zondag 5 juli 2009

Altyd wer dat gedoch!


Ja en dan komme jo thús nei in prachtige geweldige dei by Piter en Jeltsje yn Wiuwert en ja hear dan fine jo in mislikmeitsjende brief fan'e Omrop...freonlik groetsjend dat wol...oer in VAR ferklearring...in Variabele Arbeids Relatie..sa as dat sa moai hjit. It betsjut dus gewoan dat je bûten je by de Belêstingtsjinst bekende aktiviteiten noch oare nevenaktiviteiten hawwe...yn gewoane taal...ik bin keunstner of ZZP'er mar ik wurkje ek noch as gek op'e radio en dêr moat dus dan wer autorisearre tastimming foar komme. No kinne je dy formulierens downloade en ynfolje mar dan duorret it lykwols noch wol in wike of seis foar je dy dan wer yn hûs hawwe en foar je dan je sinten hawwe no sa. Ik sil se moarn belje...de Omrop.. en as it dan perfoarst moat dan stjoer ik dat formulier wol yn mar lit se dan earst myn jild stoarte...ik kin it wis wier net misse op it stuit en ik ha der myn abslute stjonkende bêst foar dien, dy wike op Oerol. Mar dit wurdt gjin lyksang hear...sa as ik krekt sei it wie juster in ' Giornata Particulara ', mar 18 km bûten de stêd, dy my sa no en dan oanfleant, yn it Paradys. Ik moat faker fuort, en dan net nei de kroech of sa, nee nei bûten, it lânlibben ropt. We ha lekker iten by Piter en Jeltsje...en we hawwe ek noch in blomkoal en ierappels fan eigen tún meikrigen...sille we moarn lekker opite. Op'e reis werom ha we noch efkes stoppe by Tsjerkebuorren, in grutte skande wat se dêr útfrette, se bouwe in urn-muorre op it hôf...in ferskrikking...sa'n tsjerkerie is it gewoanwei yn'e plasse slein. As befolking soe ik it net pikke en by need mei geweld, dat moat dan mar, de muorre ôfbrekke. It is skande. Nou meensen totte kiekes. Dochs noch mar in moaie foto earne yn'e Catalaanske bosk.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten