vrijdag 17 juni 2011

It is my wat!



No, it is noch net sa fier dat it iten út'e mûle besunige wurdt, mar it skeelt ek net alles. Wat wol fet yn'e bek leit is it tiidwurd besunigje sels...besunigje! ( it Mantra fan'e healwizen), op sawat alles wat dizze maatskippij bynt. De minsken wurde bang praat en wurde dêrtroch ynaktyf. Mar, hoe dan ek, we libje wol yn in tiid dat iderien elkoar mar wat nei papegaait...watte...!? dizze papegaai minsken hawwe wol gauris de papegaai sketten sels.It wurdt de hieltyd slimmer en minsken binne gauris net goed op'e hichte fan de feiten. Wat yn dit gefal ek ekstra dreech is: Wes mar ris op'e hichte fan alle feiten. En wat ek wier is, de measte keunstuteringsfoarmen ha neat op mei guon oare besunigingsposten. My sil je, yn elts gefal net gau de strjitte opkrije mei in spandoek dêr't op te lêzen falt: ' De krijgsmacht moet op volle sterkte blijven ', of sokssawat. De âlde wierheid: ' De mens lijdt het meest het lijden hij vreest', kin men wol wer tefoaren helje. We sille it wol sjen, ik tink wolris, miskien moat it earst mar sa fier komme of soe dat te fatalistysk wêze. De minsken dy't neat mei keunst ophawwe en dat binne der hiel wat, tinke dat alle keunstners, ek al kinne se har sels rêde, libje fan it jild út harren bûse. As je as keunstner of ynstelling al dan ris wat subsydzje krigen hawwe dan witte de Henkies en Ingrids of Piebes en Saapkes net wat je dêro allegearre foar dwaan moatte en dat je der gewoan belesting oer betelje moatte. As byldzjend keunster, yn myn gefal skilder, kin ik mysels fol rêde de kommende jierren, ( ek al ha ik hast gjin tentoanstellings mear en moat ik sawat hielendal oernij begjinne), materiaal ha ik genôch, opsparre yn tritich jier keunsterskip. Ik wit al hiel lang dat de minsken net op je sitte te wachtsjen dus moatte je der mei rekkenje, dat se je net kenne, neat fan je witte en je net begripe. Utsein miskien it lytse ploegje dat je yn'e rin fan'e jierren om je hinne samle hawwe en dat eins mear freonen binne. Der sille grif minsken wêze dy't tinke dat ik yn Berlyn sit mei in dikke ponge fan it ' Letterenfonds', no dat is net wier, alteast it is net in dikke ponge, hie ik net in bufferke hân en net hjirre wat fertsjinne dan hie it net kind hear. Hoe't it no komme sil mei myn nije bondel..gjin flau idee...ek as Gysbert Japicx en Margaretha de Heer priis winner binne je gewoan it selde as iderien en dat fyn ik prima mar dat guon figuren je nei 30 jier yn'e keunst net mei in bytsje respekt behannelje of net iens op'e gedachte komme om je earne foar te freegjen dat fyn ik soer, mar dat mei je dan wer net wêze en moat je ek net wurde, dat is wier. Dus ik fyn it wol en net bêst mar gean troch, wat moatte je oars no? Moarn tink ik der faaks wer oars oer...en as we mar net besunigje op leafde en gelok, dat liket my folle better. Hjoed sil ik nei in Poëzije barren hjir yn Berlyn...netwurkje miskien, we sille ris sjen wat it opsmite sil. Foto: Mien pappe sei altieten...'Su langst der noggen dikke hasse útdraaiste idder niks anne han ', en su is ut fansellefs...mar su fer as hier oppe foto mut ut oek niet komme...slape oppen bankje...okee, mar dan wel oppen heule stapel en mien bedsje lekker binne. Oant sjen en totte kiekes.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten