vrijdag 12 juni 2009

Allemaal theater. Allegearre teater kluchten en merakels.

Ik sil flink los op Skylge...no wat is dêr dan...witte jimme dat noch net! It Oerol festival fansels...en ik sil dêr hinne...jimme Kuifje...Tûfke...op it eilân fanne teater kannibalens...ja hear dy s moat ek mar yn it Frysk wat mear yntrodusearre wurde. Ik kom foar de radio en sil ek filmkes meitsje...te besjen op it ynternet as it goed is. Ik ha de maskers dy't ik haw opsocht en ik sil it mom foardwaan en fan my ôfsmite...sa is dat...ik sil ek stikelich wurde en in soad typkes ynfiere. No jimme moatte de hiele takommende wike mar harkje nei Omrop Fryslân. Ik sil dan om healwei fjouweren live te hearren wêze en earder al tuskentroch mei Grouwe Douwe..it kin ek wêze dat hy net mear sa grou is...dat wit ik net...Dit is Douwe Heeringa dus. De útstjoering fan'e omrop begjint lykwols om healwei twaen. Ik sil noch mear fan my hearre litte.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten