zaterdag 30 april 2011

Alles is hjir krekt in bytsje oars as oars.











Dútslân...Berlyn alles is hjir krekt in bytsje oars as thús. Dat sjogge jo al oan'e reklamekrantsjes dy't je yn'e postbus krije. Juster ek wer ien fan'e NETTO, ek in supermerk...der sitte der twa fan yn myn buert...in lytsere yn it winkelsintrum en in gruttere in bytsje fierderop yn'e Sewanstrasse. Foarop sjogge we dat de LÄTTA...kenne wy dat noch wol?...halvarine mar 0.79 eurosint is ynstee fan 1.29...der helje ik mar twa bakjes dan....Dútsers binne echte bûter en benammen margarine fretters...jimme kenne dat wol...it guod sit der sa dik opsmarre dat je de toskleasten sjen kinne. Bûter mei ik ek ferrekte graach mar....ja...dan kinst aanst net mear sjen oft ik no stean of lis yn bêd. Mar it gekke is dat by de LIDL en ALDI, net sa as by ús der goedkeape eigenmerk halvarine ferkocht wurdt...dus perfoarst gjin 39 sint of soks. Mar dêr woe ik it net oer hawwe...nee der stie wat oars yn....da ha ik noch nea sjoen yn Nederlân....se biede Grabdekorationen oan....Grêfdekoraasjes fanôf 3.99..ferskate hichten en ûntwerpen...27 sm heech. No ja sis!!! Ingels en krusen mei teksten.. as. Der Glaube gibt uns Kraft...Im stillen Gedanken....Ich vermisse Dich....! By in supermerk...en ik wit ek wol..wêrom net eins? De dea is in wichtich ûnderdiel fan it libben...mar dochs. Meikoarten...trije ingels helje..twa betelje.


Juster...efkes wat oars....in lange kuiertocht makke rjochting de binnenstêd...in pear ekspo's besjoen en socht nei de bearen by it Märkisches Museum en ferdomd it plak fûn dêr't de bearen tahâlde allinne se wienen net te sjen...dus ik moat der nochris of miskien wol in pear kear hinne om de bisten te sjen. It is hjir hjoed ek 1 maaie fansels...allinne yn Berlyn betsjut dat dat der in hiel soad plysje yn'e stêd oanwêzich is...1 maaie rint hjir hast altiten út op reboelje en rellen..benammen yn Kreuzberg...dêr sil ik dus net bywêze...hjoed skilderje en de boel ris wat opromje. Hjir twa fotookes fan'e Bärenzwinger am Köllnischen Park.

woensdag 27 april 2011

Ja minsken ik libje noch. Ja mensen ik leef nog.










Hjir dan wer ris in nij blochke...it is ek wol wat hear. Dat jimme neat fia dit kanaal fan my hearre komt troch de oare skriuwerij en filmkesboarterij..dêr giet in soad tiid yn sitten. Ik bin ek net sa gau tefreden. By de filmkes meitsje ik wolris in flaterke...dan bin ik lilk op mysels...lêst hie ik it hieltiid mar oer in seine en ik bedoelde in sichte..je kinne der wol itselde mei mar it is net itselde..dus ek net by de kommunisten. Hammer en sichte dus. Der sille grif minsken wêze dy't my folgje op facebook en dy tinke dat ik allinne mar taartsjes fret en alle buffetten ôfrin, dy't je fine kinne yn Berlyn. Dy ha gelyk...as it heal kin bin ik der by hear. Mar ik sit ek in soad yn it fitness zentrum...de sportskoalle dus...Körperkultur...ik wol der útsjen as in jonge God...ja...we wolle allegearre wol wat...mar goed...wêr hie ik it oer? Okkerdeis siet ik by in buffet yn in restaurant yn in hotel hjir oan'e Treskowallee...grappich...it hotel hjt Thang Long of Ling dêr wol ik fan ôfwêze, der sit ek noch in massaazje en skientme?salon by...soks fyn ik moai. En lekker iten...benammen de bakte huningbanaan is njammie! Op tafel lizze of steane der wol gauris bierfiltsjes...hjir hiene se filtsjes fan Köstritzer bier...nea fan heart mar soit. Nee, wat der op'e efterkant fan it filtsje stie...dat wie nuver...je koenen der wat bestelle...alteast ik tink dat it in soart fan ynternetwinkel foarstelle moast...wat seach ik? Wandspiegel ' Goethe '.....in grutte spegel mei derop it tige ferneamde portret dat Johann Heinrich Wilhem Tischbein fan de dichter makke hat. Goethe lizzend..hoed op yn in Italiaansk lânskip...sykje it mar efkes op. Sa'n spegel liket my sa idioat dat ik him wol hawwe wol...allinne ophingje wurdt in probleem...boare yn de dikke betonnen plattenbau-muorren is noch net sa ienfâldich. It liket my al wat...alle moarns skeare en dan mar wat mei Goethe prate. Dy Tischbein hat trouwens noch mear hiel moaie dingen makke...skjitterende reissketsen en sa mear. Fan'e moarn wie ik yn'e sportskoalle en ik ha wer as in gek switten...ûndertusken ha ik al it smoarge guod yn'e wask dien...ik ha de wask eins yn bad dien...dêr leit se no noch...aanst goed útspiele en dan ophingje...sa moat it dochs...oant no ta...kin it allegearre noch wol mei de hân...ik bin it wend...ik doch hjir alles mei de hân. Op it stuit lês ik it boek Congo fan David van Reybrouck...dat lêst as in trein...it hâldt je yn'e besnijing...mar wêrom dat Frânsk no net efkes oersetten? Dútsers dogge dat altyd wol...no is it ek wer net sa'n spultsje dat Congo...der Zauberberg is...dêr komme hiele siden Frânske petearen yn foar...mar efteryn...de oersetting...no koe ik dit Frânsk noch wol lêze...ik ha. it idee dat it mear brûkt wurdt foar....de Couleur Locale...asjeblieft....mar ik hâld der net sa fan... Ik bin ek lekker oan it skilderjen..it giet in hiel bysûndere kant op. Dat komt wol goed...ik soe allinne wer ris in goede tentoanstelling hawwe moatte...ik bin wat út byld. Mar ek dat fyn ik gjin beswier...ha ik wol faker meimakke...mar plaatsjes meitsje sil ik nea...it moat oer skilderkeunst gean...dat sil altyd foar op stean by my....ek al sjocht in oar it net...en al hinget it der wol. No oant sjen en totte kiekes...en in pear fotookes fansels. Dizze fisken kinne je fange yn'e Tegeler See...se moatte der swimme. En ek de Dútsers kinne der in soadsje fan meitsje yn'e frije natuer...der moatte noch hiel wat Grünen foarbykomme.