dinsdag 22 februari 2011

Eindelijk een nieuw blog. Einlings in nij bloch!


De grote verhalen komen er aan hoor mensen...maar ik wil vandaag eerst en vooral wat foto's laten zien. Dat begripe jimme wol tink ik? Of lêze jimme gjin Frysk, dat kin ek fansels. No, dan mar fluch leare want it stiet tichter by it Nederlânsk as it Limburgsk. Sei myn dochter okkerdeis...en dy kin it witte...dy is dosinte Nederlânsk...Ach, ik en zal U niet langer plagen...hier beeldmateriaal. De foto is gemaakt in de tuin van iemand die ik van vroeger ken uit Potsdam, daar vertel ik een volgende keer over. De foto ziet er tamelijk Caspar David Friedrichiaans uit...komt hier toch niet voor niets uit de buurt...tocht ik!

dinsdag 16 november 2010

Mozart...de Haydn kwartetten.


Mei ik fan jo...fan'e strykkwartetten fan Mozart...it strykkwartet yn d mineur....HA KWARTET...ja minsken in grapke heart derby. Bin op it stuit drok dwaande om nei Berlyn te kommen...en ik sil der komme...meikoarten gean ik der wer seis dagen hinne en dan geht's los....nee...nee...gjin TORPEDO'S...( myn lêste poezije berntsje ) dêr stie okkerdeis in nuver besprek fan yn'e Ljouwerter..fan Eppie Dam...in foto derby fan twa by twa meter..( dat ûnthâlde de minsken ) en it is wier wat Willem Duys sei....' Het geeft niet wat ze over je schrijven, als ze maar over je schrijven'.........mar...ynhâldlik in stik fan LIK MYN KUL...nearne wurdt neamd werom in fers al dan net 'min'...'geef ' of 'ûntwapenjend' is...as je it stik goed lêze liket it wol oft de man in HAAT-LEAFDE ferhâlding mei my hat en dan dat SKOALMASTER toantsje...gjin ien mei in dichter in bepaalde kant opstjoere...ûndertusken docht hy dat dus moai wol.....En nee...MASTER DAM...ik bin net bang...benaud of sokssawat foar myn emoasjes of persoanlik gefoel...ik bring it allinne oars...en ik gean gewoan fierder op'e wei dy't ik ynslein bin. De Fryske Literatuer sil ek noch faker fersteld fan my stean....dit binne Eppie syn eigen wurden by in stik oer myn Ljouwerter Kollums...of better sein...myn earste ôfskie fan Omrop Fryslân yn 1992...dat wie yn it net mear besteande blêd de Strikel....hy sei ek noch...Anne Feddema wit sels net iens hoe goed dat hy skreauwe kin. No dat wit hy wol...mar hy skreauwt sa as syn hert him dat ynjouwt...dus like ' MIN 'en like 'GEEF '....sa is it minsken en net oars....hoewol...jo sizze it mar. No mar wer in fotooke. Hjir dan de Siegessaüle...de goadin fan'e oerwinning...naam fanút de bus. Nou totte kiekes meensen.

vrijdag 17 september 2010

Wat ik dan wer haw.


Fan'e moarn kom ik út de sportskoalle...gau efkes te boadskipjen nei de LIDL...op it stuit bin ik oan'e ATKINS...dus sadwaande gjin oft alteast, net in soad koalhydratens...dat wurd freget gewoan om in meartal S...wat ha ik kocht...sprútsjes...skinke....italiaanske woarst...bekend as Salame Abruzzese...hûnekoekjes...ek lekker...twa kear sels...stie op it kassa-bonsje....hie de soech it twa kear oanslein...dochs moai wer 75 euro sint tefolle betelle...ja no....ik lilk..sokke saken kinne myn humeur wol gauris reitsje....ik earst wat eamelje ensafh. doe seach ik nochris op it bonsje....hé wol twa kear hûnekoekjes....MAR!!! gjin Salame Abruzzese....jûchhei....úteins dochs 1, 50 fertsjinne sels...ik bin in lokkich minske...sa meitsje ik altiten in soad dingen mei...avontuerens....ja ek wer in meartal S....dy twangneuroase wurdt myn dea nochris. Sil aanst nochris mei Berlyn skilje...ja, ja de Führerbunker...ris sjen oft se dêro myn pepiereboel al krigen hawwe. Ich muss ja Solvent sein...nicht wahr? Oars krijt jim Oane...dêr sil ik my Anno neame, dêr gjin wente....nicht die Wende.
Dat is wat oars. No sil ik skilderje...en dêrnei noch skriuwe...nije gedichtens.....hâld op keardel! Ik sil it net wer dwaan. Wat ik no wer lies....skriuwers moatte mear op'e marketing toer...it moat ferkeapje...... sa stadich oan krijt de keunst...en net allinne de keunst de djipgong fan in kanary-badsje. Sa noch efkes sjen oft Omke Anne noch in fotooke fine kin. Tschüssi und vielen grüssen. Ik kin de ringeldinges net fine sit net op it toetseboerd...Tastatur! Foto dy't ik yn febrewaris makke haw...naam út'e trein...rjochting Berlyn...earne foarby Minden of sa. De foto hat wol wat fan in ets...mei al dy swarten en grizen.

donderdag 16 september 2010

No,no...moat dat sa lang duorje!!!


Alve maaie, minsken is de lêste kear dat ik wat skreaun ha...dat is net bêst en heart ek net sa. Knilles is al lilk op my....Fryske bloggers stjerre út...no moat ik der wol by sizze dat der ek net in soad binne...dy wat persoanliks te fertellen hawwe...gauris is it in ferlingstik fan TWITTER...no drink ik kofje...no moat ik skite...it is noch wier ek..bin der sa wer yn in poep en in skeet. Mar goed.
Dit wykein wie de presintaasje fan myn nijste bondel....TORPEDO'S LOS!...ja minsken mei in útropteken...en sa as deselde Knilles út it begjin al ûntdutsen hie...it TOR...kin der fanôf en wat krij je dan? no sykje dat sels mar út...oft de bondel better ferkeapje soe? Miskien oan'e doelgroep...dat soe faaks kinne. Op dit stuit...hoe kin it oars mei al dy rein...hawwe we lekkaasje...op it keamerke wêr't ek myn skilderijens steane....der moat mar gau ien by. Moarn bin ik der wer...o ja...ien dinkje noch...no twa dan....Ja ik sil nei Berlyn ta...en ik fûn it petear mei Durk van der Ploeg yn'e LC net goed...wol skelle en raze op'e Fryske Literatuer...dy folle minder wêze soe as de Hollânske...Wat fynt Durk fan syn eigen Wurk??mar wol 25.000 euro yn it ponkje oannimme fan it Nederlands Letterenfonds foar it skriuwen fan wer in nije roman en dat hiel normaal fine, dat fernuveret my, en net in bytsje. Fotooke is út Berlyn...in tsjerke yn...hoe kin it ek oars Kreuzberg.

dinsdag 11 mei 2010

Fan alles en noch wat. Jaaaaaaaaaaa.


Fan'e moarn yn'e sportskoalle west en lekker switten ja...it wie mar wer wat tafallich...myn klûske...de locker, sa as se dat sizze hie it nûmer 33 en op de rinnende bân seach ik op de digitale reade siferkes by...666 en lies ik op de grutte byldbuis foar my dat de ien of oare " ferneamde"?in har tocht ik, ta de Kabbala kommen is of hoe hjit soks?Ik ha 1305 kalorieëns ferbaarnd en sa binne der noch mear siferkes. Moarn sil de krant hjir komme...der wurdt wer in fotooke makke foar de L.C. ik kom yn de rubryk Keunst yn útfiering...no ja...se meitjse in foto op myn atteljee dan sit ik by de skildersezel en steane der wat wurkjes op. Ik bin no dwaande mei in nije rige...alle kommende skilderijen gean oer Kaspar Hauser de wol ferneamde fûnling dy samar ynienen, like it wol, yn maaie 1828 tefoarskyn kaam yn Neurenberg. De skilderijen sille folle abstrakter wurde en eins allinne...no allinne....mar oer kleur te fertellen hawwe. Fierders wie...ja wie...myn selsportret sawat klear..mar juster...sa giet dat minsken...wie my wat net nei it sin...en dan feroarje je wat en noch wat...en ja hear...op lêst wie myn heale harsens al wer fuort...no ja...mar gau wer oan'e slach. De reis nei Dútslân wurdt noch hieltyd ferwurke. Noch mar efkes in pear fotookes. Totte kiekes meensen. Foto is fan sa'n heakje dêr't je je jas oan ophingje kinne op in...en ik ha se wer in soad sjoen fan binnen minsken...skythús. Mar it is fansels krekt in mantsje mei in grouwe noas.

maandag 10 mei 2010

Dikke Döner mar dan net Deun.




It is wat dêr yn Dútslân...oeral Döner Kebap tintsjes...miskien binne der noch minsken dy't net witte wat dat is...Döner?????????? it binne ferskriklik lekkere broadsjes mei fleis...ja dat wol...en in soad griente...reade koal en sa...en saus...dy smoarge broadsjes Shoarma dy'tst hjir altyd krijst ha dêr dus neat mei te krijen. Wy wienen dus yn Worpswede...Keunstkoloanje bekend fan û.o. Paula Modersohn-Becker...Otto Modersohn en Fritz Overbeck en Rainer Maria Rilke...dêr oer letter mear...mar derneist siet dus in Döner tinte net te leauwen...neat is hillich mear...fanút it kreambêd fan frou Paula sa tusken it Fladenbrot....PietaPita....Mar wat hawwe dy minsken hurd wurke...hûnderten fan skilderijen...earst wienen wy al nei Fischershude west...dêr is it museum fan Otto Modersohn te finen...ek in geweldige skilder...hiel bysûnder...benammen ek it lettere wurk dat hy dêr makke yn Fischershude. Te folle om hjir allegearre kwyt te kinnen. Fotookes. It palet fan Otto Modersohn. De foarkant fan it hûs fan Paula yn Worpswede...de efterkant in oanboude ferskrikking...in soart fan galery...en it broadsje Döner fan in Dönerboer dy't yn Drachten wurke hie en in freondinne...Cornelia Shoarma yn Snits hie. Wis wier...ik sis it jimme.

Kurfürst und Currywurst..Knilless de Deen en de dea fansels.






No minsken, we binne wer werom út Noard-Fryslân ( Denemarken sels) en we hawwe in soad sjoen...ik sil der letter ferslach fan dwaan mar earst mar ris wat fotookes.
En it lêste jûnsmiel fan Currywurst...Ich hab es nicht Currygewürzt.