zondag 14 juni 2009

Oerol thús...Odol krús.

Jodeloerol...aanst gean ik fuort...wurd ophelle mei de wein...ik moat mar ris sjen oft ik it bloch wat byhâlde kin neist alle oare saken dy't ik dêr dwaan moat.It sil my benije. Under it twangjok fan prestaasje bin ik oer it generaal wol op myn bêst...nou nou nou Feddema...wat wol ik eins? Haw in soad opskreaun...typkes dy't deistich foarby komme ensafuorthinne. Petearkes mei fingearre persoanen...besprekken fan teater foarstellings dy't der net binne...No soks...it mut ek in wille wike wurde...trije W's...oft ik echte live foarstellings sjen sil hinget der noch fan ôf...altyd wol ien of sa...minsken fan'e Omrop kinne ek net sa mar in en útrinne ha ik begrepen...dy moatte ek betelje...en jild ha ik no júst net op it stuit...ja...28 jier keunster en noch net frij fan soargen. Wat in gelul no...mar it is wol wier...stoart no in bedrach fan...op giro rekken nûmer...meitsje myn ferbliuw op it eilân ta in hichtepunt yn myn libben...heger as in dún...no ik sil der wat fan meitsje freonen...nou meensen totte kiekes.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten