maandag 27 juli 2009
Ate doad.
Nou lees ik krekt dat Ate Atema overleden is...autohannelaar en autospuiter, ik konnem wel...fanút ut Oranje Bierhús fannen jaar of fieftien leden...daar sattie wel gau es op maandagavond...ik fon dattie as tweu druppels water op André Breton leek...de sellefbenoëmde kopman fannet Surrealisme...grapke fan mij tussendeur....Nederlan het maar één echte Suur realist had en dat wadde Paul Citroën...mar goëd...oppen stuit sag ik Ate nooit meer...bleek dattie kanker hadde...dat sal 1998...1999 weest hewwe. Ik saggem nogges inne LIDL en bije ALDI...niks meer over fan sien machteg bos golvend swart haar...miskien idder nog un kreaze foato fanne goeie man...kenne jimme de geliekenis nogges kieke. Nou goeie Ate!
Ut is wat allemaal.
A goeie meensen, eventsjes fut weest...oprúme...oprêde...wat un soad stof, ik wurd der gek fan...en al dat snot...waar komt ut fut...én niese...hahahahatsjoe.........splash...der leit oek nog heultied troep fanne kienders, jimme kanne dat wel....se súden ut ophale...mar ut blieft mar lêgen...mar nou hew ik der genoeg fan...alles gaat fut...grieze bakkens fol met soai. Feddes hew ik best un goëd humeur hoor en sal jimme niet tefeul lasteg falle met allerhanne klachtens en gebrekjes...hahahahatsjoe......Langsamerhan komme we der wel. Fannemorren al seuven doazens scoard bije Super de Boer, waarfan fier benanedoas..die binne ut sterkste. Nou ik hou jimme oppe hoogte fan alles en nog wat. Fan'e wike moat ik nei Grins optrede by ' Dichters in de Prinsentuin', www.dichtersindeprinsentuin.nl..dêr stiet alles op...sit der twa dagen...woansdei en tongersdei..se hawwe in hoteltsje regele...foar it earst fan myn libben yn in hotel yn Grins...oars wie myn hotel Van der Wal of it parkearplak by him foar. Ik hâld jimme op'e hichte...meensen totte kiekes! Hjir noch in foto fan in byld fan'e dichter Heinrich Heine yn Hamburg...dêr't je gek genôch net sa maklik Döner Kebaptinten fine kinne as yn oare Dútske plakken...en se binne lekker dy broadsjes...hmmm.
dinsdag 21 juli 2009
Hurde wyn yn Novgorod.
vrijdag 17 juli 2009
Mear affysjes.
donderdag 16 juli 2009
Mark Rothko.
Madonna
woensdag 15 juli 2009
Kuifje yn Amearika. Tûfke op Skylge?
Russyske fersen en de dea.
De earme man hat himelsk moaie muzyk makke. De opera Yevgeni Onegin...nei Poesjkin ja....is fan in ûnbedoarne skientme dy't net fan dizze ierde is.
maandag 13 juli 2009
Gjin byld mar in bêd of what ever.
sinjalearre dit fenomeen al ris. Dit is it bêd fan in oar sjeny...Tsjaikovsky ( 1840-1893 )...yn dit hûs wenne hy it lêste jier fan syn libben, it leit yn it plak Klin, 85 km fan Moskou...hy skreau hjir û.o. de Nutekreaker. Sjoch ek de kessentsjes...is it net in leaf steapeltsje?
Poesjkin of Pushkin, that's the question.
zondag 12 juli 2009
Repin.
De dea is rûnombywêzich.
Juster is Simon Vinkenoog ferstoarn. De dea hâldt stil foar elkenien..dat is wol wer dúdlik, ik hoopje dat ik hjoed noch efkes mei kin..hwent myn bondel is sawat klear. Noch in pear dinkjes op'e nij skriuwe en dan fan'e wike fuoart mei de hannel. Hjir it grêf fan in held fan'e revolúsje...de Russyske fansels.
donderdag 9 juli 2009
Lekker teedrinke út'e Samovar.
Dostojevski.
Sergej Eisenstein.
Andrej Rublev.
Myn bondel ha ik hjoed gearstald no noch yn ien map sette en dan opstjoere nei Louw D. en spivs.
It is yn'e buert fan it Soezdal. Ik sil ek noch útein sette mei in hiel nusje Russyske fersen mar dat is foar...meikoarten...foar Ensafh. ensafh. Meensen totte kiekes. Noch efkes oer de stegers...in soad Russyske tsjerken en kleasters wurde opknappe om't de nije riken jild jouwe foar de needsaaklike ferbouwings. Dat sil no, yn tiiden fan kredytkrisis grif wer ophâlde.
woensdag 8 juli 2009
Gister is niet fandaag.
Feul sakens op sun blog mut ik nog lere, bef. ut feranneren fanne tied bovene stukjes...ik krij ut niet foormekaar...dat stukje nameleks fan Miró is op wúnsdag skreven...fandaag dus...mar op één of annere menier is ut bij gisteren beland. Ut sal mij benije of dat nou weer gebeurt met dit kleine stukje...dat ik eileks eventsjes ter proef skrief. Wat niet belet om te fertellen dat ik su krekt bije bakker weest hew. Lekker fers broad is toch wel heul lekker mut ik sêge..mar niet te betalen...gemiddeld tweu euro foor un broad...Hollaans geld su as mien skoanfader dat nog sei in 2002 en 2003 wel fl. 4,40. Ach inflasie alles is duurder...dat is wel su mar as ik wat meer frage sú foor mien skilderijens ferkoop ik niks meer...an annere kan...ut maakt niks út op dit stuit...want ik ferkoop nou oek niks dus. Tweu keer niks blieft...júst. Mar ut plesier wat je der fan hewwe...fannet maken is gelukkeg niet ferannerd. Ik fraag un werkbeurs an bij ut Fôns fanne Letterens én oek nog één bij ut Fôns fore Beeldende Kûnstens in Amsterdam...beide dus in Amsterdam...daar mutte je weze fore sentens en metten taksi derhene om se op te halen, as se dan un stukje omriede bist se geliek weer kwiet. Nou meensen totte kiekes.
dinsdag 7 juli 2009
Nuvere Miró.
Juster hie ik it oer Gaudi, hjoed oer Miró, net oer de Miro want dy hawwe wy hjirre, dat is in soart fan giga Albert Heijn. Ik ha in foto makke yn it Museu Nacional Arte Catalunya, dêr steane plankjes op, heraldyske plaatsjes, soksawat en de linker boppeste hat tekentsjes dy't sa fuortrûn lykje út in skilderij fan Miró. Tafal? Sjoch de bloch...sjoch de bloch fan juster. Oant asens minsken dan komt der mear. Earst ta myn dichtwurk.
Nuvere Gaudi.
No de boel opromje. En mei myn dichtbondel oan'e gong. Totte kiekes.
maandag 6 juli 2009
Oerol jild.
Efkes oer dat jild fan juster. No krij ik earst de helte...gfd...en dan as de VAR der is de rêst...sa wurket dat dus minsken...want ja se krije altyd kontrôle...jajaja...krekt by my fansels. No goed ik lis my der mar by del...gjin kâlde drokt oan'e holle. Nou totte kiekes meensen. Noch mar in rosbyffoto om sjen te litten wat ik der allegear fan fyn. De hoeke is in bytsje Munch wurden, alteast der is in skilderij fan him wêr't ien sa op stiet. Sûnder de rosbyf dus.
Dat wol.
Nuvere Wolk.
zondag 5 juli 2009
Altyd wer dat gedoch!
Ja en dan komme jo thús nei in prachtige geweldige dei by Piter en Jeltsje yn Wiuwert en ja hear dan fine jo in mislikmeitsjende brief fan'e Omrop...freonlik groetsjend dat wol...oer in VAR ferklearring...in Variabele Arbeids Relatie..sa as dat sa moai hjit. It betsjut dus gewoan dat je bûten je by de Belêstingtsjinst bekende aktiviteiten noch oare nevenaktiviteiten hawwe...yn gewoane taal...ik bin keunstner of ZZP'er mar ik wurkje ek noch as gek op'e radio en dêr moat dus dan wer autorisearre tastimming foar komme. No kinne je dy formulierens downloade en ynfolje mar dan duorret it lykwols noch wol in wike of seis foar je dy dan wer yn hûs hawwe en foar je dan je sinten hawwe no sa. Ik sil se moarn belje...de Omrop.. en as it dan perfoarst moat dan stjoer ik dat formulier wol yn mar lit se dan earst myn jild stoarte...ik kin it wis wier net misse op it stuit en ik ha der myn abslute stjonkende bêst foar dien, dy wike op Oerol. Mar dit wurdt gjin lyksang hear...sa as ik krekt sei it wie juster in ' Giornata Particulara ', mar 18 km bûten de stêd, dy my sa no en dan oanfleant, yn it Paradys. Ik moat faker fuort, en dan net nei de kroech of sa, nee nei bûten, it lânlibben ropt. We ha lekker iten by Piter en Jeltsje...en we hawwe ek noch in blomkoal en ierappels fan eigen tún meikrigen...sille we moarn lekker opite. Op'e reis werom ha we noch efkes stoppe by Tsjerkebuorren, in grutte skande wat se dêr útfrette, se bouwe in urn-muorre op it hôf...in ferskrikking...sa'n tsjerkerie is it gewoanwei yn'e plasse slein. As befolking soe ik it net pikke en by need mei geweld, dat moat dan mar, de muorre ôfbrekke. It is skande. Nou meensen totte kiekes. Dochs noch mar in moaie foto earne yn'e Catalaanske bosk.
zaterdag 4 juli 2009
Ferhuzerij
Gisteren un enorreme ferhuzing had fan Cor Knilles van der Wal...su klinkt ut asof ie fan adel is en dat skeelt oek niet feul mut ik sêge want hij sitter koneklek su mooi hettie nog nooit woand en ik kennet weute want ik woande oek altieten bijem nou ja su nou en dan. Mar wat hewwe we switten om niet te sêgen bealegd...ik must al mien toch niet geringe krachtens bijsette...mar ik hew asma en de fochteghied inne lucht is foor un normaal meens al niet te harden laat staan foor mien arme longkjes...Longkjes Ajam liekt wel un Indisch gerecht...mar ik bedoël fansellefs gewoan kiepebusje.
Asens salle we eventsjes...nou eventsjes...naar Wiuwert...daar wurd ik bijsetten fannemiddag...oppet fietske derhene en terug dus niet...neu we gane naar Piter B en sien frou Jeltsje..wurdt fast leuk...efkes byprate ja dat wurdt dan yn it Frysk...Piter kin gjin Ljouwertsk...hy wurdearret it wol hear! no dan samar op it fytske en mar hoopje dat ik...en Inge en Nynke...ús bernehûntsje gjin dikke bui op'e bealch krije sille. Mar dat it waar in bytsje is as hjir op dizze foto dy't ik makke ha yn Spanje, no ja Catalunya dan...wêr? oan'e Costa Brava fansels...dit is tusken Blanes en it Sodom en Gonorroe...Lloret de Mar wêr't je hiele iensume strântsjes fine kinne. Nou meensen totte kiekes.
Abonneren op:
Posts (Atom)