maandag 13 juli 2009

Poesjkin of Pushkin, that's the question.

Hjir hawwe we dan de meast ferneamde Russyske dichter. ( 1799-1837 ). Aleksandr Poesjkin ferstoarn nei dat hy slim ferwûn rekke wie yn in duel mei de Frânske diplomaat Georges d'Anthès. It duel gyng om...fansels...in frou...de frou fan Poesjkin. Yevgeni Onegin...in roman yn fersen...is miskien wol it meast bekend...ek dêr in duel...de haadpersoan fermoardet syn bêste freon en is fierders ek net echt gelokkich...sa giet dat yn Ruslân...ik soe sizze...alle reden en gryp nei de vodka...it sterke wetterke. Dit stânbyld stiet yn in parkje yn Moskou...de foto is naam ein april 2008...we kinne sels wat tulpkes ûntdekke.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten