dinsdag 16 november 2010

Mozart...de Haydn kwartetten.


Mei ik fan jo...fan'e strykkwartetten fan Mozart...it strykkwartet yn d mineur....HA KWARTET...ja minsken in grapke heart derby. Bin op it stuit drok dwaande om nei Berlyn te kommen...en ik sil der komme...meikoarten gean ik der wer seis dagen hinne en dan geht's los....nee...nee...gjin TORPEDO'S...( myn lêste poezije berntsje ) dêr stie okkerdeis in nuver besprek fan yn'e Ljouwerter..fan Eppie Dam...in foto derby fan twa by twa meter..( dat ûnthâlde de minsken ) en it is wier wat Willem Duys sei....' Het geeft niet wat ze over je schrijven, als ze maar over je schrijven'.........mar...ynhâldlik in stik fan LIK MYN KUL...nearne wurdt neamd werom in fers al dan net 'min'...'geef ' of 'ûntwapenjend' is...as je it stik goed lêze liket it wol oft de man in HAAT-LEAFDE ferhâlding mei my hat en dan dat SKOALMASTER toantsje...gjin ien mei in dichter in bepaalde kant opstjoere...ûndertusken docht hy dat dus moai wol.....En nee...MASTER DAM...ik bin net bang...benaud of sokssawat foar myn emoasjes of persoanlik gefoel...ik bring it allinne oars...en ik gean gewoan fierder op'e wei dy't ik ynslein bin. De Fryske Literatuer sil ek noch faker fersteld fan my stean....dit binne Eppie syn eigen wurden by in stik oer myn Ljouwerter Kollums...of better sein...myn earste ôfskie fan Omrop Fryslân yn 1992...dat wie yn it net mear besteande blêd de Strikel....hy sei ek noch...Anne Feddema wit sels net iens hoe goed dat hy skreauwe kin. No dat wit hy wol...mar hy skreauwt sa as syn hert him dat ynjouwt...dus like ' MIN 'en like 'GEEF '....sa is it minsken en net oars....hoewol...jo sizze it mar. No mar wer in fotooke. Hjir dan de Siegessaüle...de goadin fan'e oerwinning...naam fanút de bus. Nou totte kiekes meensen.

vrijdag 17 september 2010

Wat ik dan wer haw.


Fan'e moarn kom ik út de sportskoalle...gau efkes te boadskipjen nei de LIDL...op it stuit bin ik oan'e ATKINS...dus sadwaande gjin oft alteast, net in soad koalhydratens...dat wurd freget gewoan om in meartal S...wat ha ik kocht...sprútsjes...skinke....italiaanske woarst...bekend as Salame Abruzzese...hûnekoekjes...ek lekker...twa kear sels...stie op it kassa-bonsje....hie de soech it twa kear oanslein...dochs moai wer 75 euro sint tefolle betelle...ja no....ik lilk..sokke saken kinne myn humeur wol gauris reitsje....ik earst wat eamelje ensafh. doe seach ik nochris op it bonsje....hé wol twa kear hûnekoekjes....MAR!!! gjin Salame Abruzzese....jûchhei....úteins dochs 1, 50 fertsjinne sels...ik bin in lokkich minske...sa meitsje ik altiten in soad dingen mei...avontuerens....ja ek wer in meartal S....dy twangneuroase wurdt myn dea nochris. Sil aanst nochris mei Berlyn skilje...ja, ja de Führerbunker...ris sjen oft se dêro myn pepiereboel al krigen hawwe. Ich muss ja Solvent sein...nicht wahr? Oars krijt jim Oane...dêr sil ik my Anno neame, dêr gjin wente....nicht die Wende.
Dat is wat oars. No sil ik skilderje...en dêrnei noch skriuwe...nije gedichtens.....hâld op keardel! Ik sil it net wer dwaan. Wat ik no wer lies....skriuwers moatte mear op'e marketing toer...it moat ferkeapje...... sa stadich oan krijt de keunst...en net allinne de keunst de djipgong fan in kanary-badsje. Sa noch efkes sjen oft Omke Anne noch in fotooke fine kin. Tschüssi und vielen grüssen. Ik kin de ringeldinges net fine sit net op it toetseboerd...Tastatur! Foto dy't ik yn febrewaris makke haw...naam út'e trein...rjochting Berlyn...earne foarby Minden of sa. De foto hat wol wat fan in ets...mei al dy swarten en grizen.

donderdag 16 september 2010

No,no...moat dat sa lang duorje!!!


Alve maaie, minsken is de lêste kear dat ik wat skreaun ha...dat is net bêst en heart ek net sa. Knilles is al lilk op my....Fryske bloggers stjerre út...no moat ik der wol by sizze dat der ek net in soad binne...dy wat persoanliks te fertellen hawwe...gauris is it in ferlingstik fan TWITTER...no drink ik kofje...no moat ik skite...it is noch wier ek..bin der sa wer yn in poep en in skeet. Mar goed.
Dit wykein wie de presintaasje fan myn nijste bondel....TORPEDO'S LOS!...ja minsken mei in útropteken...en sa as deselde Knilles út it begjin al ûntdutsen hie...it TOR...kin der fanôf en wat krij je dan? no sykje dat sels mar út...oft de bondel better ferkeapje soe? Miskien oan'e doelgroep...dat soe faaks kinne. Op dit stuit...hoe kin it oars mei al dy rein...hawwe we lekkaasje...op it keamerke wêr't ek myn skilderijens steane....der moat mar gau ien by. Moarn bin ik der wer...o ja...ien dinkje noch...no twa dan....Ja ik sil nei Berlyn ta...en ik fûn it petear mei Durk van der Ploeg yn'e LC net goed...wol skelle en raze op'e Fryske Literatuer...dy folle minder wêze soe as de Hollânske...Wat fynt Durk fan syn eigen Wurk??mar wol 25.000 euro yn it ponkje oannimme fan it Nederlands Letterenfonds foar it skriuwen fan wer in nije roman en dat hiel normaal fine, dat fernuveret my, en net in bytsje. Fotooke is út Berlyn...in tsjerke yn...hoe kin it ek oars Kreuzberg.

dinsdag 11 mei 2010

Fan alles en noch wat. Jaaaaaaaaaaa.


Fan'e moarn yn'e sportskoalle west en lekker switten ja...it wie mar wer wat tafallich...myn klûske...de locker, sa as se dat sizze hie it nûmer 33 en op de rinnende bân seach ik op de digitale reade siferkes by...666 en lies ik op de grutte byldbuis foar my dat de ien of oare " ferneamde"?in har tocht ik, ta de Kabbala kommen is of hoe hjit soks?Ik ha 1305 kalorieëns ferbaarnd en sa binne der noch mear siferkes. Moarn sil de krant hjir komme...der wurdt wer in fotooke makke foar de L.C. ik kom yn de rubryk Keunst yn útfiering...no ja...se meitjse in foto op myn atteljee dan sit ik by de skildersezel en steane der wat wurkjes op. Ik bin no dwaande mei in nije rige...alle kommende skilderijen gean oer Kaspar Hauser de wol ferneamde fûnling dy samar ynienen, like it wol, yn maaie 1828 tefoarskyn kaam yn Neurenberg. De skilderijen sille folle abstrakter wurde en eins allinne...no allinne....mar oer kleur te fertellen hawwe. Fierders wie...ja wie...myn selsportret sawat klear..mar juster...sa giet dat minsken...wie my wat net nei it sin...en dan feroarje je wat en noch wat...en ja hear...op lêst wie myn heale harsens al wer fuort...no ja...mar gau wer oan'e slach. De reis nei Dútslân wurdt noch hieltyd ferwurke. Noch mar efkes in pear fotookes. Totte kiekes meensen. Foto is fan sa'n heakje dêr't je je jas oan ophingje kinne op in...en ik ha se wer in soad sjoen fan binnen minsken...skythús. Mar it is fansels krekt in mantsje mei in grouwe noas.

maandag 10 mei 2010

Dikke Döner mar dan net Deun.




It is wat dêr yn Dútslân...oeral Döner Kebap tintsjes...miskien binne der noch minsken dy't net witte wat dat is...Döner?????????? it binne ferskriklik lekkere broadsjes mei fleis...ja dat wol...en in soad griente...reade koal en sa...en saus...dy smoarge broadsjes Shoarma dy'tst hjir altyd krijst ha dêr dus neat mei te krijen. Wy wienen dus yn Worpswede...Keunstkoloanje bekend fan û.o. Paula Modersohn-Becker...Otto Modersohn en Fritz Overbeck en Rainer Maria Rilke...dêr oer letter mear...mar derneist siet dus in Döner tinte net te leauwen...neat is hillich mear...fanút it kreambêd fan frou Paula sa tusken it Fladenbrot....PietaPita....Mar wat hawwe dy minsken hurd wurke...hûnderten fan skilderijen...earst wienen wy al nei Fischershude west...dêr is it museum fan Otto Modersohn te finen...ek in geweldige skilder...hiel bysûnder...benammen ek it lettere wurk dat hy dêr makke yn Fischershude. Te folle om hjir allegearre kwyt te kinnen. Fotookes. It palet fan Otto Modersohn. De foarkant fan it hûs fan Paula yn Worpswede...de efterkant in oanboude ferskrikking...in soart fan galery...en it broadsje Döner fan in Dönerboer dy't yn Drachten wurke hie en in freondinne...Cornelia Shoarma yn Snits hie. Wis wier...ik sis it jimme.

Kurfürst und Currywurst..Knilless de Deen en de dea fansels.






No minsken, we binne wer werom út Noard-Fryslân ( Denemarken sels) en we hawwe in soad sjoen...ik sil der letter ferslach fan dwaan mar earst mar ris wat fotookes.
En it lêste jûnsmiel fan Currywurst...Ich hab es nicht Currygewürzt.

vrijdag 2 april 2010

Groat Leewadder...Liwwadder diktee.


Ja mînsen daar bin ik weer es metten ferhaaltsje innet Leewaddes. Aflopen wúnsdag hadden we dus un diktee en daar hadden se mij as pommeranteke oek foor fraagd. Onnertussen weute jimme wel wie wonnen het...UN SNEKER...maar gien één...niet inne Leewadder...un stukje skreven deur un sjoernamokkeltsje,( dat lústert naar de naam Rosa Groen en dat beter foor de kleureblienens skrieve ken) dat sellef un ferskrikking fannet L. maakt as se ut niet overskrieve ken fan pepier...noëmt eventsjes wie tweude wurden is....jawel jimme eigen Anne F. út L. se sêge allemaal dat ut un geintsje weze mut...jaja...sun diktee...mar ik bin de Sven Kramer onner de taalbrúkers dus ik wil eerste wurde...dat is Henk wurden...fan hatte...un feer hoef ik em niet meer te geven. Ik fien mie sellef echt niet geweldeg...mar ut is un wonner dat ik tweude wurden bin...en waarom? omdat ik mie anpast hew...foor jimme...ja...jimme Anne F. het em anpast...want hadde ik ut skreven su as ik ut normaal doën...su as in skúnpútsersgúd..of hier...dan wadde ut niet goëdkommen. Hew dus oek skreven folns ut L. Woardeboek...dus weard en mear en su meer...der waarden overegens mar tweu puntenS ferskil tussen Henk en mij...dus en dat is sellefs arbitrêr...want ik fon dat Pieter de GrOAt der su nou en dan oek mar wat fan maakt hadde...wie seit nou POLLETYK...foar POALETIEK...ja Malle Pietje...of su. Mar goëd ut wadde wel leuk...folnde keer weer...mar dan sunder mij. En nog un nijtsje...se hewwe mie fraagd omme Geest fanne Oldehove te speulen...de torenwachter...innet kader fan..meer toerisme nare TOREN te halen komme se metten interaktief pregramma...met beeldskermens en gelúd...folnde week binne de opnames in Amsterdam...erns oppet haventerrein...jaja...hadde porno sal ut wel wurde...miskien en niet MESKYN su as innet diktee...is ut wel un ferlengde 1 april grap of su. En ik gaan oek nog naar Spanje Catalunya...dat fertel ik nog wel en....fanne middag kom ik toch inne krant...na..na..na..nana...de ekspo wurdt besproken...iedereen is razend entosjast mar kope ho mar...krekt wat jou sêge meneer de KRISIS...nou dat waddenet totte kiekes. Met nog un fotooke. Dit is dus der alte Fritz...un rúterstanbeeld en ut staat in Berlin op Unter den Linden...ut ouwe Oasten salle we dus mar sêge.

zaterdag 27 maart 2010

Efkes koart troch de bocht.




No dat wie al wat by de toskedokter...35 jier lyn ris in folling hân...dy't der fan'e wike ynienen útfoel...miskien ha ik him al útskiten...ik wie altiten al in kwik mantsje...mar ja....hurd oan it wurk mei myn selsportret foar Tresoar...it moat in goed skilderij wurde...sa'n skilderij dêr't je net om hinne kinne...it hinget dan ek oan'e muorre...dan moatte je earst troch in doar...sa'n skilderij dus...hjoed wer ris in feestje...fan Inge har famylje...dy komme fan'e jûn...ik ha no al pine holle....juster in optreden hân by de speultúnfereneging Inselinde...ik ha respekt man foar dy minsken dy't har noch sa ynsette tsjintwurdich...krige in lytse fergoeding...dêrfoar ha ik fan'e moarn bôle kocht by de bakker en lekker foar de fret guod derop...mar dat dan wer by de LIDL. Hjir in pear fotookes fan myn eksp by galerie de Vries yn Ljouwert. Takommende wike freed in besprek yn'e Ljouwerter...reaksjes binne allegearre tige priizgjend en dat is moai...mar der moat ek wat ferkocht wurde en dat mynhear yn dizze minne tiiden...no ja...ik ha al fan alles meimakke...we komme der wol....myn paspartouts en lysteboel ha ik der yn elts gefal al wer út. Totte kiekes.

dinsdag 23 maart 2010

Einlings moai waar....



No dêr bin ik dan wer ris...dat is alwer in moai skoft lyn...skandalich fansels...mar ja...wat blogge je der oan...haha...ja, in grapke heart derby minsken. Sneon wie de iepening fan myn útstalling by Galerie de Vries yn Ljouwert....All of my friends were there....dat is in moai âld Kinks nûmer fan'e lp...Face to face...tocht ik..mar wis bin ik net...mar goed...yn elts gefal binne der al in pear wurkjes ferkocht...de measte minsken ferjitte lykwols dat de helte der noch fan ôfgiet en dat ik oer myn helte ek nochris belesting...dêr hawwe je se wer...betelje moat....dêr haw ik oars noch wol wat oer te sizzen...de belesting dan...se woenen my net mear as ûndernimmer sjen...dat kin in soad jild skele...wol 9.000 euro...dat is de selstannige ôftrek of sokssawat...oer 2007 moast ik no yn ien kear sa'n 3.500 euro werom betelje en....en dat wie slimmer...foar de kommende jierren woenen se my net mear as ûndernimmer sjen....dêr hawwe wy...pluralis majestatis...de akkountant en ik beswier tsjin oantekene...en dan wurdt it in hiel ferhaal...mar it komt hjir op del...hja jouwe ús gelyk...dus alles wurdt wer werom draaid....god noch oan ta....fyf moannen stress hân...soks wurket troch...mar ik bin der fanôf en ik bin wer ûndernimmer...by de belesting wisten se ek net wat ik oars dan wie...mar it hat allegearre mei jild te krijen...dat wol! It wurk op'e tentoanstelling hinget prachtich....wis wier...ik sis it jimme...Kuitertochten(s) fan Tsjaikovsky. Yn'e New Wave tiid hienen je in sjonger fan in band en dy hjitte fan Bram Tcaikovsky....ik ha der gjin noat mear fan yn'e holle neffens my...efkes wat oars...juster jûn barde der wat nuvers en ferskrikliks...alteast foar my...in grut grou gat yn myn ferstânskies...oars net in goeie oersetting...ek net yn it wurdboek...yn it Hollânsk is it de Ver-stands-kies en dat hat neat my it ferstân te krijen mar alles mei it feit dat dizze kies it fierst wei yn'e mûle sit...eins soe it dus fierstânskies wêze moatte...mar goed...no moat ik tongersdei om acht oere moarns by de toskedokter sitte of lizze is it eins mear...of earst sitte en dan lizze. Op'e tentoanstelling wie ek Alex Kooistra...in noch jonge Fryske byldzjend keunstner...dy binne der dus ek noch...hé dat komt my bekend foar...no ja in Déja Vu sille we mar sizze foar it gemak... ha krekt ek noch efkes yn it sintsje sitte kinnen mei ús Nynke...it hûntsje ja....mar ik hie it der mei Alex K. oer dat in soad Fryske byldzjend keunstners...it non belied fan it Frysk Museum in kriem fine...dus meikoarten kinne de bewenners fan dizze Fryske fariant fan it kastiel fan Doornroosje...Toarneroaske...noch wol wat ferwachtsje...se dogge neat mei harren kolleksje...ien lullige tentoanstelling en dy duorret oant yn'e ivicheid....no moar bin ik der wer en der komt noch in foto...jûn spinaazje mei ierpels en sju en woarst....hjir ha ik wat oars...yn Amsterdam dêr wie ik ferline wike mei ús Femke...op ien middei wienen we yn de Hermitage....it Van Gogh museum en it Ryks...en dêrnei noch yn Arti et Amicitiae...dêr't ik lid fan bin....ik wie der sûnt 2004 net mear west...skande en ja hear...der stie noch in kaartsje fan my...tsssssssssss.

vrijdag 12 februari 2010

Wat my dwers sit. It libben in hiel(e) aven(toer).


Ja minsken, meensen, mênsen...der sit my fan alles dwers. Saak is om net alles yn ien kear op'e merkt te goaien. De júste wurden hawwe gewicht en je moatte se laserje...bondelljocht...je filosofyske pylken goed rjochtsje en dan sjitte....sssssssssssssssss....toinkkkkkkkk... Ik ha no al in pear kear dreamd fan it barren yn'e Harmonie fan in pear wike lyn..Pieter de Groat syn feest en de hieltyd komt de lilke hasses fan Tryater akteur J.A....der wer yn foar....foar it programma begûn...rûn hy by my lâns...en hy seach ferskiklike lilk nei my....dat wie dus net yn'e dream....mar echt...real time...ik siet al op myn plak....mar it gekke wie...it hie der efkes fan dat ik dreamde yn it echte libben...ik tocht noch...wêrom sjocht dy kearel my sa fûl oan...je witte it mar nea...ik ha leau ik noch nea ien wurd mei de man wiksele...ergo???????As of de dea fan Pierlala út in ets fan Dürer kaam wie om my op te heljen...ik hie noch gjin potsje bier hân, en ik wie ek net yn in LSD trip...ik fielde it wis wier sa. Soks hâldt my yn elts gefal dwaande....en paranoia bin ik net...dat is neat foar my. Hy soe oars in hiele goeie steltrinner west hawwe en dan yn sa'n pakje fan uncle Sam en dan werom sjitte yn'e tiid fan it reizgjend toanielselskip fan Wilhelm Meister...en no we dan dochs by in toanielselskip binne...werom freget dat Tryater nea Fryske dichters of skriuwers om ris in orizjineel toanielstik te skriuwen.. ja dat sil jild kostje ja...dan mar net yn fan dy grouwe weinen fan toaniel nei toaniel ride...altyd mar dat ynsest bernich gedoch...
we helje it ferhaal fuort by it folk...jaja...jat mar in ein fuort...en dan sjoche se net lilk fansels...as se wat fan je moatte dan binne se sa leaf...al dy netwurkers dy ompankoekten nei ôfrin by de neisit yn'e Harmonie...ik ek dus...mar net foar iderien. Nou totte kiekes meensen. Foto...ynterieur fan in tsjerkje yn Wales.

woensdag 10 februari 2010

Hurd oan it wurk. Hard annet werk.


Ik bin wer los en ik siet net iens fêst...yn it ferline, doe't ik tahold op Ateliers '63....wat iddat? yn Haarlim, sei ik dat wolris...ik ha twa jier yn Haarlim sitten....de ferneamde Koepel...ik wenne der wol tichtby...ach myn hert...Haarlim, it is allegear al mear as, Pake fertelt, tweintich jier ferlyn...kin der net by...doch noch hieltyd hurd oan it wurk mei de byldzjende keunst...it moat dochs wol wat betsjutte tinkt my...ha in pear dagen net skreaun om't ik..jaja...nije fersen makke ha en al opstjoerd nei Ensafh. meikoarten sil ik ek noch fersen opstjoere nei Trotwaer...de Moanne dus....yn it Hollânsk...dat heart sa leau ik...of ha ik der neat fan begrepen? of sil ik it yn it Aramees dwaan, ek gjin deade taal, hwent Mel Gibson...hiel âld kattelyk en Jezus prate it ek dus... Ik ha fraaie dingen makke...fyn ik sels fansels...en sa heart it ek...oars kin je like goed ophâlde...takommende wike komt Bert Rinner op myn atteljee, we sille it ha oer syn selsportret...ooh nee...myn selsportret...ja minsken...as GJpriis winner..mei ik myn portret sels meitsje...sjedêr in selsportret...der hingje yn dy seal fan Tresoar in oantal skilderijens...dy bin net echt goed....ja dy fan Sjoerd al...dy binne sa eigen as it mar kin....mar dy oaren....it hâldt net oer....in skilderij moat gewoan in goed skilderij wêze...dan komt it goede lykjende portret fansels wol. Eefkes wat oars....ik sil fan'e wike ek ris meispylje yn'e lotto....18 miljoen eury...je sil it dochs mar winne...ik ferdwyn fuort nei Berlin...no ek al de 24e om dêro wat te finen...mar dan hoecht men net op in dûbeltsje te sjen. Moarn bin ik der wer...praat ik wol fierder. Foto...de grutte tinker wit it ek net altyd. Mear hier op'e Popeye earmkes as op'e skedel...!

vrijdag 5 februari 2010

Eefkes fluch.


Juster yn'e trein, fan it Fean nei Ljouwert kaam ik Sjoerd de Vries tsjin...ik moat sizze ik ha wolris minder mei him kind...we hienen it oer de skilder Avercamp, waans tentoanstelling ( ik sjoen haw yn it tydelik ûnderkommen fan it Ryks ) grutte oantallen besikers lûkt. En oer, sa as altyd by Sj. de V. , syn wurk, benammen syn wurk...ik sei dat it lêste dat ik fan him sjoen haw by gal. Steven Sterk , in barfrou, my tinken die oan in goatysk skilderij...sa'n opstanning fan Kristus út it grêf fan Dierc Bouts of sa...dat fûn der moai...hy sei...dat sjocht gjin ien mear...mar ik wol Sjoerd. Ik wie op it Fean ek by boekhannel Binnert Overdiep west...dêr haw ik de Fryske Bibel kocht....wis wier ik sis it jimme....dy is dochs wol oars as de âlde Wumkes fersy, ik bedoel allinne de stavering al fansels...mar ek hiele sinnen en opsetten...Jezus giet hjir gewoan dea...net in goed ein...sa as Hollywood betocht hat....dy malle Mel Gibson ek dy wit der neat fan. No moat ik wer fuort...totte kiekes meensen...kom letter op'e dei noch werom op wat sakens....moat noch skelle op guon minsken...ha wol in nij fers skreaun...nee...set ik hjir net del...moat der faaks noch wol wat sintsjes foar beure as it heal kin...hahaha...it is wol âld en nij testamentysk tagelyk. Fluch in fotoke. Mei krús. Ingel op pylder by it Hermitage yn St. Petersburch.

donderdag 4 februari 2010

Blogger com e home.


No werom út it Fean...krige allegearre ideeëns foar fersen...hie it lytse Fryske wurdboekje by my..fan van Goor...ja...nee....in smoarch boekje...fieze boekjes leze? ja...must un Doanald Duckje deure stront hale...dat seine wy eartiids altyten yn LjouwertLeewadden. Kom moarn wol my de ferhalen...sil ik myn gefoelens fierders fentilearje of luchtsje...snúf no fêst...it sil oer taal gean en pratende harsessens. Se komme allegearre oan bar...wa't fuort wol kin no noch in plakje sykje. O ja..jimme Ferlosser hat ûnderweis noch in bline man better makke...hy hie de gryp...! Noch in foto fan in flinterke..net sa skerp...mar dat makket dy bline man net út. Ik fûn it wol wat in nouoooooooooeuheuh....psychedelysk byld.

Fan alles en noch wat.


Bin wer fersen oan it skriuwen, dy binne dus al foar de fjirde bondel...ja minsken it giet hurd, foar dat jo it witte bin ik aanst 85 en is myn samle wurk al útkaam. Se wurde, fansels, apart..mar boppe al sille se hiel muzikaal wurde...dêr sil ik persoanlik foar soargje...jim mantsje mei gâns kanten...ik lul mar wat hear...Ik dream sa nuver de lêste tiid...no wit ik al...dreamen fan in oar binne de measte tiid net nijsgjirrich...as je it talint net hawwe om it kreas foar it fuotljocht te bringen en sa is it mei alles úteins...fan iten siede oant bern nei skoalle bringe...eefkes wat oars...reaksjes op myn blochs krij ik dus nea...hoe soe dat no komme? wa moat ik earst misledigje...hokker stienkrobben moat ik kidelje? sis it mar...jimme rabouni wit it wol. Aanst moat ik nei it Fean foar in evaluaasje, sa as dat hjit, net foar my...dat docht it kwasikutkeunstwrâldsje wol, mar foar in projekt dat ik dien haw foar Lânskipsbehear Fryslân en de ien of oare lanlike organisaasje en VMBO learlingen, je binne der mar moai klear mei as jo dêro alle dagen mei te krijen hawwe...wis wier ik sis it jimme. Respekt man! Respekt foar de dosinten. Miskien kom ik hjoed noch eefkes werom as ik der de tiid foar haw...o ja...juster broccoli iten mei ierappels...bakt en sean....en un nat wusje....wat? farske woarst...o...sis dat dan!
Fotoke...skriuw juster Trinus R. te F. dat is dochs Japânsk? Fotootsje fyn ik moaier of fotooke...bliuwt te ticht by Shiitake...no ja eins is it prachtich...hoe mear postmoderne crossover...krúsbestowing?de better. Totte kiekes meensen...oant sjen...letter....hasta luego. Foto is septimberljocht op it wetter earne yn Fryslân...rjochting Wergea tocht ik.

woensdag 3 februari 2010

De dea is wer yn it lân.


De minsken stjerre wer by boskes...boekeman van der Velde...de âld eigener fan de Werkman...in kleanwinkel op'e Foarstreek en gean sa mar troch...alle dagen kinne jo je lol wer op...ik ha mei Knilless foar Duo von Däniken....wat?! ja...Duo von Däniken alris in kear in harkspultsje betocht foar Omrop Fryslân...WA IS DER NO WER DEA YN FRYSLÂN? briljant fansels...mar ja we krije hast gjin besikers...gjin harkers...mar minsken dy dea binne krije...as se lok hawwe wol besikers...op'e begraffenis of kremaasje...as it mar heal kin ( ik moat de minsken wol kend hawwe fansels...je hearre wolris dat der fan dy figueren binne dy foar in bakje kofje mei cake alles ôfrinne)gean ik nei kremaasje of wit ik it. Of ik stjoer in brief of kaartsje...lêst by de dea fan Hendrik ten Hoeven...is der in advertinsje setten...ek út namme fan...en dan myn namme fansels...ik hâld dêr net fan...moat ik sizze...bin der net gek op...ha jo je de namme der ek by...as it swarte rantsje der omhinne net foar josels is...dan libje jo. Dan soene jo...as je wat kinne...fan alles kinne en sterker noch ek dwaan moatte...en dêr sit it him no yn...dan dogge jo it faak net...en dat neam ik de grutte skande fan mysels...om wat te dwaan moat ik op gong komme...dat fyn ik de lêste tiid hieltyd dreger...sit tusken de earen...mar hat ek mei de omjouwing te krijen...ik gean dus fuort...ik hoopje dat mei net te lange tiid ek blochs ferskine sille...skreaun yn of fanút Berlin...Hauptstadt des deu....o nee dat is it fansels net mear...Hauptstadt Deutschlands...Berlin...Berlin die ewig junge Stadt...Berlin...Berlin...die meine Liebe hat...genau im Mittelpunkt der Welt...hat sie der Herrgotte hingestelt...doch ik út myn ûnthâld..dus...mar ik bedoel mar te sizzen...dat wol ik graach...mar ik kin dus moarn...asens noch sels samar dea delfalle...en dan is it klear. Nou meensen totte kiekes...hopelek...da's weer Leewaddes dan...ja Leewaddes...of ik mag doadfalle.

dinsdag 2 februari 2010

Ik kin der net mei ophâlde!


No minsken, it wurdt tiid om der NET mei op te hâlden...ik kin it gewoanwei net...sa'n belesting sit te eameljen...jo binne gjin ûndernimmer...nee, no wat bin ik dan? no, jo binne immen fan oare ynkomsten, sy neame dat dus, Overige Inkomsten...mar ik lit it der net bysitte...ik gean ûnferoare fierders mei wat ik doch...bin aanst wol in hiel soad jild kwyt....aanst 28 jier dwaande en dit ûnhuerige Slúvesmurfefollekje sil my wat leare. WATTE!!!!!!! FUCK THEM ALL!!!!!!! Moaie tentoanstelling sit der oan te kommen...ik bin der mar wat wiis mei dat ik wer ris wat sjen litte kin, nei twa jier op myn atteljee wurke te hawwen.ûndertusken haw ik dus ek in wurkbeurs oanfrege by it fûns foar de letteren, sit yn Amsterdam. Grappich ferhaal, dêr sit dus yn dy't myn fers...De buorman rint graach op nullehakken, tige wurdearret...apart no...hy begûn der oer yn in offisjeel skriuwen...Ik wil wel graag een exemplaar van de bundel Slapstickiepenbierings voor het archief,al was het alleen maar om mijn persoonlijk favoriet gedicht...sjoch hjirboppe...in de buurt te hebben...dêr fine se it moai...no fiel ik al wer oankommen....aanst moat alles foar de Frysk fijannige lêskommisje...en dy seit AF. GJP priis wûn...it seit ús allegearre neat...GJIN SUBSYDZJE FOAR FEDDEMA...de wenst oeral oan...no minsken moarn sil ik besykje der wer te wêzen...no dat slagget noch wol tink ik...mar om te skriuwen...it is dochs hiel wichtich en je fiele je gek genoch ek noch wer better nei dat je wat skreaun hawwe. Ik sjoch noch wol foar in fotootsje. Totte kiekes meensen. O ja, myn wurk is dus nearne te krijen....Reidhintsje dus net...ik soe lilk wurde moatte...mar wat bin der met fan noaden...nij wurk is folle positiver. It hoantsje op'e toer fan Tsjerkebuorren...mei in hôf wêr jo dea noch net lizze wolle of better sein net mear!

maandag 1 februari 2010

It is ek mar wat nuver allegearre.



It wie mar in nuvere wike...in folslein apart optreden op it feestje fan Pieter de Groat...ik woe wat nijs bringe en dat ha ik ek dien, mar minsken betelje je net foar jo, se krije je der by, en wat you hear is what you get...oarsom ek dus...hiel gek om sa no en dan in isolearre laits gjalp te fernimmen...no ja..de man dêr it om gong hie him wol fermakke...ik fertel dit benammen ek om't it feit dat ik fan'e moarn frege bin foar in optreden by in jierferslach fan it FNV leau ik as komyk, moat je soks no fertrouwe? ik wit it net....fierders de iene blauwe slúf nei de oare yn'e bus fan'e belesting, de postboade hie syn spultsje ek mar yn'e bus stoppe...ik bin de "aftrekpost", ja minsken, in grapke heart der by moatte we mar tinke...Knilless hie ek sein op syn bloch, dat hy it mar gek fûn dat der hieltyd minder Fryske bloggers fan har hearre litte...hy hat gelyk...fan my foarop..it is skande en dat moat ek feroarje...no hjir is wer in stikje...it is fansels wol sa, dat der mear, folle mear stikjes fan myn hân ferskynden, as ik der foar beure soe. Totte kiekes...ik sil noch wol eefkes in moai kreas fotootsje útsykje. In foto, makke op Skylge, ferline jier juny...jawis by it Oerol. En noch in foto earne by Wergea yn noch hiel moai ein septimber waar.

dinsdag 5 januari 2010

Lokkich nijjier 2010.


Ik soe in flink epistel skriuwe mar dat komt der wer net fan minsken...en ja ,ik ha fiersten te lang neat fan my hearre litten...mea culpa! Yn elts gefal woe ik wol efkes kwyt dat dit in jier wurde moat wêryn in soad saken feroarje sille en moatte. Ik wol nei Berlin en dat sil troch gean...ik ha al wat op it each...beide sels. Mear meikoarten...moarn of sa. Lokkich nijjier Anne hâldt fan jimme. Dizze foto is makke yn Bremen, dat is noch gjin Berlin mar al wol in stikje dy kanten op. Ut de Weserburg, museum foar Moderne Keunst oan'e rivier de Weser.