donderdag 28 juli 2011

It is my wat...diel twa...it is my altiten wat soe ik wol sizze kinne.






It is fakânsje, mar wat is dat no eins? it hat my persoanlik nea wat sein...ja, ja minsken, foar in keunstner is it jimmeroan fakânsje...of net...altyd oan it wurk dus. Myn âldste dochter is hjir op it stuit mei har freon, se geane moarn fuort, rjochting it easten...Praach en dêrnei noch nei Wenen en Bratislava sels...en dan komt moarn oan it ein fan'e middei myn broer...jawis! Wat sil dat wurde? Hy moat al de hichtepunten fan Berlyn sjen of wurdt it in spultsje fan Bierlyn...nee minsken, we hâlde it fris...net by fris tink ik. Oan it wurk kom ik op it stuit net ta...hoewol...dat is net wier. Ik ha de titel fan myn dichtbondel feroare...of feroare...ferlingd sels. De kuierder treft de stjerren en it swarte gat. De bondel sil no begjinne mei ynswarte fersen dêr't net in soad ferlossing yn te ûntdekken wêze sil. Dy...en oare fersen komme lykwols net mear yn Ensafh. miskien dat der noch wat wurk yn de Moanne komme sil, mar ik tink it net...ach, ik bin der noch net út. Ik hie myn bondel al opstjoerd nei de útjouwer....Bornmeer...mar ik ha der lykwols gjin inkelde reaksje op hân...want minsken der is fan alles oan'e hân op it stuit yn Letterlân...sawol yn Frysk as Hollânsktalich Letterlân. Poëzije ferkeapet net...om it mar ris te sizzen: de útjouwers wurde der earm fan...mar wie dat net altyd sa? Ja, fansels...mar it koe measttiids opfongen wurde troch de ferkeap fan oare boeken út it fûns...ek dy tiiden binne foarby, sa liket it. Meardere bloggers ha der al wat oer skreaun. En wat wier is is wier...Fryske dichters trede gewoanwei nea op...ja, deselden. Se fine my ien fan'e bêste performers, sa as dat sa moai hjit...dat kin ik dan oefenje foar de spegel en dan hâldt it wol sa'n bytsje op. Meikoarten sil ik nammers my wurk opnimme en op ynternet pleatse fia myn webside...sa moat it dan mar. Dit hat neat mear mei SOER wêzen te krijen...hjir praat in dichter ...dy't gjin poadium hat...letterlik dus...ik wol wol nei de minsken ta...ta it ynternet dus...en porno meitsje mei Jezus en Mohammed deryn en hardershûnen en Eva bakt se Braun, Hitler en Doanald Duck..dan is de kâns grut dat der wat omtinken foar komt. Sa moat it tsjintwurdich...foar de fame...foar de foam...foar shit.

woensdag 22 juni 2011

Lit tûzen Dútsers dûzelje. Laat duizend Duitsers duizelen.



Skype...it Skypen sels...nimt wol in soad fan'e iensumens fuort, moat ik sizze. Net dat ik no sa bot iensum en fertrietlik en allinne bin. It is myn eigen kar dat ik noch gjin tûzen Dútske freonen haw. Lit tûzen Dútsers dûzelje troch allinne al myn oanwêzigens...frij nei wat Kafka miskien seit hat...Allinne myn oanwêzigens al moat genôch wêze...of soks... In bloch skriuwe helpt ek, mar ik moat tajaan...dat ik in bytsje in loaikert bin...fyn ik sels...in oar sil sizze dat ik altyd oan it wurk bin...no dat is moai foar de mystifikaasje fan myn libben...hâlde sa. Der kin bêst noch in skepke op, de bealch der foar soe ik sizze. Der moat eat ta stân brocht wurde yn'e keunst...goed of min.Mar leaver...lekker neat dwaan...dolce far niente. Efkes wat oars...in soad ynformaasje kinne je tusken de rigels trochlêze, yn elts gefal kinne je der fragen by stelle en dan wat dreame by de antwurden. Fan'e moarn, foar't ik nei de sportskoalle gong, lies ik yn de Samle fersen fan Marina Tsvetajeva, útjouwerij van Oorschot, yn'e oantekenings efter yn it boek, dat yn'e lêste brief fan Rilke oan Tsvetajeva, hja hienen in blomkjende briefwikseling, Rilke it Russyske wurd foar ' nêst ', net mear koe. Dan tink ik, dat wurd wie hy op dat stuit efkes kwyt...dy brieven wienen nammers yn it Frânsk of Dútsk skreaun...mar hoe dan ek...wêr o wêr binne de wurdboeken by de grutte dichter Rilke...in dichter sûnder wurdboek...kin noch hieltyd wol in grut dichter wêze fansels...mar dat bedoel ik no net. Hy hie it ek freegje kind oan ien fan'e Russyske expats dy't by it soad yn Frankryk ompankoekten. No ja minsken, ik lul der efkes lekker op los...de loaikert sil wer oan it wurk. Oant sjen en totte kiekes.



Het Skypen...of Skype neemt wel iets van de eenzaamheid weg moet ik zeggen. Niet dat ik nu zo vreselijk eenzaam, zielig en alleen ben, ben je gek. Het is per slot mijn eigen keuze dat ik nog geen duizend Duitse vrienden om mij heen verzameld heb. Laat duizend Duitser duizelen door mijn aanwezigheid...vrij naar wat Kafka gezegd zou hebben...Alleen al mijn aanwezigheid moet genoeg zijn. Een blog schrijven helpt ook wel een beetje hoor maar ik moet toegeven dat ik ook wel een beetje een luilakje ben of word. Ik moet me echt tot iets zetten anders komt er niets tot stand. Werkelijk niet. Zalig niets doen...dolce far niente...wel lezen overigens. Maar even iets geheel anders...veel informatie kun je tussen de regels vandaan halen of in ieder geval kun je er vragen bij stellen en dan wat wegdromen bij de antwoorden. Vanmorgen voor ik naar de sportschool ging las ik in de Verzamelde gedichten van Marina Tsvetajeva, uitgeverij van Oorschot, in de aantekeningen achterin het boek opgenomen, dat in de laatste brief van Rilke aan Tsvetajeva, de beiden hadden een bloeiende briefwisseling, dat Rilke het Russische woord voor ' nest ', was vergeten. Ze correspondeerden overigens in het Frans of Duits. Maar waar is het woordenboek Russisch in dit geval...een groot dichter als Rilke...géén woordenboek..dat was zoek! Hij had het ook kunnen vragen aan een van de vele Russische expats waar je in Frankrijk over struikelde...nu ja, ik heb er even lekker op los geouwehoerd...ga nu weer aan de slag..de natuurlijke luilak verdrijven. Tot ziens Oant sjen en totte kiekes. Foto..stânbyld fan Heine neist de Humboldt universiteit. Standbeeld van Heine naast de Humboldt univeriteit.

dinsdag 21 juni 2011

Op Hein






Fan'e moarn waard ik wekker neist Gerrit Komrij, alteast syn tsjokke blomlêzing van ' De Nederlandse poëzie van de zeventiende en achtiende eeuw in 1000 en enige verzen ', dêr ik juster foar it sliepen noch yn lêzen hie...ik sloech it wer iepen en ja hear...pats...it fers ' Op Hein ', dat giet fan: Hein had zyn bed bekakt, niet langen tydt geleen,

Men vroeg hem na de rêen;

Hy sprak, die zal'k u zeggen,

Myn bed was al te hardt, ik wou wat zagter leggen.

Je fine wat it tichtst by jo stiet, sille we mar tinke...faaks wie it noch grappiger west en hie nei...Hy sprak ( bekakt )die...ensafh... kommen kinnen, mar dy siswize koenen se miskien doetiids noch net. It fers is fan'e dichter Lukas Schermer 1688-1711, de man is net âld wurden...je witte noait hoe't sa'n talint har ûntwikkele hie...mei keunstners is it al krekt as mei gewoane minsken, de iene wurdt âld, de oare net. Bin no oan it skilderjen...myn wurk giet it Berlyn wer in oare kant op...mar komt wol út'e ûntjouwing sels...tsjintwurdich hawwe je in soad keunsters dy't mar gewoan mei eat komme...dêr efkes mei foar it fuotljocht komme en wer fuort binne. Gjin wurk fan 20 jier ferlyn...wêr komt it wei...hokfoar idee sit der efter...nee hear..neat fan dat alles. No mar in bakje tee foar de keamerkeunstner...en ja hy rint noch hieltyd op sloffen.


Foto... Klassyk byld op in tombe. Dit stikje moatte se dochs ek wol sûnder oersetting lêze kinne...yn elts gefal ' Op Hein '', en dat is it belangrykste.

maandag 20 juni 2011

Moarn in nije start. Morgen een nieuwe start.




Sa as jimme allegearre net witte sil ik nei Warschau...ha in hoteltsje regele en ik soe dus in langer bloch skriuwe mar ik siet te hiele middei te pielen mei in printer...da's moai yn it Frysk PRINTERPIELE...falt yn'e oersetting wer fuort. No is it al wer fjouwer oere...sil noch skilderje...de geloksstofkes opdien yn'e sportskoalle fan'e moarn binne noch hieltyd net útwurke. Under it trainetink ik de hieltyd oan fan alles, ek skreau ik dan hiele epistels...sels fol polemyk...oer ferskate healwizen út'e Fryske literatuer...mar as ik dan klear bin bin ik allegearre wer kwyt en kin ik wer nei myn flatsje om struktureel oan it wurk te gean. Polemyske stikken...lês...lulferhalen fan frusto's kin ik eins net in soad mei...ik fyn it wol bêst...yn'e tiid dy't ik brûke moat om negatyf te wêzen hie ik ek al in aardich ein op streek wêze kinnen yn in skilderij of fers..no sa. En as hja wat fan my moatte en it stiet my net oan dan kinne se fuotfucked wurde troch myn dritsige modderfucking kuierskuon. Oant sjen en totte kiekes.


Zoals jullie allemaal niet zullen weten ga ik naar Warschau...ik heb een hotelletje geregeld en ik zou dus in langer blog schrijven mar ik zat de hele middag te kloten met een printer...dat is mooi in het Fries PRINTERPIELE ( piele is bezig zijn maar dan klooiend) dat valt in de vertaling weg...maar nu niet natuurlijk. Nu is het alweer vier uur...ik wil nog schilderen...de geluksstofjes zijn gelukkig nog niet uitgewerkt die ik eerder opdeed in de sportschool. Onder het trainen denk ik de hele tijd aan van alles, ook schrijf ik dan hele epistels...zelfs vol polemiek...over verschillende malloten in de Friese literatuur...maar ach, als ik dan klaar ben, ben ik het allemaal weer kwijt en kan ik weer naar mijn flatje, om struktureel aan het werk te gaan. Polemische stukken...lees...lulverhalen van frusto's kan ik eerlijk gezegd niet veel mee...ik vind het wel best...in de tijd die ik nodig ben om negatief te zijn, had ik ook al in aardig eind op weg kunnen zijn in een nieuw schilderij of gedicht. Als men wat van mij moet spreekt men mij aan en als het me niet aanstaat kunnen ze worden gevoetfucked door mijn modderfucking wandelschoen. Tot ziens en totte kiekes. Dat laatste is Leeuwarders...Leewaddes...en vooruit dan maar Liwwaddes. Zult U vaker tegenkomen. Foto. Bear siket Frou. Beer zoekt Vrouw...detail uit/út affiche/affysje...wrâldkampioenskip fuotbal foar froulju yn Berlyn...wereldkampioenschap voetbal voor vrouwen in Berlijn.

vrijdag 17 juni 2011

It is my wat!



No, it is noch net sa fier dat it iten út'e mûle besunige wurdt, mar it skeelt ek net alles. Wat wol fet yn'e bek leit is it tiidwurd besunigje sels...besunigje! ( it Mantra fan'e healwizen), op sawat alles wat dizze maatskippij bynt. De minsken wurde bang praat en wurde dêrtroch ynaktyf. Mar, hoe dan ek, we libje wol yn in tiid dat iderien elkoar mar wat nei papegaait...watte...!? dizze papegaai minsken hawwe wol gauris de papegaai sketten sels.It wurdt de hieltyd slimmer en minsken binne gauris net goed op'e hichte fan de feiten. Wat yn dit gefal ek ekstra dreech is: Wes mar ris op'e hichte fan alle feiten. En wat ek wier is, de measte keunstuteringsfoarmen ha neat op mei guon oare besunigingsposten. My sil je, yn elts gefal net gau de strjitte opkrije mei in spandoek dêr't op te lêzen falt: ' De krijgsmacht moet op volle sterkte blijven ', of sokssawat. De âlde wierheid: ' De mens lijdt het meest het lijden hij vreest', kin men wol wer tefoaren helje. We sille it wol sjen, ik tink wolris, miskien moat it earst mar sa fier komme of soe dat te fatalistysk wêze. De minsken dy't neat mei keunst ophawwe en dat binne der hiel wat, tinke dat alle keunstners, ek al kinne se har sels rêde, libje fan it jild út harren bûse. As je as keunstner of ynstelling al dan ris wat subsydzje krigen hawwe dan witte de Henkies en Ingrids of Piebes en Saapkes net wat je dêro allegearre foar dwaan moatte en dat je der gewoan belesting oer betelje moatte. As byldzjend keunster, yn myn gefal skilder, kin ik mysels fol rêde de kommende jierren, ( ek al ha ik hast gjin tentoanstellings mear en moat ik sawat hielendal oernij begjinne), materiaal ha ik genôch, opsparre yn tritich jier keunsterskip. Ik wit al hiel lang dat de minsken net op je sitte te wachtsjen dus moatte je der mei rekkenje, dat se je net kenne, neat fan je witte en je net begripe. Utsein miskien it lytse ploegje dat je yn'e rin fan'e jierren om je hinne samle hawwe en dat eins mear freonen binne. Der sille grif minsken wêze dy't tinke dat ik yn Berlyn sit mei in dikke ponge fan it ' Letterenfonds', no dat is net wier, alteast it is net in dikke ponge, hie ik net in bufferke hân en net hjirre wat fertsjinne dan hie it net kind hear. Hoe't it no komme sil mei myn nije bondel..gjin flau idee...ek as Gysbert Japicx en Margaretha de Heer priis winner binne je gewoan it selde as iderien en dat fyn ik prima mar dat guon figuren je nei 30 jier yn'e keunst net mei in bytsje respekt behannelje of net iens op'e gedachte komme om je earne foar te freegjen dat fyn ik soer, mar dat mei je dan wer net wêze en moat je ek net wurde, dat is wier. Dus ik fyn it wol en net bêst mar gean troch, wat moatte je oars no? Moarn tink ik der faaks wer oars oer...en as we mar net besunigje op leafde en gelok, dat liket my folle better. Hjoed sil ik nei in Poëzije barren hjir yn Berlyn...netwurkje miskien, we sille ris sjen wat it opsmite sil. Foto: Mien pappe sei altieten...'Su langst der noggen dikke hasse útdraaiste idder niks anne han ', en su is ut fansellefs...mar su fer as hier oppe foto mut ut oek niet komme...slape oppen bankje...okee, mar dan wel oppen heule stapel en mien bedsje lekker binne. Oant sjen en totte kiekes.

zaterdag 30 april 2011

Alles is hjir krekt in bytsje oars as oars.











Dútslân...Berlyn alles is hjir krekt in bytsje oars as thús. Dat sjogge jo al oan'e reklamekrantsjes dy't je yn'e postbus krije. Juster ek wer ien fan'e NETTO, ek in supermerk...der sitte der twa fan yn myn buert...in lytsere yn it winkelsintrum en in gruttere in bytsje fierderop yn'e Sewanstrasse. Foarop sjogge we dat de LÄTTA...kenne wy dat noch wol?...halvarine mar 0.79 eurosint is ynstee fan 1.29...der helje ik mar twa bakjes dan....Dútsers binne echte bûter en benammen margarine fretters...jimme kenne dat wol...it guod sit der sa dik opsmarre dat je de toskleasten sjen kinne. Bûter mei ik ek ferrekte graach mar....ja...dan kinst aanst net mear sjen oft ik no stean of lis yn bêd. Mar it gekke is dat by de LIDL en ALDI, net sa as by ús der goedkeape eigenmerk halvarine ferkocht wurdt...dus perfoarst gjin 39 sint of soks. Mar dêr woe ik it net oer hawwe...nee der stie wat oars yn....da ha ik noch nea sjoen yn Nederlân....se biede Grabdekorationen oan....Grêfdekoraasjes fanôf 3.99..ferskate hichten en ûntwerpen...27 sm heech. No ja sis!!! Ingels en krusen mei teksten.. as. Der Glaube gibt uns Kraft...Im stillen Gedanken....Ich vermisse Dich....! By in supermerk...en ik wit ek wol..wêrom net eins? De dea is in wichtich ûnderdiel fan it libben...mar dochs. Meikoarten...trije ingels helje..twa betelje.


Juster...efkes wat oars....in lange kuiertocht makke rjochting de binnenstêd...in pear ekspo's besjoen en socht nei de bearen by it Märkisches Museum en ferdomd it plak fûn dêr't de bearen tahâlde allinne se wienen net te sjen...dus ik moat der nochris of miskien wol in pear kear hinne om de bisten te sjen. It is hjir hjoed ek 1 maaie fansels...allinne yn Berlyn betsjut dat dat der in hiel soad plysje yn'e stêd oanwêzich is...1 maaie rint hjir hast altiten út op reboelje en rellen..benammen yn Kreuzberg...dêr sil ik dus net bywêze...hjoed skilderje en de boel ris wat opromje. Hjir twa fotookes fan'e Bärenzwinger am Köllnischen Park.

woensdag 27 april 2011

Ja minsken ik libje noch. Ja mensen ik leef nog.










Hjir dan wer ris in nij blochke...it is ek wol wat hear. Dat jimme neat fia dit kanaal fan my hearre komt troch de oare skriuwerij en filmkesboarterij..dêr giet in soad tiid yn sitten. Ik bin ek net sa gau tefreden. By de filmkes meitsje ik wolris in flaterke...dan bin ik lilk op mysels...lêst hie ik it hieltiid mar oer in seine en ik bedoelde in sichte..je kinne der wol itselde mei mar it is net itselde..dus ek net by de kommunisten. Hammer en sichte dus. Der sille grif minsken wêze dy't my folgje op facebook en dy tinke dat ik allinne mar taartsjes fret en alle buffetten ôfrin, dy't je fine kinne yn Berlyn. Dy ha gelyk...as it heal kin bin ik der by hear. Mar ik sit ek in soad yn it fitness zentrum...de sportskoalle dus...Körperkultur...ik wol der útsjen as in jonge God...ja...we wolle allegearre wol wat...mar goed...wêr hie ik it oer? Okkerdeis siet ik by in buffet yn in restaurant yn in hotel hjir oan'e Treskowallee...grappich...it hotel hjt Thang Long of Ling dêr wol ik fan ôfwêze, der sit ek noch in massaazje en skientme?salon by...soks fyn ik moai. En lekker iten...benammen de bakte huningbanaan is njammie! Op tafel lizze of steane der wol gauris bierfiltsjes...hjir hiene se filtsjes fan Köstritzer bier...nea fan heart mar soit. Nee, wat der op'e efterkant fan it filtsje stie...dat wie nuver...je koenen der wat bestelle...alteast ik tink dat it in soart fan ynternetwinkel foarstelle moast...wat seach ik? Wandspiegel ' Goethe '.....in grutte spegel mei derop it tige ferneamde portret dat Johann Heinrich Wilhem Tischbein fan de dichter makke hat. Goethe lizzend..hoed op yn in Italiaansk lânskip...sykje it mar efkes op. Sa'n spegel liket my sa idioat dat ik him wol hawwe wol...allinne ophingje wurdt in probleem...boare yn de dikke betonnen plattenbau-muorren is noch net sa ienfâldich. It liket my al wat...alle moarns skeare en dan mar wat mei Goethe prate. Dy Tischbein hat trouwens noch mear hiel moaie dingen makke...skjitterende reissketsen en sa mear. Fan'e moarn wie ik yn'e sportskoalle en ik ha wer as in gek switten...ûndertusken ha ik al it smoarge guod yn'e wask dien...ik ha de wask eins yn bad dien...dêr leit se no noch...aanst goed útspiele en dan ophingje...sa moat it dochs...oant no ta...kin it allegearre noch wol mei de hân...ik bin it wend...ik doch hjir alles mei de hân. Op it stuit lês ik it boek Congo fan David van Reybrouck...dat lêst as in trein...it hâldt je yn'e besnijing...mar wêrom dat Frânsk no net efkes oersetten? Dútsers dogge dat altyd wol...no is it ek wer net sa'n spultsje dat Congo...der Zauberberg is...dêr komme hiele siden Frânske petearen yn foar...mar efteryn...de oersetting...no koe ik dit Frânsk noch wol lêze...ik ha. it idee dat it mear brûkt wurdt foar....de Couleur Locale...asjeblieft....mar ik hâld der net sa fan... Ik bin ek lekker oan it skilderjen..it giet in hiel bysûndere kant op. Dat komt wol goed...ik soe allinne wer ris in goede tentoanstelling hawwe moatte...ik bin wat út byld. Mar ek dat fyn ik gjin beswier...ha ik wol faker meimakke...mar plaatsjes meitsje sil ik nea...it moat oer skilderkeunst gean...dat sil altyd foar op stean by my....ek al sjocht in oar it net...en al hinget it der wol. No oant sjen en totte kiekes...en in pear fotookes fansels. Dizze fisken kinne je fange yn'e Tegeler See...se moatte der swimme. En ek de Dútsers kinne der in soadsje fan meitsje yn'e frije natuer...der moatte noch hiel wat Grünen foarbykomme.

dinsdag 22 februari 2011

Merkwaardig bosfilmpje.

Tijdens mijn wandeling naar Köpenick maakte ik een merkwaardig filmpje in het bos. Spannend en Romantisch in de ware zin van het woord.

Eindelijk een nieuw blog. Einlings in nij bloch!


De grote verhalen komen er aan hoor mensen...maar ik wil vandaag eerst en vooral wat foto's laten zien. Dat begripe jimme wol tink ik? Of lêze jimme gjin Frysk, dat kin ek fansels. No, dan mar fluch leare want it stiet tichter by it Nederlânsk as it Limburgsk. Sei myn dochter okkerdeis...en dy kin it witte...dy is dosinte Nederlânsk...Ach, ik en zal U niet langer plagen...hier beeldmateriaal. De foto is gemaakt in de tuin van iemand die ik van vroeger ken uit Potsdam, daar vertel ik een volgende keer over. De foto ziet er tamelijk Caspar David Friedrichiaans uit...komt hier toch niet voor niets uit de buurt...tocht ik!