woensdag 8 februari 2012

Lekker soer én swiet tagelyk minsken.


Hallo dêro...ik skamje my dea...wat haw ik lang net skreaun. Neat fan my hearre litten út Berlyn, fia in blogke. En no gean ik al hast wer fuort...haha...no dat is net wier hear. Ik tink dat ik earne yn juny ferhúzje sil...de hier is opsein per 31-6...no is it fansels noch net sa fier...jimme kinne noch delkomme foar in bakje fan it ien oft oar.. Ferline wike wie ik yn Krakau...dat hat my poerbêst befallen...ik sil dêr noch ferslach fan dwaan yn'e Moanne. Sûnt ik werom bin yn myn flatsje yn Berlyn haw ik alwer seis...sawat sân skilderijkes makke, it binne gjin lapen fan 5 x 6 meter dus it kin wat lije minsken. Undertusken stiet de sop op...Reade earte... yn it Hollânsk : Linzensoep. Mei wat Balsamico-jittik op smaak brocht...dat kin hear. Al mei al hat de tiid yn Berlyn my, oant no ta bêst foldien. Yn elts gefal wat wurkjen oanbelanget. Myn fersebondel is klear en it skriuwen oan de proazaferhalen komt sa stadich ek op gong. Mar hoe't it komme sil mei de Fryske literatuer?... as der gjin lêzers mear binne hâldt it op, maklik sat. Ik haw de lêste twa jier miskien twa kear optreden mei myn gedichten...en se fine my o sa'n geweldige performer...mar se freegje je net dus of net mear, wit ik it. Miskien moat alles wol fia ynternet...ik goai yn elts gefal meikoarten al myn fersen op myn website yn oersetting...útsein de nije fersen...Je moatte ek hûsdichter bliuwe fan Ensafh. fansels. Hûsdichter fan Ensafh, sa hat Abe de Vries my al in pear kear neamd yn syn stikjes...o ja en hoflevereransier. De man is op it stuit drok dwaande om op alle fronten syn kâlde oarloch út te fjochtsjen...neffens my hat hy it ferkearde leard as ferbiningsoffisier yn it leger ( SPION )soarchfâldich fuorthelle fan syn CV...wol hy neat mear fan witte, dizze sels beneamde ' direkteur ' fan'e Fryske literatuer. Ach ja, dan bin ik it mar wer kwyt no...ik bin gewoanwei te posityf foar al dy eamelbekken yn it dochs al sa lytse Fryske literatuerlânskip...je kinne ek besykje it folgjende ' alderbêste ' fers of ferhaal te skriuwen fyn ik...en dochs...der sitte my ek wol saken dwers. Sa waard ik ferline jier benadere troch Gelly Talsma fan Explore the North...ik soe al frege wêze troch Elmar Kuiper om op te treden...( nee dus ) mar se wisten noch net wat myn gaazjemint wêze moast...wat ik hawwe woe?...se woenen my der o sa graach by hawwe...jaja...hie ik no mar in bedrach neamd. Ik sei dat ik yn Berlyn siet en dat ik wol gewoan reiskosten hawwe woe. ( 100 eury retoer ) en noch wat fansels. Hiel normaal liket my, der waard andere : O...no dan hoecht it net...in oare kear mar atst yn'e buert bist. Dêr sakket je broek fan ôf...dêr hawwe je dan de GJP foar krigen...eins no't ik dit skriuw wurd ik really, really, really lulk...godgleonefuck...mar se fleane wol ien út Yslân oer foar in optreden. Fierders gjin probleem...as se my wer freegje is myn taryf gewoan twa kear sa heech wurden...dan net...de kear der nei wer heger...allinne by Explore the Snot fansels. Binne der ek noch aardige saken en minsken? aldergeloks genôch...goeie ûnderfinings mei Han Steenbruggen fan it Belvedere...dêr hawwe je gewoan wat oan. It hert op it júste plak foar de keunst. En ik sis it nochris...ik helje myn goed gefoel út it meitsjen fan keunst sels...ek aanst lekker mei de muzyk en Duo von Däniken ( humoristysk bedoeld kabaret...haha...) oan'e gong. As ik wer werom bin...altyd nije útdagings oanpakke...ik sil ( wer ) in basguitaar oanskaffe en dan gau wer ris it poadium op...CvdW....lekker sa efkes raze...it fûl ta no? noch in fotooke út Krakau. De ferneamde Poalske dichter Adam Mickiewicz op in skilderij yn'e Narodowe museum oan it Rynek Glowny.