad Fryske byldzjend keunstners...it non belied fan it Frysk Museum in kriem fine...dus meikoarten kinne de bewenners fan dizze Fryske fariant fan it kastiel fan Doornroosje...Toarneroaske...noch wol wat ferwachtsje...se dogge neat mei harren kolleksje...ien lullige tentoanstelling en dy duorret oant yn'e ivicheid....no moar bin ik der wer en der komt noch in foto...jûn spinaazje mei ierpels en sju en woarst....hjir ha ik wat oars...yn Amsterdam dêr wie ik ferline wike mei ús Femke...op ien middei wienen we yn de Hermitage....it Van Gogh museum en it Ryks...en dêrnei noch yn Arti et Amicitiae...dêr't ik lid fan bin....ik wie der sûnt 2004 net mear west...skande en ja hear...der stie noch in kaartsje fan my...tsssssssssss.