Goeie minsken, dat is al wer fiersten te lang lyn...jimme hawwe gelyk...ik twitter dan wol mar ik soe likegoed in bloch skriuwe kinne yn dy tiid, dan mar wat koarter en in soad foto's en filmkes mei muzyk derby...ja dan komt it wol goed. Mar o..o..o...ooh...ooooooh...Much ado about nothing....sa soene je de útstalling oer myn persoantsje yn Tresoar wol it bêst omskriuwe kinne...mar bêst is it perfoarst net. Wat ik sjoen ha...is folslein amateurisme...sa meitsje je dochs gjin tentoanstelling...trije steande fitrine taffels, dy't, doe't ik der wie ek noch net yn'e Gysbert seal sels stienen, mar earne oars...der wie in lunsj oerlis...dan moat de seal leech. Lit my earst wat foarop stelle...ik bin net in solipsist...ik bin net it mulpunt fan it Universum...hoewol hear ik Knilless no sizzen...bin wurklik net sa gek op my sels...mar dit is net profy. Ach en ik wit wol, no kin je de bek wol wer stilhâlde en tinke...foar dy pear wiken..lit mar...mar dit docht my en myn wurk gjin rjocht...ik ha it se krekt ek al witte litten yn in mailtsje..se sjoche dus mar wat se der mei dogge...werom ha se my net by de opbou belutsen...der sit gjin inkeld systeem yn...wa't der yn'e buert is moat foar de aardichhyd mar efkes sjen...de ynfo dy't gewoan op Tresoar te finen is, is wol tûzen kear helderder en nijsgjirriger...miste kâns...fierders hâld ik der mar oer op oars wurd ik ek noch lilk en ik bin sa lekker oan it skilderjen...ik krij miskien wol in keunstagint...dy't saken foar my regelje sil, útstallings ensafh. al wer útstallings ja...mar dit giet dan benammen oer de kontakten tusken galery en keunstner...wil sille wol sjen wat dat allegearre opsmite sil. No minsken witte jimme ek wer hoe let is by my....Sito W. is krekt by my west mei in kamera om in nijjierswinsk fan ús ....de hûn en my fêst te lizzen....spontaan sei Sito noch en krige in koeke mei...in rôze koeke fan'e ALDI...nou totte kiekes meensen...en nei Tresoar...noch in moaie foto komt deroan hear. Wapperjende Katalaanske flagge...it is der mar ien dus..soe Sito W. sizze.
donderdag 19 november 2009
Utstalling...lit it dan mar!

woensdag 21 oktober 2009
Dream ensafh.
Fannacht hie ik in nuvere, ja ik ek al, dream. Foar my wie der ekstra nuver, want hy gong oer kompjûters en ik seach dúdlik in byldskerm mei fan dy wite rûs of hoe neamst dat? Wyt gerûs? It skynt dat dat noch oerbliuwsels binne fan'e ferneamde Oerknal...the Big Bang...de stjerre Gangbang...ek wer in moaie titel foar in bondel...Stjerre Gang Bang...fierders komt my neat yn't sin, moat ik earlik sizze...as je no ek al yn je dreamen gjin byld hawwe, no hâld der dan mar mei op...ik sil sa wer te skilderjen...ús fanke leit neist my...it is wer rêstich yn hûs...gjin fotografen ensafh. om my en Nynke op'e foto te sjitten...stadich komme der allegearre nije wylde plannen yn my op...nije fersen...ferhalen...ik hâld jimm' op'e hichte...miskien wol in pear kear op in dei...no noch in fotootsje derby...en dat rymt! De foto is makke yn'e metro fan Moskou...de stasjons steane bekend om harren Stalinistyske byldegroepen en rykdom oan marmer...it moasten de paleizen fan it folk wêze. De reade tsaar...lês it boek fan Montefiore.
dinsdag 20 oktober 2009
Ik sil it nea leare.
Krekt by in boekeferkeap west yn'e MIKMAK of soksawat...in soart fan needferkeap...NEEDSLACHTING FAN BOEKEN....moaie titel foar in fers...fyftich eurosint...mar ik moat gjin boekensssssssss derby...se moatte júst fuort...de boeken komme út Schoorl....SKOORL dus foar de West-friezen....Skoorl...wie dêr net dy dúnbrân...moasten dêr net al dy minsken evakuearre wurde...ja dus...de boeken hawwe frijwat reekskade oprûn...but who cares...hookers...nee hear...ik kocht it boek..Een vriend voor de schemering...in roman fan Warren dy't net útjûn is yn'e fyftiger.. jierren, 1952 sels...koartsein in HOMOboek...no sa...en ek noch in boek mei de titel...Geograf globus propil...fan'e skriuwer Aleksej Ivanov...oersetting...de man die zijn wereld opdronk...ik bin benijd...en dan noch twa boeken, keunstboeken...in boek oer fotografy...mondaine foto's út Cannes en Biarritz ensafh. en ien oer de byldhouwer Henry Moore...dat sei syn frou ek altyd..dus ik sis it ek mar. Twa euro wie ik kwyt...it is fergees menear.
Juster wie ik by de iepening fan'e tentoanstelling fan myn ferstoarne freon Harmen Abma...einlings krijt de goeie man dan syn wolfertsjinne erkenning...mar wol dea dus...it klisjee fan in keunstnerslibben..godferdomme! Bin ek efkes oan it netwurkjen west...en ja dat wurket dochs...we sille wol sjen...no sil ik fierder te skilderjen..ik sit op it stuit beneden yn'e keamer oan'e kokenstafel...lekker waarm...ik meitsje dêr wol lytse wurkjes hear...op bierfiltsjes ensafh. No...meensen totte kiekes...myn dochter Femke komt sa foar in bakje tee...ik bin in hiel boargerlik mantsje...in biedermeier aapke...komt noch in foto.
De foto is makke yn Novgorod...de nijstêd...nije stêd dus...begjin maaie 2008...de temperatuer wie fan tweintich graden...sawat Stalingraden wurden...mei wiete snie...wat bin ik dochs in kreas keardeltsje fine jimm' ek net berntsjes?
maandag 19 oktober 2009
Goem.
Hatsekidee.
Efkes koart freonen. Hjir bin ik wer. Ik bin wer in bytsje op ierde hear...mar it wie al wat. No gean ik mei de bealch derfoar...hurd...hurd wurkje...nije fersen meitsje, nije skilderijens ensafh. en muzyk...Corknorr ik kom der oan. Wat binn' my in soad fearren yn'e kont treaun...ik wie krekt in revue dûnseres. Skitterjende dei hân yn Gysbertplak Boalsert...ik seach eins allinne mar fleurige kopkes en gjin lilke hasses der tusken...moai sa. Ik sil noch in foto útsykje foar jim en dan lul ik dêr noch wat by...mar ik beloovje jimm' dat ik de boel byhâlde sil. Dit is dus in foto út Moskou...en dit is sa'n nijen rikenien...dy't in giga wein hierd hat...it wie sawat ien maaie en der wienen allegearre soldaten yn'e buert oan it oefenjen foar de parade op it reade plein. Ik hearde harren reaksjes...sy seagen dit keardeltsje ek fansels...se woene him wol dea skoppe of ophingje...skoppe hie dan better west...want der binne net in soad beammen te finen yn dy buert. No totte kiekes meensen.
zaterdag 12 september 2009
Fan alles en noch wat.
No dat is alwer in toarn lyn, fiersten te lang...ik wit it...mar ik moast fan alles en noch wat...dakkapel fervje...is dien...al myn muzyk en keunstboeken op folchoarder is allegearre klear...tredde dichtbondel nei de útjouwer stjoerd..Bornmeer...klear...nije skilderijen makke nei Corknilles west foar nije opnamen...ja ek yn it sikehûs...meikoarten te beharkjen...it dôve popke...is it net geweldich en doe fan'e wike...Jo ha de Gysbert JapikNeepikcxpriis wûn...waaaaaaaaat? wolle jo dat nochris sizze Jannewietske...of binn' jo in oar in imitator...Imitatione Christi...mei Thomas à Kempis yn in hoekske...no it die bliken dat it wis wis wier wie om mar ris yn bibeltaal te bleauwen en it is dus net te leauwen...noch hieltyd eins net...no gean ik nei de Champions League en skreau ik tenei mei Händel yn'e holle. Dy't no hiel tafallich op'e radio is...mar ja it is dan ek de BBC...en Händel hat...sa jimme net of wol witte yn Ingelân wurke foar de Kening George de twadde tocht ik...de tredde wie fierders gek en dus in stik nijsgjirriger...George the thurd hie de keutel by it skjinne ein...mar goed that's another story. It is prachtich fansels...wat in erkenning en wurdearring en ik kin dan ek net goed ûnder wurden bringe hoe wiis ik der mei bin...sil aanst noch in goed tankwurd skriuwe moatte...ik meitsje der mar wat stand up comedy fan dat binn' se dêr yn Boalsert net wend tinkt my. Mar minsken, efkes sûnder gekhyd...ik sil myn bêst dwaan om in koherint ferhaal ôf te stekken oer taal en minskelike tekoarten en de ynfloed fan Darwin op myn fersen en Laurel & Hardy net te ferjitten. No minsken...meensen ik sal eventsjes feddes met alles wat ik nog doën mut...totte kiekes. En noch in foto...voor Drs. P....Zachtjes snort de Samovar.
Abonneren op:
Posts (Atom)