donderdag 9 juli 2009

Andrej Rublev.


Dit tsjerkje stiet yn...ja minsken Ruslân...ferline jier ha wy in grutte reis makke dy kanten op. Dizze tsjerke komt ek foar yn'e film Andrej Rublev fan de ferneamde filmmakker Tarkovski.
Myn bondel ha ik hjoed gearstald no noch yn ien map sette en dan opstjoere nei Louw D. en spivs.
It is yn'e buert fan it Soezdal. Ik sil ek noch útein sette mei in hiel nusje Russyske fersen mar dat is foar...meikoarten...foar Ensafh. ensafh. Meensen totte kiekes. Noch efkes oer de stegers...in soad Russyske tsjerken en kleasters wurde opknappe om't de nije riken jild jouwe foar de needsaaklike ferbouwings. Dat sil no, yn tiiden fan kredytkrisis grif wer ophâlde.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten