donderdag 28 juli 2011

It is my wat...diel twa...it is my altiten wat soe ik wol sizze kinne.






It is fakânsje, mar wat is dat no eins? it hat my persoanlik nea wat sein...ja, ja minsken, foar in keunstner is it jimmeroan fakânsje...of net...altyd oan it wurk dus. Myn âldste dochter is hjir op it stuit mei har freon, se geane moarn fuort, rjochting it easten...Praach en dêrnei noch nei Wenen en Bratislava sels...en dan komt moarn oan it ein fan'e middei myn broer...jawis! Wat sil dat wurde? Hy moat al de hichtepunten fan Berlyn sjen of wurdt it in spultsje fan Bierlyn...nee minsken, we hâlde it fris...net by fris tink ik. Oan it wurk kom ik op it stuit net ta...hoewol...dat is net wier. Ik ha de titel fan myn dichtbondel feroare...of feroare...ferlingd sels. De kuierder treft de stjerren en it swarte gat. De bondel sil no begjinne mei ynswarte fersen dêr't net in soad ferlossing yn te ûntdekken wêze sil. Dy...en oare fersen komme lykwols net mear yn Ensafh. miskien dat der noch wat wurk yn de Moanne komme sil, mar ik tink it net...ach, ik bin der noch net út. Ik hie myn bondel al opstjoerd nei de útjouwer....Bornmeer...mar ik ha der lykwols gjin inkelde reaksje op hân...want minsken der is fan alles oan'e hân op it stuit yn Letterlân...sawol yn Frysk as Hollânsktalich Letterlân. Poëzije ferkeapet net...om it mar ris te sizzen: de útjouwers wurde der earm fan...mar wie dat net altyd sa? Ja, fansels...mar it koe measttiids opfongen wurde troch de ferkeap fan oare boeken út it fûns...ek dy tiiden binne foarby, sa liket it. Meardere bloggers ha der al wat oer skreaun. En wat wier is is wier...Fryske dichters trede gewoanwei nea op...ja, deselden. Se fine my ien fan'e bêste performers, sa as dat sa moai hjit...dat kin ik dan oefenje foar de spegel en dan hâldt it wol sa'n bytsje op. Meikoarten sil ik nammers my wurk opnimme en op ynternet pleatse fia myn webside...sa moat it dan mar. Dit hat neat mear mei SOER wêzen te krijen...hjir praat in dichter ...dy't gjin poadium hat...letterlik dus...ik wol wol nei de minsken ta...ta it ynternet dus...en porno meitsje mei Jezus en Mohammed deryn en hardershûnen en Eva bakt se Braun, Hitler en Doanald Duck..dan is de kâns grut dat der wat omtinken foar komt. Sa moat it tsjintwurdich...foar de fame...foar de foam...foar shit.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten